Springe nei ynhâld

Tate-LaBianca-moarden

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rosemary LaBianca)

De Tate-LaBianca-moarden wiene in rige moarden dy't fan 8 oant en mei 10 augustus 1969 yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, útfierd waarden troch leden fan 'e Manson Family, de gewelddiedige binde anneks sekte om searjemoardner Charles Manson hinne. By de Tate-moarden waarden yn 'e nacht fan 8 op 9 augustus yn 'e wyk Hollywood seis minsken ombrocht, ûnder wa de bekende en acht en in heale moanne swiere aktrise Sharon Tate, de frou fan regisseur Roman Polanski. De nachts dêrop waarden yn 'e wyk Los Feliz by de LaBianca-moarden nochris twa minsken deamakke. De dieders waarden mear as in moanne letter min ofte mear by tafal ûntdutsen troch it Los Angeles Police Department en krigen by harren proses allegearre libbenslange finzenisstraf oplein.

Tate-moarden
Tate-LaBianca-moarden (Hollywood)
Tate-LaBianca-moarden
Lokaasje fan it plak delikt fan 'e Tate-moarden op in plattegrûn fan Hollywood.

Yn 'e nacht fan 8 op 9 augustus 1969 ried Tex Watson yn Los Angeles mei trije froulike leden fan 'e Manson Family, Susan Atkins, Patricia Krenwinkel en Linda Kasabian, nei de filla op it adres 10050 Cielo Drive ta, yn 'e wyk Hollywood. Watson soe letter úthâlde dat sektelieder Charles Manson him opdracht jûn hie om eltsenien dy't er yn dy wente oantrof "totaal te ferneatigjen" en dat "sa grousum te dwaan ast mar kinst". Tsjin 'e trije froulju sei Manson dat se dwaan moasten wat Watson harren hiet.

De bewenners fan 'e filla wiene de bekende aktrise Sharon Tate, dy't mei 26 jier oan it begjin fan in gâns ûnthjittende karriêre stie, en har man, de Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski. Men wol wol hawwe dat Manson wrok koestere tsjin muzykprodusint Terry Melchers, mei wa't er gedoente hân hie en dy't earder yn 'e filla oan Cielo Drive wenne hie. Dyselde hie it hûs lykwols yn febrewaris 1969 ferkocht oan 'e Polanski's. Begjin augustus wie Tate krekt werom út Jeropa, dêr't se yn Itaalje de film The Thirteen Chairs opnommen hie en dêrnei yn Londen har man besocht hie. Polanski wie dwaande mei de opnamen fan in eigen film, mar hy wie fan doel om op 12 augustus werom te wêzen yn Los Angeles. Dat wie rom foar de deis dat Tate, dy't acht en in heale moanne swier wie, útrekkene wie.

Yn it healjier dat de Polanski's allebeide yn Jeropa west hiene, wie harren hûs bewenne troch in pear fan harren freonen: Wojciech Frykowski, in jeugdfreon fan Polanski út Poalen, en dy syn freondinne Abigail Folger, de dochter en erfgenamte fan miljonêr Peter Folger, dy't syn fortún makke hie mei de produksje fan kofje. Om't Tate earder as Polanski werom wie yn Los Angeles, frege Polanski oan Frykowski en Folger om sa lang noch yn it hûs te bliuwen, sadat de sa stadichoan op alle dagen rinnende Tate net allinnich wêze soe. Tate nûge ek har bêste freon en eardere frijer Jay Sebring, ien fan 'e meast foaroansteande hierstylisten fan Hollywood, út om by har te útfanhûzjen. De jûns fan 8 augustus giene se fjouweresom út te iten yn it El Coyote Cafe, wêrnei't se omtrint 22.30 oere wer thús wiene. Tate hie ek ferskate oaren útnûge, ûnder wa akteur Steve McQueen en muzykprodusint Quincy Jones, dy't in maat fan Sebring wie. McQueen besleat thús te bliuwen op oantrúnjen fan syn freondinne, wylst Jones wol gean wollen hie, mar ferhindere wie. Wol oanwêzich wie William Garretson, de hûswarder, dy't yn it gasteferbliuw wenne, op in eintsje fan 'e eigentlike filla ôf.

Watson en de trije froulju arrivearren op 'e lette jûn op Cielo Drive, nei alle gedachten koart foar midsnacht. Watson klom yn in tillefoanpeal en knipte de tillefoanline troch dy't nei it hûs late. Dêrnei rieden se harren auto tebek by it oprinnende Cielo Drive del en parkearren dy ûnderoan de heuvel. Geandefoets kearden se werom nei de filla, dêr't se in mei strewelleguod begroeide skeante beklommen om't se tochten dat de poarte elektrysk wurkje of mei in alaarm tarist wêze koe.

