Springe nei ynhâld

John G. Neihardt

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 okt 2020 om 16.41 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
John G. Neihardt
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Gneisenau Neihardt
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 jannewaris 1881
berteplak Sharpsburg (Illinois)
stoarn 24 novimber 1973
stjerplak Columbia (Missoury)
etnisiteit Dútsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre poëzij, non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
Black Elk Speaks
A Cycle of the West
jierren aktyf 19001973
offisjele webside
www.neihardtcenter.org

John G. Neihardt (folút: John Gneisenau Neihardt; Sharpsburg (Illinois), 8 jannewaris 1881Columbia (Missoury), 24 novimber 1973) wie in Amerikaansk dichter, publisist, skiedkundige en etnolooch fan etnysk Dútsk komôf. Hy ûntjoech him ta in foaroansteand dichter en histoarikus oangeande it tiidrek fan it Wylde Westen, mar waard ferneamd troch syn boek Black Elk Speaks, wêryn't er de fizioenen en sjenswizen fan 'e Lakota-medisynman Swarte Wapity (Black Elk) beskreau. Neihardt waard yn 1974 opnommen yn 'e Nebraska Hall of Fame.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neihardt waard yn 1881 berne yn Sharpsburg, yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Doe't er tsien jier wie, ferfearen syn âlden mei him nei Wayne, yn Nebraska, dêr't er fierder opgroeide. Hy slagge mei sechstjin jier foar syn eksamens oan it Nebraska Normal College yn Wayne, en wie dêrnei ûnderwizer oan ferskate plattelânsskoallen yn 'e neite fan Hoskins. Neihardt sette útein mei it skriuwen fan poëzij doe't er tolve jier wie, en publisearre op syn njoggentjinde syn earste bondel, mei as titel The Divine Enchantment. Dat boek stipe swier op 'e mystyk fan it hindoeïsme, in gedachteguod dat de grûnslach fan in soad fan Neihardt syn ideeën en sjenswizen foarme, en dêr't in grut diel fan syn lettere wurk út fuortkomme soe.

Yn 1901, doe't er tweintich jier wie, sette Neihardt him nei wenjen yn Bancroft, dat oan 'e râne fan it Omaha Yndianereservaat leit. Dêr begûn syn libbenslange fassinaasje foar Yndiaanske kultueren. Yn Bancroft wie Neihardt ek mei-eigner en redakteur fan 'e pleatslike krante, de Bancroft Blade. Yn 1907, nei't er in reis nei de Black Hills ûndernommen hie, publisearre er syn twadde dichtbondel, A Bundle of Myrrh, mei romantyske poëzij yn frij fers. Dy gedichten waarden yn Parys lêzen troch in Mona Martinsen, in jonge byldhouster en learlinge fan Auguste Rodin, dy't der sa troch oangrepen waard dat se kontakt mei him socht. Neihardt en Martinsen setten útein mei in yntinse briefkerij, dy't der in jier letter ta late dat Martinsen oerkaam nei Nebraska, wêrnei't hja trouden.

De studearkeamer fan Neihardt.

Yn 1910 makke Neihardt in reis yn in iepen boat oer de rivier de Missoury fan Fort Benton, yn Montana, oant Sioux City, yn Iowa, oer in ôfstân fan mear as 3.200 km. Dy tocht, dêr't er it reisferhaal The River and I oer publisearre, wie it begjin fan in perioade fan yngeande reizen en ûndersyk foar syn magnum opus: in syklus fan fiif epyske gedichten dy't de tiidsspanne omfiemen fan 'e oankomst fan 'e ierste blanke pelzekeaplju op 'e Grutte Flakten oant en mei it Bloedbad fan Wounded Knee en de ein fan 'e geastedûnsbeweging.

