Springe nei ynhâld

Neo-noir

Ut Wikipedy

Neo-noir is in sjenre fan films dat in weroplibbing fan 'e âlde film noir beslacht. De film noir wie in subsjenre fan 'e misdiefilm, dat yn 'e 1940-er en 1950-er jierren fral yn 'e Feriene Steaten populêr wie. De letterlike oersetting fan 'e Frânske term film noir is "swarte film", in ferwizing nei de faak wat sinistere sfear fan sokke films, mar ek nei de aparte sinematografyske styl. In bekend foarbyld fan sokke films is The Maltese Falcon, mei Humphrey Bogart, út 1941. Neo-noirs hawwe in soartgelikense styl, mei op it mêd fan 'e filmtechnyk brike kamerahoeken en it spyljen mei ljocht en skaad, en op it mêd fan 'e ynhâld it ferdizenjen fan 'e grins tusken goed en kwea en motiven as wraak, paranoia en ferfrjemding. Mar neo-noirs omfetsje dêrnjonken ek moderne tematyk, ynhâld en technyk. In oanbesibbe subsjenre is de tech noir, in ferminging fan film noir mei cyberpunk, in subsjenre fan 'e science fiction-film.

Foarbylden fan neo-noirs binne:


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.