Ienris op it hiem seagen se koplampen dy't harren kant útkamen. Watson hold de auto oan wylst de trije froulju har beskûl holden yn it strewelleguod. De auto wie in AMC Ambassador út 1965 en de bestjoerder wie Steven Parent, in jongeman dy't om 23.30 oere in besyk brocht hie oan William Garretson en koarte tiid letter wer ôfset wie. Watson rjochte in .22 kaliber revolver op Parent, dy't him smeekte om him gean te litten en ûnthiet dat er neat oer it foarfal sizze soe. As antwurd helle Watson mei in mânske knyft nei him út. Dêrmei besoarge er Parent in definsive wûne oan 'e hânpalm, wêrby't ferskate sinen trochsnien waarden en syn horloazjebantsje ek. Dêrnei skeat er him fjouwer kear yn it boarst en de búk. Parent stoar frijwol daliks wylst er noch efter it stjoer fan syn auto siet. Watson oardere de froulju om 'e auto fierder de oprit op te triuwen en by de tagong nei de iepenbiere dyk wei.

Watson liet Kasabian by de poarte efter om op 'e útkyk te stean en te warskôgjen foar it gefal dat der ien oan kaam. Mei Atkins en Krenwinkel gied er sels nei de filla ta, dêr't er it gaasramt fan in finster stikken snie en troch de sa ûntstiene iepening ynbriek. Hy liet Atkins en Krenwinkel yn troch de foardoar. Syn flústerjen tsjin Atkins makke Frykowski wekker, dy't yn 'e wenkeamer op 'e bank lei te sliepen. Watson skopte him tsjin 'e holle oan, en doe't de feralterearre Frykowski him frege wa't er wie en wat er hjir moast, antwurde er: "Ik bin de duvel en ik bin hjir om it wurk fan 'e duvel te dwaan."

Watson stjoerde Atkins derop út om mei help fan Krenwinkel de oare trije oanwêzigen yn it hûs te finen: Tate, Folger en Sebring, dy't ûnder bedriging mei messen nei de wenkeamer ta brocht waarden. Dêr smiet Watson in lang tou, dat er by him hie, oer ien fan 'e soudersbynten hinne, wêrnei't er de úteinen by Tate en Sebring om 'e hals knope. Sebring protestearre tsjin 'e rûge behanneling fan 'e swiere Tate, wêrnei't Watson him delskeat. Folger waard mei werom nommen nei har sliepkearmer om har beurs op te heljen, en se joech de ynkringers alle jild dat se dêryn hie, $70. Dêrop stiek Watson sân kear op Sebring yn.

De hannen fan Frykowski wiene provisoarysk byinoar bûn mei in handoek, mar hy wist himsels te befrijen en wraksele mei Atkins, dy't him yn 'e skonken besocht te stekken. It slagge him de foardoar te berikken, mar op 'e weranda helle Watson him by en sloech him ferskate kearen mei de kolf fan syn revolver op 'e holle, stiek in stikmannich kearen op him yn en skeat him twaris del. Kasabian tsjûge letter dat se "ôfgryslike lûden" út 'e rjochting fan it hûs kommen heard hie. Hja ferliet har posysje ûnderoan de oprit en rûn nei it hûs, dêr't se besocht om 'e moardnerij ophâlde te litten troch tsjin Atkins te ligen dat se ien oankommen heard hie.

Yn it hûs ûntsnapte Folger oan Krenwinkel en flechte troch in doar yn ien fan 'e sliepkeamers nei it swimbad. Krenwinkel efterfolge har en helle har by doe't Folger it foargazon berikte, dêr't se har delstiek en tackele. Watson kaam der doe by om Krenwinkel te helpen en tegearre fermoarden se Folger troch yn totaal 28 kear op har yn te stekken. De swierferwûne Frykowski kroep ûnderwilens oer it foargazon yn 'e rjochting fan 'e oprit, mar Watson kaam by him werom en begûn fannijs op him yn te stekken oant er úteinlik dearekke. Yn totaal hied er 51 stekwûnen oprûn en teffens wied er 13 kear mei de kolf fan Watson syn revolver op 'e holle huft, sa hurd dat de kolf stikken gie en de loop ferbûgd rekke.

Sharon Tate.

Underwilens smeekte Tate yn it hûs om langernôch libje te meien om har poppe te wrâld te bringen. Se bea harsels as gizelder oan om mei de moardners te gean, sadat se har, as se oer twa wiken befallen wie, dochs noch deameitsje koene. Har smeekbea waard lykwols net nei harke, en Atkins en Watson stieken 16 kear op har yn, dat se it bestoar.