Mei dy syklus wie Neihardt 29 jier dwaande. It earste diel, The Song of Hugh Glass, kaam út yn 1915; it twadde diel, The Song of Three Friends, yn 1919; it trêde diel, The Song of the Indian Wars, yn 1925; it fjirde diel, The Song of the Messiah, yn 1935; en it fyfde en lêste diel, The Song of Jed Smith, yn 1941. Yn 1949 waarden alle fiif dielen bondele en werútjûn ûnder de titel A Cycle of the West. Foar dit mânske wurk ynterviewde Neihardt in grut tal Amerikaanske kavaleristen en Lakota-krigers dy't yn 'e Slach oan de Little Bighorn fochten hiene, en syn beskriuwing fan dat ferneamde treffen is dan ek tige detaillearre.

Gedoente mei Swarte Wapity

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1920 ferhuze Neihardt mei syn gesin nei Branson. Yn 'e simmer fan 1930 socht er yn it ramt fan syn oangeande ûndersyk nei de geastedûns kontakt mei de foaroansteande Lakota-medisynman Swarte Wapity (Black Elk), dy't oanwêzich west hie by sawol de Slach oan de Little Bighorn as it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee. Dyselde dielde mei Neihardt syn libbensferhaal en gie dêrby djip yn op 'e hillige fizioenen dy't er ûndergien hie.

It Neihardt Center yn Bancroft (Nebraska), de âlde wente fan Neihardt.

De beide mannen rekken befreone, en Neihardt skreau op basis fan Swarte Wapity syn ynformaasje it boek Black Elk Speaks, dat yn 1932 útkaam. Yn dat wurk, dat Neihardt syn bekendste publikaasje wurde soe, gie er fral djip yn 'e fizioenen en harren betsjutting foar de Lakota. It boek waard yn 1953 oerset yn it Dútsk as Ich Rufe Mein Folk, en waard yn 'e Feriene Steaten werprinte yn 1961, 1979, 1988 en 2000 foar't der yn 2008 in wittenskiplike (annotearre) útjefte fan ferskynde.

Lettere jierren en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan begjin 1940-er jierren ôf wie Neihardt heechlearaar poëzij oan 'e Universiteit fan Nebraska en boekeredakteur yn St. Louis. Fan 1948 ôf wied er dosint poëzij oan 'e Universiteit fan Missoury yn Columbia. Yn 1958 krige er in ferkearsûngemak mei de auto, dat hysels oerlibbe. Syn frou Mona stoar lykwols koarte tiid letter oan har ferwûnings. Yn 1971 en 1972 wie Neihardt te gast op 'e Amerikaanske tillefyzje, yn it praatprogramma fan Dick Cavett, wêrmei't er nije belangstelling foar Black Elk Speaks opwekke.

Neihardt kaam yn 1973, yn 'e âlderdom fan 92 jier, yn Columbia (Missoury) te ferstjerren by ien fan syn dochters thús, Hilda Neihardt Petri, dy't him holpen hie by it skriuwen fan Black Elk Speaks. Hy waard kremearre yn St. Louis. Yn 1974 waard Neihardt opnommen yn 'e Nebraska Hall of Fame. Syn hûs yn Bancroft (Nebraska) is beholden as in offisjeel monumint en museum, it John G. Neihardt State Historic Site, ek wol bekend as it Neihardt Center.

  • 1900 – The Divine Enchantment
  • 1907 – A Bundle of Myrrh
  • 1909 – Man-Song
  • 1910 – The River and I
  • 1914 – Life's Lure
  • 1916 – The Quest
  • 1920 – The Splendid Wayfaring
  • 1926 – Indian Tales and Others
  • 1932 – Black Elk Speaks
  • 1949 – A Cycle of the West
    • 1915 – The Song of Hugh Glass
    • 1919 – The Song of Three Friends
    • 1925 – The Song of the Indian Wars
    • 1935 – The Song of the Messiah
    • 1941 – The Song of Jed Smith
  • 1952 – When the Tree Flowered
  • 1972 – All Is But a Beginning
  • 1978 – Patterns and Coincidences

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.