Springe nei ynhâld

Voodoo

Ut Wikipedy
Voodoo-poppen
Voodoo-poppe
Alter
Voodoo timpel yn New Orleans
Dizze side giet oer de religy voodoo. Foar oare betsjuttings, sjoch: Voodoo (betsjuttingsside).

Voodoo (vodun) is in foarm fan religy dy't syn oarsprong hat yn West-Afrika, mear bepaald yn Togo en Benyn. By dizze folken hat him yn de rin fan de iuwen in wrâldbeskôging ûntwikkele, wêryn leauwe yn in skepper, bystien troch goaden en goadinnen, foarâlden en geasten, fûneminteel is. Fan dêrút is voodoo letter mei de slaven nei oare wrâlddielen ferhuze. Se brochten de voodoo nei lannen as Kuba, Haïty, Brazylje, it Karibyske gebiet en ek yn Suriname. Yn Suriname fermong de Afrikaanske voodoo him mei alderlei yndianerituelen, wêrút it hjoeddeiske winty ûntstie.

Voodoo is in offisjele godstsjinst yn de steat Benyn [1]. Al kin men him mei in oare godstsjinst ferminge, dochs bliuwt it in op himsels steande religy. By de deistige rituelen wurde foarwerpen brûkt dy't troch wijde persoanen makke binne en allinnich foar dizze doelen brûkt wurde. Sa binne der yn Togo en Benyn noch kleasters dêr't voodoo-folgelingen in beskate perioade yn trochbringe.
Sintraal by de rituelen steane potten, kalebassen, skalen en figueren fan stienguod. Se wurde brûkt om de 'voodoo-krêften' te fieden. Tagelyk binne se ek de tydlike behuzing fan dy krêften. Troch te putten út dit reservoir fan krêften soe de minsk syn libben in geunstige draai jaan kinne, bygelyks troch de geasten yn de foarwerpen geunstich te stimmen.

Yn de praktyk binne der sa in soad foarwepen ûntstien, dy't in rol spylje yn it deistige libben fan in voodoo-leauwige. Troch bepaalde rituelen, offers en soksoarte leaut men de geasten geunstich stimme te kinnen, wat de kwaliteit fan it libben ferbetterje kinne soe. Ek by sykte wurdt besocht middels voodoo de geasten geunstich te stimmen en sa it lot fan de sike te ferbetterjen. Der binne lykwols foarwerpen fan de wite en fan de swarte voodoo, wêrby't de swarte magy in rol spilet. It voodoo-stienguod is yn de eagen fan de folgelingen de voodoo sels. Se leauwe dat de voodoo werklik oanwêzich is yn de potten en bylden.

It wurd voodoo is ôflaat fan de Vodu, de 14 mindere goaden fan West-Afrika.

Besibbe ûnderwerpen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "VODUN (and related religions)" op religioustolerance.org, sjoen 17 maaie 2008