Neffens Watson hie Manson tsjin 'e froulju sein dat se "in symboal efterlitte" moasten, "wat heksichs". Atkins skreau it wurd "pig" ("baarch") yn Tate har bloed op 'e foardoar. Atkins bewearde letter dat se dat die sadat de moard lykje soe op 'e moard op Gary Hinman, dêr't in oar lid fan 'e Manson Family, Bobby Beausoleil, foar oppakt wie. (Beausoleil hie yn it bloed fan Hinman "political piggy" op 'e muorre skreaun nei't er de man deastutsen hie.) It idee wie neffens Atkins dat de plysje Beausoleil frijlitte soe as se tochten dat Tate-en-dy troch deselde moardner om hals brocht wiene.

LaBianca-moarden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nachts nei de Tate-moarden gie Charles Manson in ein út te riden mei Watson, Atkins, Krenwinkel, Kasabian plus twa oare leden fan syn sekte, Leslie Van Houten en Clem Grogan. Nei't it skynt wie Manson ûntefreden dat it twa fan 'e slachtoffers fan 'e foargeande nacht slagge wie en ûntsnap út it hûs foar't se ombrocht wiene. Hy hiet Kasabian, dy't efter it stjoer siet, om nei in hûs te riden op 3301 Waverly Drive yn 'e wyk Los Feliz. Dat stie njonken in hûs dêr't Manson en guon leden fan 'e Manson Family in jier earder op in feest west hiene. It wie eigendom fan Leno LaBianca, dy't in heechpleatste funksje yn it bestjoer fan in supermerkkeatling hie, en dy syn frou Rosemary, dy't mei oaren in kleanwinkel besiet dêr't djoere jurken ferkocht waarden.

Neffens it tsjûgenis fan Atkins en Kasabian gie Manson by dat hûs allinne de oprit op, en doe't er in skoft letter weromkaam, seid er dat er de bewenners fan it hûs fêstbûn hie. Dêrop giene Watson, Krenwinkel en Van Houten nei binnen. Yn syn autobiografy skreau Watson letter dat Manson inkeld op ferkenning útgie, en dat er dêrnei allinne Watson ophelle. Manson wiisde troch in rút nei in sliepende man, wêrnei't hy en Watson troch de efterdoar, dy't los wie, yn 'e hûs giene. Manson soe dêrnei de sliepende man, Leno LaBianca, wekker makke hawwe ûnder bedriging mei in pistoal, wêrnei't Watson him de hannen fêstbûn. Rosemary waard ophelle út in sliepkeamer, wêrnei't Watson har beiden slopen oer de holle die, dy't er om 'e hals byinoar bûn mei de snuorren fan inkele skimerlampen. Dêrnei gie Manson fuort en kamen Krenwinkel en Van Houten deryn.

Watson hie by Manson klage oer de ûntarikkendheid fan 'e wapens dy't er de foargeande nachts ta syn foldwaan hân hie. Dêrop hied er in fergrome bajonet tastoppe krigen. Hy stjoerde de beide froulju mei Rosemary LaBianca nei de sliepkeamer ta, wylst er sels yn 'e wenkeamer mei de bajonet op Leno LaBianca begûn yn te stekken. De earste stekwûne brocht er him ta yn 'e kiel. Doe't er lûden fan in fjochtpartij út 'e sliepkeamer kommen hearde, gied er dêrhinne om 'e sitewaasje te hifkjen. Hy ûntdiek dat Krewnwinkel en Van Houten troch Rosemary LaBianca op ôfstân holden waarden troch mei de skimerlampe te swaaien dy't har oan 'e hals fêstbûn wie. Hy stiek har dêrop ferskate kearen mei de bajonet yn 'e búk, wêrnei't er weromkearde nei de wenkeamer om Leno LaBianca wer oan te fallen, dy't er yn totaal 12 stekwûnen tabrocht. Dêrnei kurf er it wurd "WAR" ("OARLOCH") yn syn búk.

Doe't er dêrmei klear wie, gie Watson wer nei de sliepkeamer, dêr't Krenwinkel op Rosemary LaBianca oan it ynstekken wie mei in mês dat se yn 'e koken fan it hûs fûn hie. Van Houten stiek har ûnderwilens 16 kear yn har rêch en har ûntbleate stuten. By har berjochting soe se letter sizze dat de frou doe al dea wie. De patolooch-anatoom befêstige dat it grutste diel fan 'e yn totaal 41 stekwûnen fan Rosemary LaBianca postúm tabrocht wie.

