Springe nei ynhâld

Sosha Duysker

Ut Wikipedy
Sosha Duysker
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sosha Duysker
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 4 septimber 1991
berteplak Amstelfean (Noard-Hollân)
etnisiteit Surinaamsk-Kreoalsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, ferslachjouster,
redaktrise, aktrise
medium tillefyzje
wurksum by NPO
bekend fan Het Klokhuis
Keuringsdienst van Waarde
Waku Waku
jierren aktyf 2016 – no
offisjele webside
Sosha Duysker yn 'e IMDb

Sosha Duysker (Amstelfean, 4 septimber 1991) is in Nederlânsk presintatrise, ferslachjouster en aktrise. Hja wurket foar de NPO en is bekend fan û.m. de tillefyzjeprogramma's Het Klokhuis, Keuringsdienst van Waarde en Waku Waku.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Duysker waard yn 1991 berne yn Amstelfean, as de dochter fan âldelju dy't fan Surinaamsk-Kreoalsk etnysk komôf wiene.[1][2] Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre se media, ynformaasje en kommunikaasje oan 'e Hegeskoalle fan Amsterdam.

Nei it ôfrûnjen fan har stúdzje fûn Duyske wurk as redaktrise by Zapp Kids Top 20, in berneprogramma fan 'e Nederlânske Publike Omrop. Yn 2016 waard se ien fan 'e fêste presintators fan in oare berneprogramma: Het Klokhuis fan 'e NTR, dêr't se oant 2021 oan ferbûn bliuwe soe. Dêrnjonken die se by de NTR fan 2018 oant 2020 ek de presintaasje fan it programma De Buitendienst. Fierders wurke se fan 2017 ôf ek as aktrise yn 'e jeugdsearjes Zappmissie en Zapp Detective. Yn 2018 spriek Duysker as stimaktrise by de Nederlânsktalige neisyngronisearring de rol fan 'e nijslêzeresse yn 'e Disney-tekenfilm Ralph Breaks the Internet yn.

Yn 2020 presintearre Duysker op it Nederlânsk Filmfestival foar BNNVARA de útrikkingsseremoanje fan 'e Gouden Keallen, de wichtichste Nederlânske filmprizen. Datselde jiers wûn hja de Philip Bloemendal Priis foar it grutste sjoernalistike presintaasjetalint. Dy bekroaning fan har wurk krige se mei, troch har presintaasje fan in eigen fideo op Instagram, wêryn't se stelling naam tsjin rasisme en har stânpunt yn it maatskiplik debat oer Swarte Pyt taljochte. Yn 2021 sleat Duysker in eksklusyf kontrakt mei de KRO-NCRV, en waard se ien fan 'e fêste gesichten fan it ûndersykssjoernalistike programma Keuringsdienst van Waarde. Sûnt oktober 2022 docht se ek de presintaasje fan Waku Waku. Dy tillefyzjekwis út 'e 1990-er jierren oer bisten waard werombrocht op 'e tillefyzje; diskear lykwols net foar folwoeksenen, mar foar bern.

Filmografy as presintatrise, ferslachjouster, aktrise, dielnimster, ensfh.
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2016–2021 Het Klokhuis presintatrise
2017 Zapp Skills presintatrise
2017 Kerstster van het Jaar presintatrise
2017–2021 Zappmissie aktrise, ferskate rollen
2017–2021 Zapp Detective aktrise, ferskate rollen
2018–2019 Binge presintatrise
2018–2020 De Buitendienst presintatrise
2019 Wat Kijk Je Nou? presintatrise
2019–2020 Zapplive Checkt presintatrise
2020 M n.f.t. te gast
2020 Zapplive Extra presintatrise
2020 De Nationale Schooltoets presintatrise
2020 Het Gouden Kalveren Gala presintatrise
2020 Serious Request: The Lifeline presintatrise
2021 De Slimste Mens n.f.t. dielnimster oan in tillefyzjekwis
2021 Zondag met Lubach n.f.t. sjongster yn clip oer Nieuwsuur
2021 Opstand op de Neptunus presintatrise
2021 Stereotypisch presintatrise
2021–2022 Atlas ferslachjouster
2022 The Passion 2022 ferslachjouster
2022–no Keuringsdienst van Waarde presintatrise/ferslachjouster
2022–no Waku Waku presintatrise
2023 Fake It Till You Make It presintatrise ûnderdiel fan Het Klokhuis
2023 Weet Ik Veel n.f.t. dielnimster oan in tillefyzjekwis
2023 Ik Hou van Holland n.f.t. dielnimster oan in tillefyzjeshow
films
2018 Ralph Breaks the Internet nijslêzeresse as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bas, Renate van der Bas, Het lukt me niet om boos te worden op Femke Halsema, yn: Trouw, 2 juny 2020. Sitaat: "Zo zat Sosha Duysker aan tafel, een van de presentatoren van Het Klokhuis en kind van twee Surinaamse ouders."
  2. Kooi, Walter van der, Noodgedwongen maar bewust, yn: De Groene Amsterdammer, 30 juny 2021. Sitaat: "Duysker vertelt Balai, beiden met Afrikaans-Surinaamse roots, dat haar ouders ervoor kozen hun dochters niet op te voeden met het slavernijverleden."

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.