Ravenna (stêd)
Ravenna (stêd) | ||
Piazza di Populo yn Ravenna | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Itaalje | |
Regio | Emilia-Romagna (EMR) | |
Provinsje | Ravenna | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 156.497 (31.07.2024) | |
Oerflak | 653,82 km² | |
Hichte | 4 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 44° 25'N 12° 12'E | |
Offisjele webside | ||
www.comune.ra.it | ||
Kaart | ||
Ravenna is in stêd yn eastlik Itaalje. It is de haadstêd fan 'e provinsje Ravenna en telt om-ende-by 155.000 ynwenners (2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn 'e 5e iuw f.Kr. wie der al sprake fan in delsetting yn 'e omkriten fan Ravenna. Yn 89 f.Kr. waard de stêd Romeinsk en yn 402 de haadstêd fan it West-Romeinske Ryk. Nei it ôfsetten fan 'e lêste Romeinske keizer troch de Germaan Odoaker waard it de sit fan syn keninkryk en letter, doe't de Ostrogoaten fan Theodorik de Grutte (ek bekend as Diderik fan Bern) Itaalje oermasteren, op 'e nij haadstêd.
Yn de Midsiuwen hat de stêd foar lange tiid de sit west fan de Byzantynske eksarch (in biskop mei syn sit fier fan it sintrum fan it Ryk) yn Itaalje.
Nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de stêd binne de Byzantynske ynfloeden noch hieltiten sichtber. Yn 'e ferneamde basilyk fan San Vitale (bou úteinset yn 526) binne weardefolle mozaiken te sjen. It is ien fan 'e acht bouwurken út de ier-kristlike tiid dy't op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO steane:
- Batisterro degli Ortodossi (sirka 430), de Doopkapel fan 'e Ortodoksen) om ôfstân te nimmen fan de Arianen, dêr't kening Theodorik de Grutte in oanhinger fan wie. Mei bylden fan gips en in fleurich mozayk yn de koepel.
- Mausoleo di Galla Placidia, mausoleum fan Galla Placidia, (sirka 430)
- Battistero degli Ariani, baptistearium (doopkapel) fan 'e Arianen mei yn de koepel in mozayk dy't de doop fan Jezus foarstelt (sirka 500).
- Cappella Arcivescovile, in ortodoks monumint út de regearperioade fan Theodorik, sirka 500).
- Sant'Apollinare Nuovo, de nije Sint-Apollinarisbasilyk (sirka 500)
- Mausoleo di Teodorico, Mausoleum fan Theodorik, (sirka 520), boud mei grutte blokken kalkstien út Istrje
- Basilica di San Vitale, (547)
- Sant’Apollinare in Classe Sint-Apollinarisbasilyk bûten de stêd yn it doarpke Classe. Dy basilyk is boud mei dêrby in rûne klokketoer, (549).
Oare nijsgjirrichheden yn Ravenna binne:
- Basilica of San Francesco, Sint Fransiskusbasilyk, (10e-11e iuw)
- Basilica of Santa Maria Maggiore, barokke tsjerke (525-532, ferboud yn 1671)
- Santa Maria yn Porto, (16e iuw), de foarkant stamt út de 18e iuw
- Rocca Brancaleone, kastiel Brancaleone, boud yn 1457
- Palazzo di Teodorico, paleis fan Theoderik de Grutte
- Sant'Eufemia, (18e iuw)
Yn Ravenna binne fierders ek grêfmonuminten te finen, lykas de tombe fan keizerin Galla Placidia.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Ravenna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Marco Melandri (7 augustus 1982), Italjaansk motorkoereur
- Gionata Mingozzi (29 desimber 1984), fuotballer
Ferstoarn yn Ravenna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dante Alighieri (13/14 septimber 1321), Italjaansk skriuwer en dichter
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ravenna fan Wikimedia Commons. |