Springe nei ynhâld

Penis

Ut Wikipedy
De anatomy fan it manlik geslachtsorgaan.

De penis, pyl, pimel, fallus of it lid (of mei minder fatsoenlike nammen de kul, lul of pik) is it primêre geslachtsorgaan fan it manlik geslacht, dat troch manlike en hermafrodityske organismen brûkt wurdt om by de pearing seksueel ûntfanklike partners (yn 'e regel froulike, resp. oare hermafrodityske organismen) mei te ynseminearjen. Sokke organen komme by in grut ferskaat oan bistesoarten foar, sawol by wringedieren as wringeleazen, mar oan 'e oare kant binne de mantsjes fan lang net eltse bistesoarte mei in penis tarist, en by de soarten dêr't dat wol it gefal is, giet it lang net altyd om itselde orgaan. De penis fan sûchdieren is bgl. evolúsjonêr sjoen hiel wat oars as de penis fan ynsekten, ek al ferfolje se rûchwei deselde funksje.

De penis by de man is homolooch oan 'e klitoris by de frou, wat sizze wol dat dy beide organen út deselde embryonale struktuer ûntsteane. Guon bern komme te wrâld sûnder dúdlike manlike of froulike geslachtsorganen; yn sa'n gefal sprekt men fan ynterseksualiteit. Oaren hawwe beiderlei genitaliën, in ferskynsel dat androgyny hjit.

It wurd 'penis' soe fan in argaysk Latynsk wurd foar 'sturt' komme. Mooglik dat dat wer weromgie op it Grykske πεος, peos, dat 'penis' betsjut. It wurd 'fallus' komt fia it Latynske phallus fan it Grykske φαλλος, fallos, in term dêr't oarspronklik inkeld in byldhoude penis mei omskreaun waard.

De minsklike penis.

De minsklike penis is yn sloppe tastân in ôfhingjend silinderfoarmich bonkeleas lichemsdiel oan 'e foarside fan it ûnderlichem, tusken de skonken yn. De penis bestiet út trije swellichems: twa oan wjerskanten fan 'e boppeside, de saneamde corpora cavernosa (inkeltal: corpus cavernosum), en ien oan 'e ûnderside, it corpus spongiosum. Dit lêste swellichem is grutter as de earste beide en boppedat kegelfoarmich. Oan 'e útein fan 'e penis foarmet it corpus spongiosum de tige gefoelige nút (glans penis). Tusken de nút en it haaddiel fan 'e penis yn befynt him in skreef, it collum glandis. Oan 'e basis fan 'e nút sitte klierkes dy't talch produsearje, de glandulae praeputiales.

De nút wurdt fan natuere beskerme troch de foarhûd (preputium), in losse hûdflap dy't tebekskood of -lutsen wurde kin om 'e nút frij te lizzen. Nút en foarhûd wurde mei-inoar ferbûn troch in smel bantsje hûd oan 'e ûnderside fan 'e nút, dat it toomke of frenulum neamd wurdt. Yn 'e mande mei de nútrâne is it toomke meastal ien fan 'e gefoelichste plakken fan 'e penis. Soms is de foarhûd te nau om oer de nút hinne weromlutsen te wurden, wat it bedriuwen fan pinefrij geslachtsferkear frijwol ûnmooglik makket. Yn sa'n gefal is der in operative ferwidering fan 'e foarhûd nedich, dy't in besnijenis of sirkumsyzje neamd wurdt. Behalven om medyske redens wurdt dat fral ek dien om kulturele redens (by in protte folken út Afrika en ek wol yn 'e Feriene Steaten) of om religieuze redens (benammen troch joaden en moslims). As der gjin medyske reden bestiet om 'e foarhûd te ferwiderjen, kin soks beskôge wurde as in foarm fan genitale skeining.

In heal stive minsklike penis dy't in besnijenis ûndergien hat.

De corpora cavernosa sitte oan 'e basis fan 'e penis (crura) fêst oan 'e ramus inferior, oftewol de ûnderkant fan 'e skambonke (os pubis), en oan 'e sitbonke (os ischii). De beide corpora cavernosa komme gear op 'e hichte fan 'e ûnderrâne fan 'e skambonke. Elts fan 'e trije swellichems fan 'e minsklike penis is bedutsen troch in 2 oant 4 mm tsjûk laachje bynweefsel, de tunica albuginea, dy't om it corpus spongiosum hinne folle tinner is as by de corpora cavernosa. Dizze tunica albuginea bestiet sels wer út twa lagen; de bûtenste laach bestiet benammentlik ús elastyske fezels en de binnenste út kollageen.

De urinebuis rint fan 'e basis fan 'e penis ôf troch de midden fan it corpus spongiosum nei nút ta, dêr't er útkomt yn 'e top. (Behalven by de ôfwiking hypospady, wêrby't de urinebuis oan 'e ûnderkant fan 'e penis útmûnet.) De urinebuis tsjinnet as trochgong foar sawol urine as sperma. De basis fan alletrije swellichems wurdt beklaaid troch de spieren musculus bulbospongiosum en de musculi ischiocavernosi. Dat binne dwersstrekige spieren dy't sawol refleksmjittich as bewust oanspand wurde kinne en in rol spylje by it pisjen, it krijen en behâlden fan in ereksje en de ejakulaasje.

