Leonhard Euler
Leonhard Euler (Bazel, 15 april 1707 – Sint-Petersburch, 18 septimber 1783) wie in Switserske wiskundige en natuerkundige dy't it grutste part fan syn libben tahâlde yn Ruslân en Dútslân. Hy wurdt algemien beskôge as de wichtichste wiskundige fan de 18e iuw en as ien fan de wichtichste fan alle tiden. Boppedat wie hy de meast produktive wiskundige ea: syn samle wurk beslaat sa'n santich dielen.
Euler ûntwikkele in soad nije konsepten en hat in soad bydroegen oan de moderne wiskundige notaasje; de symboalen i, e en π foar respektyfik de imazjinêre ienheid, it grûntal fan de natuerlike logaritme en de ferhâlding tusken omtrek en middelline fan de sirkel, binne troch him betocht. Ek de hjoeddeiske nammen fan bygelyks de goniometryske funksjes sinus, kosinus en tangens binne fan him.
Euler levere belangrike bydragen oan hast alle tûken fan de wiskunde: mjitkunde, differinsjaal- en yntegraalrekkening, analyze, algebra, goniometry, getalteory en folle net genôch. Mar hy wie net allinnich dwaande mei wis- en natuerkunde. Hy levere ek belangryk wurk op it mêd fan de genêskunde, plant- en skiekunde. Dêrneist wie hy in treflik histoarikus en lies hy in soad literatuer.
Euler hat safolle skreaun, dat it mei de hân oerskriuwen fan al syn wurken nei skatting fyftich jier duorje se by acht oeren skriuwen op in dei. In troch de Switserske Akademy fan Wittenskippen begûn projekt om al syn wurken út te jaan, rint al hûndert jier. Syn publisearre wurk is opnij útjûn, en in diel fan syn brieven ek, mar it besoargjen fan syn oantekeningenboeken en deiboeken sil noch wol tweintich jier yn beslach nimme.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Euler ôfsûnderlik publisearre wurken:
- Dissertatio physica de sono (Dissertaasje oer de fysika fan lûd) (Bazel, 1727, yn kwarto)
- Mechanica, sive motus scientia analytice; expasita (Sint Petersburch, 1736, yn 2 vols. kwarto)
- Einleitung in die Arithmetik (ibid., 1738, yn 2 fols. oktavo), yn it Dútsk en it Russysk
- Tentamen novae theoriae musicae (ibid. 1739, yn kwarto)
- Methodus inveniendi lineas curvas, maximi minimive proprietate gaudentes (Lausanne, 1744, yn kwarto)
- Theoria motuum planetarum et cometarum (Berlyn, 1744, yn kwarto)
- Beantwortung, &c., Antwurden op Ferschillende Fragen oangaande Kometen (ibid., 1744, yn oktavo)
- Neue Grundsätze, c., of Nije Prinsipes fan de Artillery, oersetten út it Ingelsk troch Benjamin Robins, mei noaten en yllustraasjes (ibid., 1745, yn oktavo)
- Opuscula varii argumenti (ibid., 1746-1751, yn 3 fols. kwarto)
- Novae et carrectae tabulae ad loco lunae computanda (ibid., 1746, yn kwarto)
- Tabulae astronomicae solis et lunae (ibid., kwarto)
- Gedanken, &c., of Gedachten over de Elementen van Lichamen (ibid. quarto)
- Rettung der gall-lichen Offenbarung, &c., Ferdigening fan de Godlike Iepenbiering tsjin Frijtinkers (ibid., 1747, yn kwarto)
- Introductio in analysin infinitorum (Ynlieding yn de analyze fan infinitesimalen)(Lausanne, 1748, yn 2 fols. kwarto)
- Scientia navalis, seu tractatus de construendis ac dirigendis navibus (St Petersburg, 1749, yn 2 fols. quarto)
- Theoria motus lunae (Berlyn, 1753, yn kwarto)
- Dissertatio de principio mininiae actionis, ' una cum examine objectionum cl. prof. Koenigii (ibid., 1753, yn oktavo)
- Institutiones calculi differentialis, cum ejus usu in analysi Intuitorum ac doctrina serierum (ibid., 1755, yn kwarto)
- Constructio lentium objectivarum, &c. (St Petersburg, 1762, yn kwarto)
- Theoria motus corporum solidoruni seu rigidorum (Rostock, 1765, yn kwarto)
- Institutiones,calculi integralis (St Petersburg, 1768-1770, yn 3 fols. kwarto)
- Lettres a une Princesse d'Allernagne sur quelques sujets de physique et de philosophie (St Petersburch, 1768-1772, yn 3 fols. oktavo)
- Anleitung zur Algebra, of Elements of Algebra (ibid., 1770, in octavo); Dioptrica (ibid., 1767-1771, yn 3 fols. kwarto)
- Theoria motuum lunge nova methodo pertr.arctata (ibid., 1772, yn kwarto)
- Novae tabulae lunares (ibid., in octavo); La théorie complete de la construction et de la manteuvre des vaisseaux (ibid., .1773, yn oktavo)
- Eclaircissements svr etablissements en favour taut des veuves que des marts, sûnder datum
- Opuscula analytica (St Petersburg, 1783-1785, in 2 vols. quarto). Sjoch Rudio, Leonhard Euler (Bazel, 1884).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Leonhard Euler fan Wikimedia Commons. |