Springe nei ynhâld

Lviv

Ut Wikipedy
Lviv
Lizzing fan Lviv yn de oblast Lviv yn de Oekraïne
Flagge Wapen
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast Lviv
Sifers
Ynwennertal 717.803 (2021)
Oerflak 182,01 km²
Befolkingstichtens 3979,5 ynw./km²
Hichte 289-412 m
Oar
Stifting 1256
Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Webside Side fan de stêd Lviv

Lviv, Lvov of Lemberg (Oekraynsk: Львів; Poalsk: Lwów, Russysk: Львов, Dútsk en Nederlânsk: Lemberg, Jiddysk: לעמבערג) is in stêd yn it westen fan de Oekraïne en it besjoerlike sintrum fan de oblast mei deselde namme. Mei in ynwennertal fan likernôch 725.000 (2019) is Lviv de sânde stêd fan it lân. De histoaryske binnenstêd is troch de UNESCO oanwiisd as wrâlderfgoed.

Troch de iuwen hinne hawwe ferskate Europeeske kultueren harren stimpel op de stêd set. De earste delsettings yn it stedsgebiet ûntstiene yn de 10e iuw en wiene Slavysk; de stifting fan de stêd fûn lykwols plak yn it midden fan de 13e iuw. Lviv slagge der yn de 13e iuw yn om as krúspunt fan wichtige hannelsrûtes yn belang ta te nimmen. Handlers en sakelju út Breslau, Krakau, Praach, Turyn en oare grutte plakken kamen yn Lviv byinoar.

Yn it noardwesten fan de hjoeddeiske Oekraïne hearske eartiids de foarst Daniël Romanovitsj fan Galysje. Yn 1256 liet de foarst fan it Rûs-foarstedom Galysje-Wolhynje op it plak fan it hjoeddeiske Lviv in boarch foar syn soan Lev bouwe. Oan de namme Lev, dat liuw betsjut, tanket de stêd de namme Lvov. Lviv hat noch jimmeroan in liuw yn it stedswapen stean. De ynfallen fan de Mongoalen en de te beteljen skattings ferswakten it foarstedom Galysje-Wolhynje en nei't de lokale liny fan de Rjoerikiden útstoar, foel Lvov ynearsten oan it Grutfoarstedom Litouwen en yn 1349 oan Poalen ta.

Poalske oerhearsking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lviv op in gravuere fan 1618

De Poalen baarnden de boarch ôf en besochten it katolisisme op te lizzen. De Poalske kening Kasimir de Grutte ferliende de stêd yn 1356 it Maagdenburchske stedsrjocht. Dútsers, joaden en Armeenjers wiene nije bevolkingsgroepen dy't harren yn de stêd fêstigen. Fan 1375 oant 1772 wie Lvov haadstêd fan de Poalske Woiwodskip Roeteenje (sûnt 1569 yn de adelrepublyk Poalen-Litouwen). De stêd wie yn de Iere Nije Tiid njonken Krakau, Vilnius en Warsjau ien fan de sintra fan it Poalske kulturele en geastlike libben, wylst de omkriten fan de stêd benammen Oekraynsktalich bleaune.

Yn de Chmelnytsky-opskuor en de Poalsk-Russyske Kriich waard Lvov fan 1648 oant 1655 troch de Zaporozje-Kozakken belegere. De stêd krige foar it hoekhâlden it predikaat semper fidelis (altiten trou).

De yn 1661 troch de Poalske kening Jan II Kasimir stifte universiteit fan Lvov is de âldste universiteit fan de hjoeddeiske Oekraïne.

Habsburgske monarchy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1772 foel de stêd mei de earste dieling fan Poalen ta oan de Habsburchmonarchy. De stêd waard haadstêd fan it keninkryk Galysje en de fjirde stêd fan it lân, dat in soad folken kende. Keizer Joazef II woe lykas yn de rest fan it Ryk it Dútsk as offisjele taal trochfiere. Oant 1850 fûn it heger ûnderwiis sûnt de skoalleherfoarmings fan Maria Theresia allinne yn it Dútsk plak, itjinge foar de Poalske jongerein problematysk wie om't, lykas de poalske dichter Kazimierz Brodziński sei, se de stof allinne eigen meitsje koene troch it út de holle te learen sûnder it te begripen.