In minsklike penis yn sloppe tastân en yn ereksje.

Funksjes fan 'e penis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan 'e wichtichste en sûnder mis de meast aldendeiske funksje fan 'e penis is om dermei te pisjen en sa ôffalstoffen út it lichem ôf te fieren yn 'e floeibere foarm dy't oantsjut wurdt as urine. As de blaas in beskate hoemannichte urine befettet, kriget men oandriuw ta urinearjen, in gefoel dat ferlichte wurdt troch it útpisjen fan 'e urine fia de urinebuis dy't troch de penis rint.

De oare wichtige funksje fan 'e penis is by it bedriuwen fan geslachtsmienskip, dat evolúsjonêr sjoen inkeld fuortplanting ta doel hat, mar dat troch de minske ek fral dien wurdt as foarm fan rekreaasje. Dêrby wurdt de penis stiif troch in ferhege bloedtafier nei de swellichems, sadat er ynbrocht wurde kin yn it froulike geslachtsdiel, de fagina. De ferstive tastân fan 'e penis wurdt in ereksje neamd. As de penis troch de iene of oare skansearring net (mear) stiif wurde kin (in krupsje dy't ympotinsje neamd wurdt), is fuortplanting op natuerlike wize net mooglik. Om ympotinsje tsjin te gean kin soms in helpmiddel, lykas in cockring, brûkt wurde, of oars kin faak in farmaseutysk middel lykas Viagra fertuten dwaan. Behalven by geslachtsferkear is de ereksje ek fan belang by masturbaasje dy't liedt ta selsbefrediging, al is it mooglik om op dat mêd it doel te berikken ek as der gjin ereksje mooglik is.

De felkleure penis fan in mearkat.

De nút, de gefoelige útein fan 'e penis, spilet in wichtige rol by it opwekjen fan it orgasme, dat op syn beurt wer de ejakulaasje op gong bringt, wêrby't troch refleksmjittige spiergearlûkings sperma (sied) nei bûten ta pompt wurdt. Sa'n siedútstoarting fynt plak fia de urinebuis. Om foar te kommen dat der by in ejakulaasje behalven sperma ek urine útstaat wurdt, set de prostaat flak foar in siedútstoarting op, sadat de urinewegen tichtknypt wurde.

Yn ferliking mei oare primaten hat de minske de grutste penis, sawol yn ferhâlding ta syn lichemsgrutte as wat absolute lingte oangiet. Neffens in Amerikaansk wittenskiplik ûndersyk út 2013 ûnder 1.661 proefpersoanen wie de lingte fan 'e manlike penis yn ereksje trochinoar 14,2 sm. By datselde ûndersyk wie de lytste ereksje 4 sm en de grutste 26 sm lang. Op grûn fan in oar ûndersyk, út 2014, waard fêststeld dat 2 op 'e 100 manlju in penis hawwe dy't yn ereksje lytser is as 10 sm, en dat ek 2 op 'e 100 manlju in penis hawwe dy't yn ereksje grutter is as 16,5 sm. Teffens waard der yn beide boppeneamde ûndersiken fêststeld dat der mar kwealk in ferbân is tusken de grutte fan 'e penis en de etnisiteit of it rasiaal komôf fan 'e man, en dat dus it wiidfersprate leauwe dat swarte manlju grutte penissen hawwe, in fabeltsje is.

De penis fan in hynst.

De ôfmjittings fan 'e penis binne in boarne fan alderlei ûnwinske reklame wêryn't penisferlinging oanpriizge wurdt. Dat moat dan berikt wurde troch it gebrûk fan apparaten dy't de penis net wier ferlingje, mar inkeld de ereksje stimulearje, sadat de penis tydlik wat grutter liket. Sokke reklame-uterings spylje handich yn op mooglike gefoelens fan minderweardichheid dy't manlju ûnderfine kinne as se miene dat harren geslachtsdiel yn ferliking mei oare manlju te lyts is. Yn 'e psychology wurde sokke gefoelens en fral ek de aksjes dy't dêrút fuortkomme beneamt as kompensaasje of oerkompensaasje: manlju dy't miene dat harren penis te lyts is, besykje op oare mêden harren grutheid te bewizen, bgl. mei grutte auto's, huzen, stânbylden, wapens, ensfh. Sokke dingen wurde yn dit ramt fallussymboalen neamd. By manlju dy't wier in lytse penis hawwe (minder as 5-10 sm yn ereksje), wurdt soms in penisfergruttingsoperaasje útfierd. De penis rint nammentlik noch 1 oant 3 sm yn it lichem troch, en dy lingte wurdt dan nei bûten ta helle. Echt spektakulêr is it ferskil net, mar guon manlju kinne der (psychologysk) baat by hawwe.

