Springe nei ynhâld

Peter Straub

Ut Wikipedy
Peter Straub
skriuwer
Peter Straub (2009)
Peter Straub (2009)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter Francis Straub
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 maart 1943
berteplak Milwaukee
stoarn 4 septimber 2022
stjerplak New York
wurk
taal Ingelsk
sjenre romans,
gedichten
tema's horror
prizen World Fantasy Award (1989),
Bram Stoker Award 4x (1993, 1999, 2003, 2004)

Peter Francis Straub (Milwaukee, 2 maart 1943 - New York, 4 septimber 2022) wie in Amerikaansk skriuwer, hy skreau benammen horrorboeken. Peter Straub is de heit fan skriuwster Emma Straub.

Yn syn karriêre hat er ferskate prestizjeuze prizen wûn, lykas de World Fantasy Award (1989) en hy wûn fjouwer kear de Bram Stoker Award (1993, 1999, 2003, 2004 ). By it grutte publyk is Straub miskien it meast bekend wurden fan syn gearwurking mei kollega Stephen King, dy't late ta de boeken De Talisman út 1984 en yn 2001 Zwart Huis. Yn 1966 boaske Straub mei Susan Bitker. Se krigen twa bern, wêrûnder Emma Straub, dy't ek skriuwster is.

Peter Straub ferstoar yn New York yn 'e âldens fan 79 jier nei it brekken fan in heupbonke.

  • Julia (1976)
  • If You Could See Me Now (1977)
  • Ghost story (1979)
  • Shadowland (1980)
  • The talisman (1984, mei Stephen King)
  • Koko (1989)
  • Mystery (1990)
  • The throat (1993)
  • Mr. X (1999)
  • Magic terror (2000)
  • Black house (2001, mei Stephen King)
  • Lost boy lost girl (2003)
  • In the night room (2004)
  • A dark matter (2011)