Turkmenistan
| |||||
Offisjele taal | Turkmeensk | ||||
Haadstêd | Asjchabad | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
488.100 km² 0,49% | ||||
Ynwenners (2005) | 4.952.081 | ||||
Munt | Turkmeenske manat (TMM) | ||||
Tiidsône | UTC +5 | ||||
Nasjonale feestdei | 27 oktober | ||||
Lânkoade | TKM | ||||
Ynternet | .tm | ||||
Tillefoan | 993 |
Turkmenistan is in lân yn Aazje. Eartiids hearde it by de Sowjetuny. De haadstêd fan it lân is Asjchabad
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Turkmenistan hat in oerflak fan 488,100 km² en wurdt begrinzge troch:
- Kazakstan 379 km en Oezbekistan 1,621 km yn it noarden;
- Afganistan 744 km yn it easten;
- Iran 992 km yn it suden;
- de Kaspyske See yn it westen.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heechste berch fan it lân hjit de Ayrybaba (3137m). It klimaat is kontinintaal subtropysk. Der falt oer it hiele jier net folle rein. De simmers binne waarm mei minder strange winters.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Oktoberrevolúsje yn Ruslân wie der in soad politike ûnfrede yn de regio en dat late ta it stiftsjen fan de Turkmeenske Sosjalistysk Sowjetrepublyk dy't in jier letter ta de Sowjetuny tatreedzje soe. Turkmenistan ferklearre himsels op 27 oktober 1991 ûnôfhinklik fan de Sowjetuny dy't yn datselde jier opholden wie te bestean.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de befolking is 89% moslim en 8% russysk-ortodoksk. Turkmeensk is de offisjele taal fan it lân. Likernôch 12% fan de ynwenners praat Russysk en 5% Oezbeeksk.
Distrikten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bestjoerlik is Turkmenistan ferdield oer fiif provinsjes of welayatlar (meartal fan welayat):
Provinsje | Haadplak | Oerflak (km²) | Ynwennertal (1995) |
---|---|---|---|
Berea | Annau | 95,000 | 722,800 |
Balkan | Balkanabat | 138,000 | 424,700 |
Daşoguz | Daşoguz | 74,000 | 1,059,800 |
Lebap | Turkmenabat | 94,000 | 1,034,700 |
Mary | Mary | 87,000 | 1,146,800 |
De haadstêd Asjchabad falt net ûnder in provinsje mar is in autonoame stêd mei 604,000 ynwenners.