Guon manlju litte yn harren penis by wize fan lichemsfersiering of om it seksueel geniet te fergrutsjen piercings oanbringe. Genitale piercings troch de penis komme foar yn 'e folgjende foarmen:

De penis fan in hûn.

De penis ferskilt bot fan bist ta bist. Guon bisten, lykas hûnen, hawwe in saneamde penisbonke (os penis). By sokke bisten is de ereksje net inkeld it gefolch fan in ferhege bloedtafier nei de penis, mar ek fan it nei bûten ta skowen fan 'e penisbonke. By hynders en hûnen sit de penis weromlutsen yn in húl; as rikels en hynsten in ereksje krije, skoot it grutste part fan 'e penis nei bûten ta. Fierders hawwe ferskate bistesoarten in evoúsjonêr meganisme ûntwikkele om te bewissigjen dat de fuortplanting plakfynt mei it sperma fan it oangeande yndividu. Dêrta wurdt dan faak de fagina fan it wyfke tydlik ôfsletten, sadat it sperma net fuortrinne kin. Hynsten hawwe bgl. in grutte nút om't dy't by de ejakulaasje fêst komme moat te sitten yn 'e skurtesluting (baarmoedermond) fan 'e merje. By hûneftigen set by de ejakulaasje de bulbus glandis op, it diel fan 'e penis dat it tichtst by de romp sit, mei as gefolch dat de penis fan 'e rikel tydlik yn 'e skie fan 'e teef fêst komt te sitten.

Ek de foarm fan 'e penis rint sterk útinoar. Sa hawwe bargen in spiraalfoarmige penis, wêrmei't de bear himsels 'fêstskroevet' yn 'e skie fan 'e sûch. Ynsekten hawwe penissen mei tige yngewikkelde struktueren, sadat dy inkeld 'passe' op 'e geslachtsorganen fan wyfkes fan deselde soarte. De measte bûdeldieren, útsein de beide grutste soarten kangoeroes, hawwe in spjalte penis mei twa úteinen. De eameldersychel, ien fan 'e snabeldieren, hat in penis mei fjouwer koppen, wêrfan't lykwols mar twa brûkt wurde by it pearjen; de oare beide wurkje net en lykje rudimintêr te wêzen. Ek de lingte fan 'e penis yn ferhâlding ta de lichemsgrutte ferskilt bot. Folwoeksen gorilla's, bygelyks, hawwe nettsjinsteande in mânskere lichemsgrutte as de minske in penis dy't yn ereksje mar sa'n 4 sm mjit. In oare primaat, de sjimpansee, hat in penis dy't yn ereksje 8 sm lang is. Op it mêd fan 'e sûchdieren hat de boskpipermûs de lytste penis (rekkene neffens absolute lingte), fan mar 5 mm; de grutste penis is nei alle gedachten dy fan 'e blauwe finfisk (it grutste sûchdier fan 'e wrâld), dy't lykwols noch nea persiis opmetten is.

De pseudopenis fan in ein.

By de measte fûgelsoarten hawwe de mantsjes gjin penis, mar in kloäka, krekt as de wyfkes. Utsûnderings op dy regel binne de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae), dêr't û.m. de kasuarissen en emoes, kiwys, reä's en strúsfûgeleftigen ta hearre, en de skiften fan 'e flamingo-eftigen (Phoenicopteriformes) en de goeseftigen (Anseriformes), wêrûnder de einen, guozzen en swannen. Undersyk hat útwiisd dat hoannen by harren ûntwikkeling wol penisgroei fertoane, mar dat dat tsjinkeard wurdt troch in proteïne dat seldea befoarderet. Mooglik jildt soks ek foar oare penisleaze fûgels. By fûgels dy't àl in penis hawwe, is dy fan in hiel oare struktuer as by sûchdieren, mei't it by fûgels om in útwreding fan 'e wand fan 'e kloäka giet, en in ereksje ûntstiet troch tafier fan lymfe ynstee fan bloed. De Argentynske marein hat de langste penis yn ferhâlding ta syn lichemsgrutte fan 'e alle wringedieren, nammentlik trochinoar 20 sm, oftewol de helte fan 'e lichemslingte. De grutste dokumintearre penis by dizze soarte wie trouwens 42 sm lang.

Mantsjes fan it skift fan 'e skobhûdigen (Squamata) fan 'e reptilen, dat de slangen, hagedissen en wjirmhagedissen omfiemet, hawwe twa byinoarhearrende organen dy't hemipenes neamd wurde. By de fisken binne de organen gonopodium, andropodium en falva ûntwikkele út adaptearre finnen. De grutste penis yn ferhâlding ta lichemsgrutte fan alle bisten, sawol wringedieren as wringeleazen, is dy fan 'e rankpoatkreeften, dy't ien hawwe dy't wol fjirtich kear sa lang wurde kin as harren lichem. Dat is in adaptaasje wêrmei't se sûnder fan har plak te kommen it tichtstbywêzende wyfke berikke kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.