Moanne (tiid)
Appearance
In moanne is in tal fan dagen dat likernôch gelyk is oan de perioade dêr't de Moanne yn om de Ierde draait. Om't dy perioade likernôch 29,53 dagen is, kin in moanne net presiis de goede lingte hawwe, sadat moannen of te lang of te koart binne.
Yn de Gregoriaanske kalinder duorret in moanne 28, 29, 30 of 31 dagen, en in jier duorret 12 moannen:
Moanne | Lingte | Neamd nei | Oare namme |
---|---|---|---|
Jannewaris | 31 | de Romeinske god Janus | Foarmoanne |
Febrewaris | 28/29 | it Romeinske reinigingsfeest Februa | Selle(moanne) |
Maart | 31 | de Romeinske god Mars | Foarjiersmoanne |
April | 30 | it Latynske wurd "aperire" | Gersmoanne |
Maaie | 31 | de Romeinske goadinne Maja | Blommemoanne |
Juny | 30 | de Romeinske goadinne Juno | Simmermoanne |
July | 31 | de Romein Julius Caesar | Heamoanne |
Augustus | 31 | de Romeinske keizer Augustus Oktavianus | Rispmoanne |
Septimber | 30 | it Latynske wurd foar "sân" | Hjerstmoanne |
Oktober | 31 | it Latynske wurd foar "acht" | Wynmoanne |
Novimber | 30 | it Latynske wurd foar "njoggen" | Slachtmoanne |
Desimber | 31 | it Latynske wurd foar "tsien" | Wintermoanne |