Springe nei ynhâld

Ralfûgels

Ut Wikipedy
Ralfûgels
In merkel (Fulica atra) mei in pykje.
In merkel (Fulica atra) mei in pykje.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
skift: kraanfûgeleftigen (Gruiformes)
ûnderskift: raleftigen (Ralli)
famylje: ralfûgels (Rallidae)
Vigors, 1826

De ralfûgels (wittenskiplike namme: Rallidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e kraanfûgeleftigen (Gruiformes) en it ûnderskift fan 'e raleftigen (Ralli). Ta dizze famylje hearre teminsten 130 libbene soarten, wêrûnder de yn Fryslân bekende merkel (Fulica atra) en it reidhintsje (Gallinula chloropus). Dêropta binne der noch 23 oant 25 resint (yn 'e lêste fiifhûndert jier) útstoarne soarten. Ralfûgels binne lytse oant middelgrutte fûgels dy't in oansjenlik ferskaat oan oanpassings fertoane. Hoewol't in protte soarten assosjearre wurde mei sompen en oare wetterrike kriten, komme se oeral op 'e wrâld foar, útsein yn drûge woastinen, yn 'e poalkriten en boppe de sniegrins yn heechberchtmen. Frijwol alle soarten ralfûgels hâlde fan tichte plantegroei dêr't se har yn ferskûlje kinne.

De wjukken fan 'e ralfûgels binne koart en rûn, en de soarten dy't fleane kinne, binne sadwaande gjin loftakrobaten. Wol kinne se, as se ienris yn 'e loft binne, harren flecht lange tiid folhâlde. By stoarm wurde se lykwols maklik fan koerts blaasd, wat de reden is dat de ralfûgels safolle ôfhandige eilannen kolonisearre hawwe. Fan 'e mear as 150 histoarysk bekende soarten ralfûgels hawwe 31 soarten har ûntjûn ta flechtleaze fûgels. Dat is in earsten foarbyld fan parallelle evolúsje yn it bisteryk. Behalven de swakke flechtfermogens spile dêrby ek in rol dat in soad ralfûgels leaver te foet útnaaie as fuortfleane as der gefaar driget, yn 't bysûnder as der sprake is fan tichte begroeiïng dy't beskûl biede kin. Guon fleanende soarten ferlieze fierders dochs al tydlik it fermogen om te fleanen as se ferfearje. En ta einbeslút waard troch it libben op eilannen dy't ûnberikber wiene foar grûnrôfdieren de needsaak om te fleanen eliminearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.