Lemberg yn de 19e iuw

Yn it midden fan de 19e iuw feroare de gearstallng fan it amtnerspersoaniel. Wylst earder 600 fan de 800 amtners Dútsk wiene, waard troch de relative autonomy fan it keninkryk Galysje fanôf 1867 al gau it Poalsk de twadde taal. No easken de Poalen in jimmeroan grutter plak op yn it amtlik apparaat fan it Weenske regear yn Galysje.

Om 1900 hinne wie likernôch de helte fan de ynwenners Poalsk, likernôch 25% wiene joaden en dan wiene der noch sa'n 30.000 Roethenen (sa't de Oekraïners doe hieten). De Poalen lykwols seagen op dy oare folken del en yn 1908 fermoarden trije Poalske gendarmes in Rhoeteenske boer. De Oekraynske studint Miroslaw Siczynski beantwurde de moard troch stedhâlder greve Andrzej Kazimierz Potocki del te sjitten. It liede ta in grutte en bluodrige opskuor tusken Poalske en Roetheenske studinten.

Oant de Earste Wrâldkriich hearde de stêd mei Krakau en de fêsting Przemyśl ta de belangrykste garnizoensplakken fan it leger fan de dûbelmonarchy yn it eastlik diel fan it ryk, dy't de Eastenryksk-Hongaarske grins tsjin it Russyske Ryk ferdigenje moasten. Yn augustus 1914 oermastere it Russyske leger yn de Slach om Lemberg de stêd en wist sa fier troch te stjitten nei it westen. De stêd bleau oant juny 1915 yn Russyske hannen en ek dêrnei bleau de posysje fan de stêd oant de Russyske Revolúsje yn 1917 faai.

Poalske FT-17 tanks by Lemberg

Oan it ein fan de Earste Wrâldkriich waard op 1 novimber 1918 yn de stêd de West-Oekraynske Folksrepublyk útroppen, mar Poalen wist nei in bytiden fûle striid yn de Poalsk-Oekraynske Kriich de stêd yn hannen te krijen. Poalske troepen besetten de stêd op 21 novimber 1918. By de pogrom tsjin de joadske befolking, dy't folge op de besetting en oant 24 novimber duorre, waarden neffens berjochten fan de Amerikaanske diplomaat Henry Morgenthau 64 minsken fermoarde. In soad oare joaden waarden bestellen of rekken ferwûne. Ferantwurdlik foar de wredens wie in diel fan de Poalske ofsieren, soldaten en boargers. Oan de opskuor namen ek leden fan de joadske milysje en deserteurs út it Galisyske leger diel. Under harren slachtoffers wiene Poalske en Oekraynske ynwenners. It geweld sette de earder sa fredige ferhâldings tusken de ferskate folken en religys foar langere tiid op skerp.

Yn dy tiid hie de stêd 361.000 ynwenners. De measten dêrfan wiene Poalen (yn 1912 tusken de 50 en 53%, fanôf 1925 oer de 55%), in tredde foar it meast Poalske joaden en dêrnjonken Oekraïners, Dútsers en Poalske Armeenjers. Om de stêd hinne wiene lykwols de Oekraïners yn de mearderheid (ôfhinklik fan it gebiet ± 4/6 oant 5/6 fan de befolking). Yn it ynterbellum bleau Lviv in bolwurk fan de Poalske kultuer en in sintrum fan it Oekraynsk nasjonalisme. Bestjoerlik wie de stêd as diel de Twadde Poalske Republyk fanôf 1921 de haadstêd fan it woiwodskip Lwów.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 1939 waard Lwów oant 1941 troch de dieling fan Poalen tusken Hitler en Stalin troch de Sovjets beset en yndield by de Oekraynske Sovjetrepublyk. Lykas oeral yn de Sovjet-Uny waard oan bedriuwen en boeren it kollektivisme twongen oplein. Yn dy tiid wennen der likernôch 160.000 Poalen, 150.000 joaden und 50.000 Oekraïners. Tusken it begjin fan de Dútske oanfal op de Sovjet-Uny op 22 juny 1941 en de yntocht fan de Wehrmacht yn Lvov, hawwe Sovjet-troepen likernôch 4.000 politike finzenen fermoarde. Yn de iere moarn fan 30 juny 1941 namen de Dútske troepen ûnder majoar-generaal Hubert Lanz mei it Oekraynske frijwilligersbataljon "Nachtigall" de stêd sûnder wjerstân yn.

