Springe nei ynhâld

Edmond Halley

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 des 2017 om 20.45 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Wurken: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Boarstbyld fan Edmond Halley yn it Royal Greenwich Observatory

Edmond Halley (Haggerston by Londen, 8 novimber 1656 - Greenwich, 14 jannewaris 1742) wie in Britsk astronoom, heechlearaar te Oxford (1705) en direkteur fan de stjerrewacht fan Greenwich (1720).

Halley bepaalde de posysjes fan 340 stjer'ren oan de súdlike himel en brocht dêrfan in katalogus út (catalogus stellarum Australium). Hy ûntdekte dat de kometen fan 1531, 1607 en 1682 deselde komeet wie dy´t alle jierren werom komt. Dy komeet is no bekend as de komeet fan Halley. Ek ûntdekte Halley dat de stjerren sels bewege en printe de Principia fan Isaac Newton.

Halley boaske oan Mary Tooke yn 1682 en wenne yn Islington. It pear krige trije bern.

  • Catalogus stellarum Australium (1679)
  • A synopsis of the astronomy of comets (1705)
  • Astronomical tables (1752)