Theodor Storm
Theodor Storm | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hans Theodor Woldsen Storm | |
nasjonaliteit | Deensk Dútsk | |
berne | 14 septimber 1817 | |
berteplak | Hüsem (Denemark) | |
stoarn | 4 july 1888 | |
stjerplak | Hademarschen (Dútslân) | |
etnisiteit | Noardfrysk | |
wurk | ||
taal | Dútsk | |
sjenre | lit. romans, poëzij | |
perioade | 2e helte 19e iuw | |
streaming | reälisme, naturalisme | |
bekendste wurk(en) |
Immensee Der Schimmelreiter | |
jierren aktyf | 1849 – 1888 | |
offisjele webside | ||
www.theodorstorm.co.uk |
Theodor Storm (folút: Hans Theodor Woldsen Storm; Hüsem, 14 septimber 1817 – Hademarschen, 4 july 1888), wie in Dútsk skriuwer, dichter en abbekaat. Syn pro-Dútske hâlding brocht him yn konflikt mei de Deenske autoriteiten yn syn heitelân Sleeswyk, en hy brocht mear as tsien jier yn ballingskip troch. Hy is it bekendst wurden mei syn novellen Immensee en Der Schimmelreiter.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Storm waard yn 1817 berne yn it Noardfryske Hüsem, oan 'e westkust fan Sleeswyk, dat (krekt as Holstein) doedestiden formeel noch in ûnôfhinklik hartochdom wie, dat yn in personele uny mei Denemark ferbûn wie (d.w.s. de Deenske kening wie ek hartoch fan Sleeswyk en Holstein). Syn heit wie de abbekaat Johann Casimir Storm (1790-1874) en syn mem de húsfrou Lucie Woldsen (1797-1879). Storm gie nei skoalle yn Hüsem en Lübeck, en studearre rjochten te Kiel en Berlyn. Wylst er noch studearre, publisearre er al syn earste dichtbondel, mei fersen fan himsels en fan 'e bruorren Tycho en Theodor Mommsen.
Nei't er yn 1843 syn stúdzje ôfrûne hie, wurke er as abbekaat yn Hüsem, oant him yn 1852, nei ôfrin fan 'e Earste Deensk-Dútske Oarloch, syn foech ûntnommen waard troch de Deenske autoriteiten, fanwegen syn ûnfermoedsoenlike pro-Dútske hâlding. Storm ferfear sadwaande yn 1853 nei Potsdam, yn it Prusyske Brandenburch, en yn 1856 nei Heiligenstadt, yn Tueringen. Yn 'e simmer fan 1864 kaam er yn Baden-Baden, dêr't er nûge wie troch in freon, de skriuwer en skilder Ludwig Pietsch, yn 'e kunde mei de Russyske skriuwer Ivan Toergenjev. Neitiid briefken se jierrenlang, en stjoerden se inoar eksimplaren fan harren wurk.
Storm kearde pas yn 1865 yn Sleeswyk werom, nei't dat by de Twadde Deensk-Dútske Oarloch ûnder in dield Prusysk-Eastenrykske besetting kommen wie. Hy waard doe in distriktsmagistraat (Landvogt) ûnder it nije bewâld. Yn 1880 sette er him nei wenjen yn Hademarschen, dat justjes mear it binnenlân yn leit (mar noch altyd yn Sleeswyk-Holstein), dêr't er him syn lêste jierren talei op syn skriuwwurk. Yn 1888 kaam er dêr yn 'e âlderdom fan santich jier te ferstjerren oan kanker. Storm wie twaris troud, earst mei Konstanze Esmarch, dy't yn 1864 stoar, en neitiid mei Dorothea Jensen.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As auteur wie Storm wie ien fan 'e wichtichste fertsjintwurdigers fan it post-romantysk reälisme. Hy hat 50 novellen en in dichtbondel skreaun, mei dêryn ferskate bekend gedichten. Syn twa meast ferneamde wurken binne de novelle Immensee (1849) en syn masterwurk Der Schimmelreiter, skreaun yn syn lêste libbensjier 1888. Storm syn wurk kin sjoen wurde as foarútrinnend op 'e nije literêre streaming fan it naturalisme. Hy wurdt wurdearre om syn kombinearjen fan tagonklikens mei djipsinnigens yn syn wurk, dat de measte saneamde Heimatkeunst fan syn tiid te boppe giet.
Der Schimmelreiter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der Schimmelreiter, dat yn Storm syn bertekrite yn Noard-Fryslân spilet en ek twaris yn it Westerlauwersk Frysk oerset is, ferhellet oer Hauke Haien, in boeresoan, dy't earder as alle oaren fan syn gealju begrypt hoe faai oft de seediken derhinne lizze. Troch ferstân en ambysje bringt Haien it ta dykgraaf. Yn dat amt set er it oanlizzen fan in nije polder mei sterkere diken troch. Hy kriget te meitsjen mei ûnbegryp en tsjinwurking. De striid dy't dêrút fuortkomt, is er mânskernôch foar, mar de see sels makket him úteinlings dochs noch lytsman. De tema's fan it boek binne: de striid tsjin it wetter en it konflikt tusken yndividu en mienskip.
Priuwke fan Storm syn poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Die Stadt (oer Hüsem)
- Am grauen Strand, am grauen Meer
- Und seitab liegt die Stadt;
- Der Nebel drückt die Dächer schwer,
- Und durch die Stille braust das Meer
- Eintönig um die Stadt.
- Es rauscht kein Wald, es schlägt im Mai
- Kein Vogel ohn' Unterlaß;
- Die Wandergans mit hartem Schrei
- Nur fliegt in Herbstesnacht vorbei,
- Am Strande weht das Gras.
Bibliografy (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1849 Immensee
- 1851 Der kleine Häwelmann
- 1852 Gedichten
- 1858 Auf dem Staatshof
- 1861 Im Schloß
- 1863 Auf der Universität
- 1872 Draußen im Heidedorf
- 1874 Pole Poppenspäler
- 1874 Waldwinkel
- 1877 Aquis Submersus
- 1881 Hans und Heinz Kirch
- 1881 Der Herr Etatsrat
- 1884 Zur Chronik von Grieshuus
- 1885 Carsten Curator
- 1885 Ein Fest auf Haderslevhuus
- 1886 Ein Doppelgänger
- 1888 Der Schimmelreiter
- Fryske oersetting: De Skimmelrider (fert. Michiel Sjouke Elings Visser, 1927)
- Fryske oersetting: De Skimmelruter (fert. Lieuwe Heine Bouma, 1990)
- Biltske oersetting: De Skimmelrútter (fert. Sytse Hotzes Buwalda, 2018)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Theodor Storm en syn wrâld
- (dú) Biografy en in soad wurk fan Storm
- (dú) Der Schimmelreiter (Audioboek yn it Dútsk)
- (dú) Alle poëzij fan Theodor Storm.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Scholarly literature, op dizze side.
|
- Noardfrysk skriuwer
- Noardfrysk dichter
- Noardfrysk abbekaat
- Noardfrysk aktivist
- Noardfrysk balling
- Deensk romanskriuwer
- Deensk dichter
- Deensk abbekaat
- Deensk polityk aktivist
- Deensk balling
- Dútsk romanskriuwer
- Dútsk dichter
- Dútsk abbekaat
- Dútsk polityk aktivist
- Dútsk balling
- Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne
- Deensk persoan fan Dútsk komôf
- Dútsk persoan fan Noardfrysk komôf
- Persoan berne yn 1817
- Persoan stoarn yn 1888