Lytse earûlen
Appearance
Lytse earûlen | ||
Afrikaanske lytse earûle (Otus senegalensis) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | lânfûgels (Telluraves) | |
skift: | ûle-eftigen (Strigiformes) | |
famylje: | ûlefûgels (Strigidae) | |
skaai: | lytse earûlen (Otus) | |
Pennant, 1769 | ||
De lytse earûlen of dwerchearûlen binne in skaai (wittenskiplike namme Otus) út de famylje fan de ûlefûgels (Strigidae). It skaai is it grutste ûleskaai en telt sa'n 54 soarten fan ûlefûgels, dy 't allinnich yn de Alde Wrâld (Jeropa, Aazje, Afrika) foarkomme. Yn Jeropa komt allinnich de (Jerazyske) lytse earûle (Otus scops) foar. Folle fan de lytse-earûlesoarten, foaral de eilânsoarten yn Súdeast-Aazje en Afrika, binne bedrige yn harren fuortbestean.
De lytse earûlen binne lytse oant middelgrutte fûgels mei in lingte fan 16 oant 28 cm en in gewicht van 50-300 g. Se binne ûnopfallend, mei in brúne ta brúngrize kleur. De earfearren stien fier útinoar. De measte lytse earûlen binne stânfûgels en binne hoalebrieders.
Skaaiopbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Famylje: Strigidae:
- Skaai: Otus, 54 soarten:
- Otus gurneyi
- Otus sagittatus
- Otus rufescens (rodzige dwerchearûle)
- Otus thilohoffmanni
- Otus icterorhynchus
- Otus ireneae
- Otus balli
- Otus alfredi
- Otus spilocephalus (flekte lytse earûle)
- Otus angelinae
- Otus mirus
- Otus longicornis
- Otus mindorensis
- Otus hartlaubi
- Otus madagascariensis
- Otus rutilus
- Otus mayottensis
- Otus pauliani
- Otus capnodes
- Otus moheliensis
- Otus pembaensis (Pembadwerchearûle)
- Otus scops (lytse earûle of dwerchearûle)
- Otus cyprius (Sypryske lytse earûle)
- Otus brucei (streke lytse earûle)
- Otus pamelae (Arabyske lytse earûle)
- Otus senegalensis (Afrikaanske lytse earûle)
- Otus feae
- Otus socotranus (Sokotradwerchearûle)
- Otus sunia (Easterske lytse earûle)
- Otus elegans
- Otus magicus (Molukske lytse earûle)
- Otus sulaensis
- Otus beccarii
- Otus manadensis
- Otus siaoensis
- Otus collari
- Otus mantananensis
- Otus insularis
- Otus alius
- Otus umbra
- Otus enganensis
- Otus mentawi
- Otus brookii
- Otus bakkamoena (Yndyske lytse earûle)
- Otus lettia (kraachearûle)
- Otus semitorques (Japanske lytse earûle)
- Otus lempiji (Sûnda-earûle)
- Otus megalotis
- Otus nigrorum
- Otus everetti
- Otus fuliginosus
- Otus silvicola
- Otus jolandae
- Otus podarginus
- Skaai: Otus, 54 soarten: