1900-er jierren
1900-er jierren | ||
De Amerikaan Orville Wright makket yn 1903 op it strân fan Noard-Karolina de earste flecht yn in fleanmasine. | ||
<< 1890-er jrn • 1900-er jrn • 1910-er jrn >> | ||
1900 • 1901 • 1902 • 1903 • 1904 1905 • 1906 • 1907 • 1908 • 1909 |
De 1900-er jierren wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1901 en duorre it oant en mei 31 desimber 1910, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1900 oant en mei 31 desimber 1909. Dit desennium hearde ta de Belle Époque. It waard behearske troch de oanrin nei de Earste Wrâldoarloch, wat ta utering kaam yn 'e krises dy't om 'e safolle tiid útbrieken tusken de Jeropeeske grutmachten, dy't yn dizze snuorje de ynternasjonale polityk dominearren. Benammen ûnder de Bosnyske Krisis fan 1908-1909 balansearre de wrâld op it rântsje fan in grutte oarloch, mar úteinlik waard it skeel bylein en soe it noch fiif jier duorje ear't de Earste Wrâldoarloch útbriek.
Oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 1900-er jierren makken diel út fan 'e Belle Époque, de tiid tusken de Frânsk-Dútske Oarloch (1871-1872) en de Earste Wrâldoarloch (1914-1918). Oan it begjin fan dit desennium kaam yn it Feriene Keninkryk in ein oan it lange regear fan keninginne Fiktoaria en dêrmei oan it nei har ferneamde Fiktoriaanske Tiidrek. It dêropfolgjende Edwardiaanske Tiidrek (1901-1910), dat de regearperioade fan har soan en opfolger Edwert VII besloech, foel frijwol gear mei de 1900-er jierren.
Yn dit desennium waard de wrâld noch behearske troch de Jeropeeske grutmachten: it Feriene Keninkryk, Frankryk, Dútslân, Ruslân, Itaalje, Eastenryk-Hongarije en it Osmaanske Ryk. Tsjin 1900 hiene dy riken sa'n bytsje alle beskikbere lân ta koloanje makke en wie dêrmei de Wedrin om Afrika beëinige, dy't it lêste haadstik wie fan it tiidrek fan it ekspansjonistysk kolonialisme. Wat oerbleau wie in sitewaasje wêrby't de grutmachten inoar it ljocht yn 'e eagen net gunden en allegeduerigen besochten en stek inoar foar eigen gewin de loef ôf. Dat soarge om it hoartsje foar in grutte krisis, wêrby't de spannings soms gefaarlike heech oprûnen. De wrâld sette op dy manear ûntsjinkearber ta op in grutte oarloch, dy't úteinlik yn 1914 ek wier útbrekke soe. Punten op it paad dêrhinne wiene yn 'e 1900-er jierren de Fenezolaanske Krisis fan 1902-1903; it sluten fan 'e Britsk-Frânske Entente Cordiale, de "Hoflike Oerienkomst", yn 1904; de Earste Marokkaanske Krisis fan 1905-1906; de Britsk-Russyske Konvinsje fan 1907; en de Bosnyske Krisis fan 1908-1909.
Fan 'e sân Jeropeeske grutmachten stie it Osmaanske Ryk bekend as de 'Sike Man fan Jeropa'. Al sûnt de iere njoggentjinde iuw krommele dat ryk stadichoan mear ôf. Sa snie yn 1908 it Keninkryk Bulgarije alle bannen troch mei it regear fan 'e sultan yn Konstantinopel, wylst Eastenryk-Hongarije datselde jiers de Osmaanske gebietsdielen Bosnje en Hertsegovina anneksearre. Ruslân hie yn deselde tiid almar mear te krijen mei ynterne swierrichheden, dy't feroarsake waarden trochdat fral de fabryksarbeiders yn 'e stêden har net mear deljaan woene ûnder it autokratyske bewâld fan 'e tsaar. It belied fan ûnmeilydsume ûnderdrukking fan eltse foarm fan opposysje, dat yn it ferline altiten fertuten dien hie, wie net mear ôfdwaande om 'e status quo te hanthavenjen en wurke boppedat de opkomst fan radikale ideologyen yn 'e hân, lykas it anargisme en it kommunisme.
Underwilens kamen ek inkele oare grutmachten op. De Feriene Steaten, mei harren polityk fan isolasjonisme, wiene in slommerjende reus allyk, dy't inkeld acht sloech op wat der yn 'e widere wrâld barde as syn belangen yn 'e knipe kamen, sa't mei de Fenezolaanske Krisis it gefal wie. Oan 'e oare kant fan 'e wrâld hie Japan him stilwei ûntjûn ta in modern lân mei in sterke kriichsmacht. Dat waard de rest fan 'e wrâld op minder as subtile wize ûnder de noas wreaun doe't de Japanners yn 'e Russysk-Japanske Oarloch fan 1904-1905 de flier oanfagen mei de Russen.
Wichtichste foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 17 jannewaris - De Feriene Steaten anneksearje it ûnbewenne eilân Wake, yn 'e Stille Oseaan, om as stienkoalstasjon te fungearjen op 'e skipfeartrûte tusken Noard-Amearika en de Filipinen.
- 23-24 jannewaris - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch bringe troepen fan 'e Súdafrikaanske Republyk ûnder lieding fan generaal Louis Botha de Britten fan sir Redvers Buller yn Natal yn 'e Slach by Spionkop in swiere nederlaach ta.
- 13 febrewaris - De Dútske Ryksdei ratifisearret it ferdrach mei de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk oangeande de ferdieling fan Samoä yn in Dútske koloanje en in Amerikaansken-ien.
- 18-27 febrewaris - De Slach by Paardeberg, útfochten yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch, draait út op in klinkende oerwinning foar de Britten. De Boeregeneraal Piet Cronjé moat him mei 4.000 man oerjaan.
- 28 febrewaris - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch wurdt it Belis fan Ladysmith troch troepen fan 'e Súdafrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat brutsen troch in Britsk ûntsettingsleger.
- 14 maart - De Nederlânske wittenskipper Hugo de Vries bringt de lang negearre erflikheidslear fan 'e Eastenrykske botanikus Johann Mendel fannijs ûnder de oandacht.
- 12 april - De Westerske grutmachten Frankryk, Dútslân, Ruslân en it Feriene Keninkryk stelle Sina in ultimatum: der moat binnen twa moannen in ein komme oan 'e útbarstings fan geweld tsjin bûtenlanners dy't yn noardlik Sina, yn it ramt fan 'e Bokseropstân, plakfine. Oars sil der militêr yngrepen wurde.
- 26 april - By de Grutte Timmerhoutbrân yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa en Hull (Kebek) falle 7 deaden en reitsje 15.000 minsken dakleas.
- 19 maaie - It Feriene Keninkryk makket it Keninkryk Tonga, yn 'e Stille Oseaan, ta in Britsk protektoraat.
- 31 maaie - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch feroverje Britske troepen de wichtige stêd Jehannesburch, yn 'e Súdafrikaanske Republyk.
- 5 juny - Yn it ramt fan de Twadde Boere-oarloch wurdt Pretoria, de haadstêd fan 'e Súdafrikaanske Republyk, ynnommen troch Britske troepen. It regear fan presidint Paul Kruger is op 'e tiid út 'e stêd evakuëarre.
- 21 juny - Cixi, de keizerinne-dûairiêre fan Sina, ropt yn it ramt fan 'e oangeande Bokseropstân de oarloch út tsjin alle bûtenlânske grutmachten. De bûtenlânske legaasjes yn Peking wurde belegere troch de Boksers.
- 30 juny - By de Havenbrân yn it Amerikaanske plak Hoboken (Nij-Jersey) geane û.m. de Dútske passazjiersskippen de Saale, de Main, de Bremen en de Kaiser Wilhelm der Große yn flammen op. Der komme 326 minsken om.
- 2 july - Greve Ferdinand von Zeppelin beävensearret de earste flecht mei in loftskip by it Dútske Friedrichshafen, oan 'e Bodenmar.
- 11 july - Generaal Christiaan de Wet begjint yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch in guerriljastriid tsjin 'e Britske besettingstroepen yn 'e Oranje Frijsteat en de Súdafrikaanske Republyk.
- 14 july - In ynternasjonaal ekspedysjeleger besteande út 55.000 Japanske, Russyske, Dútske, Britske, Frânske, Amerikaanske, Italjaanske en Eastenryksk-Hongaarske troepen giet yn Sina oan lân en nimt de havenstêd Tianjin yn. Doel fan 'e ekspedysje is om 'e ynternasjonale legaasjes yn Peking te ûntsetten en in ein oan 'e Bokseropstân te meitsjen.
- 29 july - By in oanslach yn Monza wurdt kening Umberto I fan Itaalje fermoarde troch de anargist Gaetano Bresci.
- 1 augustus - De Amerikaanske presidint William McKinley stelt in fiifkoppige kommisje ûnder foarsitterskip fan William Howard Taft yn, dy't bepale moat hoe't de Filipinen it bêst (troch de Feriene Steaten) regearre wurde kinne.
