Springe nei ynhâld

Punt (teken)

Ut Wikipedy
.

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

In punt wurdt yn de taal ûnder oare brûkt as lêsteken, en yn de wiskunde en de ynformatika as symboal foar ferskate doelen.

Yn de taal sette jo in punt oan de ein fan in sin om dúdlik te meitsjen dat dy sin ôf is. By in punt is it wenst om efkes te wachtsjen foar’t de folgjende sin lêzen wurdt. De punt oan de ein fan in sin wurdt folge fan in spaasje, wêrnei’t eventueel in nije sin begjint.

Sûnder punten en haadletters (oan it begjin fan in sin) is in tekst min te lêzen:

op in kreaze simmerdei kocht in man út Egypte in kamiel de kamiel hie twa grutte bulten op ‘e rêch en fjouwer skonken in grut hûs, twa froulju, in moaie wein en in hotel wiene eigendom fan de man út Egypte yn Fryslân reint it wolris, mar yn de woastyn is it och sa droech

Mei punten en haadletters sjocht de tekst der sa út:

Op in kreaze simmerdei kocht in man út Egypte in kamiel. De kamiel hie twa grutte bulten op ‘e rêch en fjouwer skonken. In grut hûs, twa froulju, in moaie wein en in hotel wiene eigendom fan de man út Egypte. Yn Fryslân reint it wolris, mar yn de woastyn is it och sa droech.

Ien of mear punten wurde ek brûkt yn ôfkoartings (d.w.s.; a.j.w.; bg.) of om de ein fan in ôfkoarting oan te jaan (ds., mr., drs.). Nei in punt yn in ôfkoarting komt gjin ekstra punt om de ein fan in sin oan te tsjutten.

Oan de ein fan in titel (net persoansoantsjuttend bedoeld, dus fan in artikel, haadstik, paragraaf, ensfh.) of in tuskenkopke stiet nea in einrigelpunt, ek net as it om in sin giet.

De lytse letters i en j, en ek de kombinaasje ij hawwe in punt yn. Op de haadletter I mist de punt meast, krekt as by de J en de IJ.

Yn it Turksk kin de betsjutting fan in wurd feroarje troch it al of net brûkten fan de punt op de i.

Yn it Frysk wurdt by grutte tallen in punt brûkt om elts trijetal fan sifers faninoar te skieden. Bygelyks:

1.000.000
19.234,56

By in tal mei fjouwer sifers foar de komma hoecht gjin punt brûkt te wurden:

1234,56

Yn tallekolommen of yn oare tallerigen dêr’t elts tal deselde opmaak krije moat, is it lykwols al wenst om tallen mei fjouwer sifers foar de komma in punt te jaan.

Yn stee fan in punt kin ek in spaasje brûkt wurde. Dat hat it foardiel dat der gjin betizing ûntstean kin mei de Ingelsktalige notaasje, mar hat it neidiel dat it tal by de spaasje oer twa rigels splist wurde kin as der gjin hurde spaasje brûkt wurdt:

1 000 000
19 234,56

Yn de Ingelstalige notaasje wurdt de punt krekt brûkt as desimaalteken en skriuwe jo in komma (of spaasje) om in trijetal sifers faninoar te skieden:

1,234.56
1 234.56

Yn de wiskunde wurdt in punt brûkt

  • as fermannichfâldigingsteken:
  • as symboal foar it ynwendich produkt:
  • foar it ôflate nei de tiid:
  • om in fuortsetting oan te jaan:

Yn de ynformatika wurdt de punt gauris brûkt om ferskate nivo’s yn in hiërargyske struktuer faninoar te skieden, lykas in domeinnammen, bygelyks: fy.wikipedia.org.

By bestânsnammen wurdt de punt brûkt om de namme fan it bestân te skieden fan de bestânsekstinsje. Sa bestiet de bestânsnamme foarbyld.txt út de namme foarbyld en de ekstinsje txt. Op UNIX-eftige bestjoeringssystemen hat de punt boppedat in ekstra funksje: as se oan it begjin fan in bestânsnamme set wurde, wurdt it bestân in saneamd ferburgen bestân.