Watson himmele syn bajonet en naam doe in dûs om it bloed fan syn slachtoffers fan him ôf te spielen, wylst Krenwinkel yn it bloed fan frou LaBianca de wurden "Rise" ("Stean op") en "Death to pigs" ("Dea oan baargen") op 'e muorren skreau en op 'e kuolkastdoar "Healter Skelter" (in misstavere ferzje fan "Helter Skelter", de oantsjutting dy't Charles Manson brûkte foar de troch him ferwachte rasse-oarloch). Ek joech se Leno LaBianca 14 prikwûnen dy't se tabrocht mei in twatine ivoarhêften fleisfoarke, dy't se dêrnei út syn búk omheech stykje liet. In fleismês plante se him yn 'e kiel.

Underwilens ried Manson mei de oare trije leden fan syn sekte dy't mei him ôfset wiene fan harren wenplak op 'e Spahn Ranch, nei de wente fan 'e Libaneeske akteur Saladin Nader yn in appartemintekompleks yn 'e wyk Venice. Manson liet Kasabian, Atkins en Grogan dêr efter, wylst er allinnich weromried nei de Spahn Ranch en de oaren mar sjen moasten hoe't se dêr liftsjend of geandefoets wer kamen. Neffens Kasabian wie it syn bedoeling dat de twadde groep Nader fermoardzje soe, mar dwerseide sy dat plan troch mei opsetsin op 'e doar fan it ferkearde appartemint oan te klopjen en in oare bewenner wekker te meitsjen. De groep liet de moard dêrnei sitte en spile fan ruten, mar net foar't Atkins ûnderweis nei bûten yn it treppehûs deldriten hie.

De stoflike omskotten fan Sharon Tate en de oaren dy't yn 'e filla oan Cielo Drive fermoarde wiene, waarden de moarns fan 9 augustus ûntdutsen troch de húshâldster Winifred Chapman. De plysje naam de hûswarder William Garretson yn it ferhear. Hy ferklearre dat ien fan 'e slachtoffers, Steven Parent, him de foargeande jûns koart besocht hie yn syn wente yn it gasteferbliuw. Sels hied er neat fan alle trelit murken. Mei't der neat wie dat op syn belutsenens wiisde, waard er troch de plysje frijlitten. Pas yn septimber waarden guon leden fan 'e Manson Family arrestearre foar misdriuwen dy't neat mei de Tate-LaBianca-moarden te krijen hiene, wêrnei't de plysje úteinlik ûntdiek dat sy skuldich wiene oan 'e moarden.

Berjochting fan 'e dieders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fjouwer haaddieders, Tex Watson, Susan Atkins, Patricia Krenwinkel en Leslie Van Houten, waarden foar harren rol by de Tate-LaBianca-moarden allegearre feroardiele ta de deastraf. Charles Manson, dy't as opdrachtjouwer sjoen waard, krige ek de deastraf oplein. Dat kaam benammen op it konto fan ofsier fan justysje Vincent Bugliosi, dy't mei súkses de sjuery derfan wist te oertsjûgjen dat Manson mei de moarden aktyf in rasse-oarloch besocht út te lokjen, dy't er "Helter Skelter" neamde. Yn 1972 die it Heechgerjochtshôf fan Kalifornje lykwols yn 'e saak People v. Anderson de útspraak dat de deastraf tsjin 'e Kalifornyske grûnwet yngie. Fan gefolgen waard by de 107 lju dy't doe op 'e útfiering fan harren deastraf wachten, de straf omset yn libbenslange finzenisstraf. Under dy 107 feroardielen wiene ek Manson en de fjouwer dieders fan 'e Tate-LaBianca-moarden.

Susan Atkins bleau yn 'e finzenis oant se yn 2009 mei 61 jier ferstoar oan in harsentumor. Patricia Krenwinkel sit anno 2023 noch altyd fêst en is sûnt de dea fan Atkins de langst sittende froulike finzene fan Kalifornje. Leslie Van Houten wie yn 1971 mei 21 jier de jongste frou dy't ea de deastraf oplein krigen hie yn Kalifornje. Se krige op 11 july 2023 ynfrijheidstelling ûnder betingst nei't har dat troch de jierren hinne 22 kear ûntsein wie. Tex Watson sit anno 2023 noch altyd yn it tichthûs. Under syn finzenskip hat er him bekeard ta it kristendom. En Charles Manson, ta einbeslút, bleau yn 'e finzenis oant er op 19 novimber 2017 mei 83 jier stoar oan in hertoanfal feroarsake troch koartammigens en termkanker. Hy hie santich jier fan syn libben trochbrocht yn finzenskip fan it iene of oare soarte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.