Monumint foar de fermoarde poalske professors

Leden fan de Organisaasje fan Oekraynske Nasjonalisen rôpen noch dyselde deis fanôf it balkon fan it Lubomirski-paleis it herstel fan de Oekraynske ûnôfhinklikens út, mar dêr sieten de Dútsers net op te wachtsjen en al in pear dagen letter waarden se fan de Gestapo oppakt. Lvov waard ûnderdiel fan it troch de Dútsers bestjoerde Generaal-gûvernemint en waard op 'e nij ûnder de namme Lemberg de haadstêd fan it distrikt Galysje.

Joaden yn it getto fan Lemberg (1941)

Fan de moardpartijen fan de Sovjets waarden troch de Dútsers en Oekraïners goed gebrûk makke yn de propaganda en dat liede ta nije pogrom-sentiminten tsjin de joadske befolking. By massamoarden op de earste dagen fan de Dútske besetting ferstoaren 4.000 joaden, foar in part troch spontane reboelje fan Oekraynske milysjes en boargers, mar fral ek troch de organisearre massa-eksekúsjes oan de râne fan de stêd troch de Einsatzgruppe C. Yn de nacht fan 3 op 4 july arrestearre de Gestapo 22 Poalske professors, neffens in list dy't opsteld wie mei help fan Oekraynske studinten. Se waarden fermoarde en fan guon ek de famyljeleden. Under it rezjym fan Kreishauptmann Joachim Freiherr von der Leyen (1897-1945) waard hast de folsleine joadske mienskip útmoarde yn it getto fan Lemberg, yn it wurkkamp Lemberg-Javovska en yn it ferneatigingskamp Belzec. Fan de likernôch 45 synagoges bleaune der mar twa gebouwen oer, de rest waard ferneatige. Yn Lemberg en omkriten waarden yn de tiid fan it nasjonaal-sosjalisme likernôch 540.000 yn kampen ombrocht; dêrfan 400.000 joaden (dêrfan 130.000 út de stêd), de oare 140.000 slachtoffers wiene Russyske finzenen. Yn Lemberg bestie letter it "kriichsfinzenenkamp 275" foar Dútske kriichsfinzenen. By it kamp lei in tsjerkhôf foar kriichsfinzenen mei mear as 800 grêven.

Nei de kriich oant 1991

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Operahûs yn it moderne Lviv

Doe't de stêd yn 1944 ûnder Sovjetbestjoer kaam waarden de measten Poalen útset. In diel fan dy befolking ferhûze nei it ferdriuwen fan Dútsers nei Neder-Sileezje, benammen nei Breslau. In soad Oekraïners, dy't earder yn it Poalske West-Galysje en sintraal Poalen wenne hiene, waarden tagelyk troch de Sovjet's twongen te ferhûzjen nei Lvov. Sa feroare de etnyske en kulturele gearstalling fan de stêd, dêr't no de Oekraïners fierwei de grutste groep foarme.

De autoriteiten setten útien mei de weropbou fan de stêd, dy't mank gyng mei yndustrialisaasje en in ynfluks fan faklju út de hiele Sovjet-Uny. Oant de jierren 1980 wiene der 137 grutte fabriken bykommen, dy't foar de produksje fan bussen, frachtweinen, fiersjoggers en masjines soargen. It ynwennertal naam fan 330.000 oant 760.000 ta. Nasjonalistyske bewegings ûnder de oarspronklike ynwenners waarden ûnderdrukt.

Unôfhinklikens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1991 leit Lviv yn de ûnôfhinklike republyk Oekraïne. Yn Galysje wurdt noch jimmeroan de rop om autonomy heart, ek fanwegen de skiednis fan Lviv as haadstsêd fan in selsstannich keninkryk. De stêd fierde yn de hjerst fan 2006 it 750-jierrich jubileum.

De Merk fan Lviv
Patrisiërshûzen oan it Marktplein
Otterdokske Marije-Himelfearttsjerke

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde binnenstêd en de bebouwing yn de wiken dy't tsjin it ein fan de 19e iuw/begjin 20e iuw ûntstiene hawwe de kriich en de Sovjet-tiid goed trochstien. De bebouwing fertsjintwurdiget de renêssânse, de barok, it klassisisme, it histoarisme, de Jugendstil en Art deco. Yn 1998 waard it histoaryske sintrum fan de stêd op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO ynskreaun fanwegen syn stedske struktuer en it ferranen fan de arsjitektoanyske en keunstsinnige tradysjes fan East-Europa mei dy fan Itaalje en Dútslân. De politike en ekonomyske rol fan Lviv loek in grut tal etnyske groepen oan mei ferskillende kulturele en religieuze tradysjes, dy't eigen mar ek fan inoar ôfhinklike mienskippen yn de stêd foarmen, dy't ek tsjintwurdich yn it stedsbyld werom te kennen binne.

  • Riedshûs oan de Merk (19e iuw);
  • Patrisiërshûzen oan de Merk (16-e oant 18e iuw);
  • Bürgerhäuser am Marktplatz (Rynok, 16. bis 18. Jahrhundert);
  • Operahûs (19e iuw);
  • Paleis Potocki;
  • Lytsjakivskyj-tsjerkhôf;
  • Ruïnes fan de boarch fan de foarst Daniel Romanovitsj fan Galysje;
  • Muorredielen fan de yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige Gouden Roas-synagoge;
  • It Sryjskyj-park (1887).

Religieuze gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Marije-Himelfeartkatedraal (roomsk-katolyk; 1360–1481);
  • Sint-Joarisatedraal (Gryksk-katolyk; 1744–1770);
  • Marije-Himelfeartstsjerke (Autosefale Otterdokske Tsjerke (1591–1629));
  • Armeenske Marije-katedraal (1356–1363);
  • Alderheljentsjerke (it eardere Benediktinenkleaster, 1597–1616);
  • Karmelitentsjerke (1623-1642);
  • Boim-Kapel (1609–1615);
  • Eardere dominikanentsjerke Corpus Christi (18. Jahrhundert);
  • Sint-Andréastsjerke (eardere kleaster fan de Bernhardinen, 17e iuw)
  • Beit-Aaron-we-Israel-Synagoge, 1924.
  • Iepenloftmuseum foar Folksarsjitektuer en Lannelik Libben Sjevtsjenko-Haj; [1]
  • Nasjonaal Museum Andrej Sjeptytsky yn Lviv (Національний музей у Львові) mei in grutte samling fan ikoanen; [2]
  • Renêssânse Kornjakt-Hûs (Італійський дворик), stedspaleis fan de handler Konstiantyn Korniakt (1580); [3]
  • Lviv Nasjonale Keunst Gallery; [4]
  • Museum fan de Skiednis fan Religy (It museum is ûnderbrocht yn it eardere kleaster fan de Dominikanen (14e oant 18e iuw);
  • Museum fan Etnografy en Ambachten; (Музей етнографії та художнього промислу Інституту народознавства НАН України) [5]
  • Plak fan Ferskrikkings (Museum op it plak fan in eardere Sovjet-finzenis (1944–1955 en it getto fan Lviv (1941–1943) dat de ferskrikkings ûnder de Sovjets en nazy's betinkt); [6]
  • Nasjonaal Museum ta Neitins fan de Slachtoffers fan de Besetting (de Lonsky-finzenis, museum oer de Poalske, Dútske en Russyske besetting en de frijheidsstriid fan de Oekraïners); [7]
  • Museum foar de Skiednis fan Lviv (Swarte Hûs oan it Marktplein, 1588-1589);
  • Brouwerij-museum;
  • Wapenmuseum yn it Arsenaal fan Lviv; [8]
  • Betinkingsmuseum foar de operazangers Solomija Krûsjelnytska (23 September 1872 – 18 November 1952).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Lwiw