Springe nei ynhâld

Untsliepeniskatedraal (Poltava)

Ut Wikipedy
Untsliepeniskatedraal
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Poltava
plak Poltava
adres Sobornyj Mаydаn, 1
koördinaten 49° 34' N 34° 34' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Kiëv
Arsjitektuer
boujier 1751-1770
weropbou 2000-2004
sloopjier 1934
boustyl barok
Webside
FB-side fan 'e katedraal
Kaart
Untsliepeniskatedraal (Oekraïne)
Untsliepeniskatedraal

De Hillige Untsliepeniskatedraal (Oekraynsk: Свято-Успенський кафедральний собор) is in katedraal fan de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke yn Poltava yn 'e Oekraïne.

Yn 1748 waard it beslút nommen om oan it haadplein fan it fort fan Poltava in nije, stiennen katedraal te bouwen. De katedraal moast de houten katedraal út 1695 ferfange. De nije katedraal waard it earste stiennen gebou fan Poltova. Fanwegen in tal swierrichheden sette de bou pas yn 1751 útein en dy gyng troch oant 1770.

De bou fan 'e katedraal is yn 'e styl fan in byzantynske basilyk. Oarspronklik hie de katedraal mar trije koepels, mar likernôch tsien jier letter waard de katedraal al wer ferboud en waarden der noch twa koepels tafoege, sadat it in fiifkoepelige katedraal waard.

De katedraal yn it ein fan 'e 19e iuw.

Yn 1774 waard begûn mei de bou fan in klokketoer. Brek oan jild makke dat it wurk net in soad eine. Pas yn 1801, 27 jier letter, wie de toer klear. Op de twadde ferdjipping kamen de klokken te hingjen, wylst op de tredde ferdjipping de grutte klok hong, dy't getten wie fan kanonnen dy't yn 'e Azovfjildtochten (1695-1696) troch de Kozakken op 'e Turken yn 'e 18e iuw bút makke wiene by de ferovering fan it Turkske ferdigeningsfort Kizi-Kermen (it tsjintwurdige Beryslav). Tsjintwurdich stiet de klok yn it Museum fan Lokale Skiednis yn Poltava.

Ofbraak en weropbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 18e-iuwske katedraal waard yn 1934 troch de Sovjet-autoriteiten opblaasd en mei de grûn lykmakke. Allinne de klokketoer bleau stean en tenei brûkt as atelier.

Tsjin de ein fan 'e 20e iuw waard de toer renovearre en yn oarspronklike steat werombrocht. De katedraal waard yn 'e jierren 2000-2004 yn in krekt wat oare foarm as de oarspronklike katedraal wer opboud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: