Sint-Lusia
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk | ||||
Haadstêd | Kastrys | ||||
Steatsfoarm | Parlemintêre demokrasy | ||||
Gebiet % wetter |
620 km² 1,6% | ||||
Ynwenners (2004) | 160.000 | ||||
Munt | East-Karibyske dollar (XCD) | ||||
Tiidsône | UTC -4 | ||||
Nasjonale feestdei | 22 febrewaris | ||||
Lânkoade | LCA | ||||
Ynternet | .lc | ||||
Tillefoan | 1758 |
Sint Lusia (Ingelsk: Saint Lucia) is in ûnôfhinklike steat binnen it Britske Steatebûn. It leit noardlik fan Sint Finsint en de Grenadinen en súdlik fan Martinyk.
Skiednis
Foar't de earste Jeropeanen it eilân sjoen hienen, hienen de Arawakyndianen harren hjir om it jier 200 hinne al fêstige. Om 800 hinne kamen de Kariben; hja reagen de Arawaks fan de troan en krigen sa it sizzenskip oer it eilân.
De Frânsen wienen de earste Jeropeanen dy Sint Lusia kolonisearren. It Frânske regear kaam yn 1660 ta in ferdrach mei de pleatslike befolking. Yn de perioade 1663-1669 krigen de Ingelsken de sizzenskip op it eilân. Nei 14 oarloggen mei Frankryk kaam it yn 1814 definityf ûnder Britsk regear. Sint Lusia krige 22 febrewaris 1979 ûnôfhinklikens en waard lid fan it Britske Steatebûn.
Geografy
It fulkanyske eilân Sint Lusia is neffens de oare Karibyske eilannen bercheftiger. It heechste punt is Mount Gimy op 950 meter boppe seenivo. De haadstêd fan Sint Lusia is Castries, dêr't likernôch in tredde part fan de befolking wennet.
Klimaat
It klimaat is tropysk, it de gemiddelde temperatuer is 26 °C. De jierlikse reinfal sit tusken de 1.500 mm yn it leechlân en 3.500 mm yn it berchgebiet. De reintiid duorret fan maaie oant augustus.
Sint Lusia leit yn de orkaansône fan it Karibysk gebiet en hat dêrtroch in orkaanseizoen fan juny oant novimber.