Easken
Om WordPress te draaien, riede wy oan dat jo host it folgjende stipet — in feilich, modern basisnivo foar prestaasjes en befeiliging.
HTTPS
Fereaske foar elke ynstallaasje.
Fersiferet de ferbining fan dyn side. Wêrom HTTPS wichtich is
Dat is eins alles. Apache of Nginx wurdt oanrikkemandearre as de meast robúste en funksjerike server foar it draaien fan WordPress, mar elke server dy’t PHP en MySQL stipet is goed. Foar de soepelste ûnderfining by it ynstellen — en it draaien — fan jo side, stipet elke host op de hosting-side it boppesteande en mear sûnder problemen.
Foar detaillearre oanbefellings foar PHP-útwreidingen, sjoch it Hosting Handbook.
Draaiend op ferâldere ferzjes?
WordPress sil noch draaie op PHP 7.4+ en MySQL 5.5.5+, mar dy ferzjes hawwe it offisjele End Of Life berikt en kinne jo side bleatstelle oan befeiligingskwetsberheden. Opwurdearjen wurdt sterk oanrikkemandearre.
Freegje dyn host om WordPress te draaien
As do net wis bist oft dyn host WordPress al draaie kin, hjir is in fersyk datst kopiearje en nei harren ta stjoere kinst:
Ik bin ynteressearre yn it draaien fan de iepenboarne WordPress <https://wordpress.org/> websoftware, en ik frege my ôf oft myn akkount it folgjende stipet:
- PHP 8.3 of heger
- MariaDB-ferzje 10.11 of heger OF MySQL-ferzje 8.0 of heger
- Nginx of Apache mei de mod_rewrite-module
- HTTPS-stipe
Tank!
Net ferplichte, mar oanrekommandearre foar bettere befeiliging
Hosting is feiliger as PHP-applikaasjes, lykas WordPress, útfierd wurde mei de brûkersnamme fan jo akkount ynstee fan de standert dielde brûkersnamme fan de server. Freegje jo mooglike hoster hokker stappen se nimme om de feiligens fan jo akkount te garandearjen.