Romeinske myl
Appearance
De Romeinske myl of mile (Latyn: milia passuum of milliaria) is in troch de Romeinen ynfierde lingtemjitte mei in lingte fan tûzen stappen, sa't de namme al seit, mar 1 Romeinske stap wie gelyk oan twa gewoane stappen. De lingte fan in Romeinske myl beroan sa'n 1478 meter. De myl is ferdield yn lytsre ienheden sa't hjirûnder beskreaun wurdt.
Oan alle Romeinske wegen stiene milliaria,, (mylpeallen), dêr't de ôfstân nei wichtige plakken op te lêzen wie.
Romeinske lingtemjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- digitus (fingerlid) (sa'n 18,5 mm)
- palmus (palm): 4 digiti (sa'n 73,9 mm)
- pes (foet): 4 palmi (sa'n 296 mm)
- passus (stap): 5 pedes (sa'n 1478 mm)
- milia passuum of milliarium (myl): 1000 passus (sa'n 1478 m)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Myl foar oare lingtemjitten mei de namme myl.
- Milliarium
- Mylpeal
- Leuga in keltyske ôfstânsmjitte dy't de Romeinen ek brûkten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |