Springe nei ynhâld

Latécoère 300

Ut Wikipedy
Latécoère 300


Rol Postfleantúch, bommesmiter
Makker Groep Latécoère
Earste flecht 17 desimber 1931
Yn tsjinst Oktober 1932
Ut tsjinst 1937
Tal makke 7 (oant 1936)
Brûkers Air France, Frânske marine

De Latécoère 300 wie in rige boarger- en militêre fleanboaten. Sy waarden makke troch de Frânske fleanmasinefabrikant Latécoère yn de jierren '30 fan de 20e iuw. De earste Latécoère 300 fleach yn 1931 en rekke te sink yn itselde jier. It tastel waard fannijs boud en fleach wer yn 1932, it krige de namme Croix du Sud ('Suderkrús'). De 300 wie in iendekker mei parasolfleugels. It tastel waard oandreaun troch fjouwer motoaren fan 650 hk it stik, (mei twa lûk- en twa triuwpropellers). Mei de 300 waard in ynternasjonaal fleanrekord foar fleanboaten set op 31 desimber 1933; der waard 3.697 km non-stop flein tusken de mar Berre ûnder Marseille en Saint-Louis yn Senegal. It tastel kaam as postfleanmasine yn tsjinst fan Air France en brocht post oer de Atlantyske Oseaan fan Dakar yn Senegal nei Natal yn Brazylje. It tastel fleach 23 misjes eardat it op 7 desimber 1936 boppe see ferlern gie. De piloat wie doe de ferneamde Frânske fleander Jean Mermoz.

De ferbettere boargerferzje Laté 301 en de militêre ferzje Laté 302 wienen basearre op de 300. Totaal waarden trije fan beide ferzjes makke tusken 1935 en 1936. De earste 301 gie ferlern, de oare twa waarden brûkt yn de posttsjinst oer de Súd-Atlantyske Oseaan oant 1939. De lêste 301 waard útrisd foar militêr gebrûk yn 1939 en waard mei de 302s yn West-Afrika brûkt foar patrûljewurk.

Oarspronklik hie de Laté 302 930-hk motoaren en koe sy 300 kg bommen meinimme. It tastel hie in bemanning fan fjouwer en foarsjennings om te sliepen. Branje en lading sieten yn de romp. De 302s en de oanpaste 301 tsjinnen noch by it begjin fan de Twadde Wrâldkriich en waarden brûkt foar patrûljeflechten út Dakar wei oant sy ein 1941 op de grûn bleaunen fanwege krapte oan reservematerialen.

De fleanboat Croix-du-Sud fan kaptein Bonnot, op 1 septimber 1934 yn Natal
Laté 300
Postfleanmasine mei Hispano-Suiza 12Nbr motoaren, ien fan boud.
Laté 301
Postfleanmasine mei Hispano-Suiza 12Nbr motoaren, trije fan boud.
Laté 302
Marine ferkenningsfleanmasine mei Hispano-Suiza 12Ydrs motoaren, trije fan boud.

Spesifikaasjes (Laté 302)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

[1]

  • Bemanning: 8
  • Lingte: 26.16 m
  • Spanwiidte: 44.01 m
  • Hichte: 7.98 m
  • Fleugeloerflak: 258 m²
  • Gewicht leech: 14.340 kg
  • Gewicht maks. laden: 24.050 kg
  • Motor: 4 Hispano-Suiza 12Ydrs2, V-12, wetterkuolle fan 930 hk (694 kW) it stik
  • Topfaasje: 240 km/o op 2000 m. (6.560 ft)
  • Krúsfaasje: 185 km/o
  • Maks. fleanberik: 3.300 km
  • Maks. plafond: 5.000 m
  • Belêsting oerflak: 93.2 kg/m²
  • Fleantiid maks.: 20 oeren by 150 km/o
  • Klimfaasje nei 2.000 m: 12.5 min
  • Bewapening:
    • Masinegewearen: 1 7.5x54 mm (0.3 in) Darnemasinegewear yn de boech, 2 masinegew. yn de romp
    • Bommen: 4 x 75 kg bommen

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. William Green, Warplanes of the Second World War, diel fiif, Flying Boats; 1968 Macdonald, Londen, sd. 22–24. isbn= 356 01449 5