- 14 augustus - Nei 55 dagen wurdt it Belis fan de Ynternasjonale Legaasjes yn 'e Sineeske haadstêd Peking troch de Boksers opbrutsen troch in ynternasjonale troepemacht fan 'e Alliânsje fan de Acht Naasjes.
- 8 septimber - De orkaan fan Galveston makket de stêd Galveston, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, mei de grûn lyk. Der falle tusken de 6.000 en 12.000 deaden.
- 19 oktober - Paul Kruger, de yn ballingskip ferkearende presidint fan 'e troch Britske troepen besette Súdafrikaanske Republyk, giet yn Lourenço Marquez oan board fan it Nederlânske marineskip de Gelderland, dat him nei Jeropa ta bringe sil om 'e saak fan 'e Boeren dêr te bepleitsjen.
- 6 novimber - Yn ferbân mei de oanboazjende yntinsiteit fan 'e guerriljastriid dy't yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch troch de Boeren fierd wurdt tsjin 'e Britske besetters, nimt generaal Herbert Kitchener it beslút om 'e froulju, bern en âlderein fan 'e Boeren yn konsintraasjekampen fêst te setten, dêr't se ûnder erbarmlike omstannichheden libje moatte.
- 1 jannewaris - Austraalje ûntstiet trochdat de Britske koloanjes West-Austraalje, Súd-Austraalje, Queenslân, Nij-Súd-Wales, Fiktoaria en Tasmaanje in federaasje oangeane, dy't selsbestjoer kriget binnen it Britske Ryk.
- 22 jannewaris - Nei in regearperioade fan 63 jier komt yn Osborne House, op it Britske eilân Wight keninginne Fiktoaria te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 81 jier. Dêrmei komt in ein oan it Fiktoriaanske Tiidrek.
- 23 jannewaris - Edwert VII, de âldste soan fan keninginne Fiktoaria, folget syn mem op as kening fan it Feriene Keninkryk.
- 3 febrewaris - Troepen fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL) ûnder luitenant-generaal J.B. van Heutsz nimme yn it ramt fan 'e Atjee-oarloch de fêsting Batu Iliq yn.
- 7 febrewaris - Keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen trout yn De Haach mei de Dútske hartoch Hindrik fan Meklenburch-Schwerin.
- 2 maart - It Amerikaanske Kongres nimt it saneamde Platt-amendemint oan, dat yntsjinne is troch senator Orville Platt. Dat beheint de frijheid fan in takomstich 'ûnôfhinklik' Kubaansk regear om ferdraggen mei oare lannen as de Feriene Steaten te sluten.
- 6 maart - De Dútske keizer Willem II oerlibbet yn Bremen in oanslach op syn libben.
- 23 maart - De Filipynske opstannelingelieder Emilio Aguinaldo jout him oer oan 'e Amerikanen, dy't dêrmei in grutte oerwinning boeke yn 'e Filipynsk-Amerikaanske Oarloch.
- 3 maaie - By de Grutte Brân fan 1901 komme yn Jacksonville, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, 7 minsken om en gean 2.368 gebouwen yn flammen op.
- 12 juny - Under swiere Amerikaanske druk giet de Kubaanske Konvinsje, dy't de grûnwet skriuwt foar it takom jier ûnôfhinklik te wurden Kuba, akkoart mei it Platt-amendemint. Dêrtroch sil Kuba yn 'e praktyk in Amerikaansk protektoraat wurde.
- 4 july - It foech fan it Amerikaanske militêr bestjoer fan 'e Filipinen wurdt beheind. Der komt no njonken it militêr bewâld ek in boargerlik gesach. De lieder dêrfan wurdt de politikus William Howard Taft.
- 6 septimber - By in oanslach op 'e Panamerikaanske Tentoanstelling yn Buffalo (New York) wurdt de Amerikaanske presidint William McKinley delsketten troch de anargist Leon Czolgosz.
- 7 septimber - Yn Sina komt in ein oan 'e Bokseropstân troch de ûndertekening fan it Ferdrach fan Peking. Dêrby moat Sina oansjenlike territoriale konsesjes dwaan oan 'e Westerske grutmachten, en kriget it dêropta ek noch flinke ferhelbetellings oplein.
- 14 septimber - De Amerikaanske presidint William McKinley komt te ferstjerren oan 'e ferwûnings dy't er oprûn hat by de oanslach op syn libben fan acht dagen earder. Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint Theodore Roosevelt.
- 18 novimber - De Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk slute in ferdrach oer it behear fan in takomstige Panamakanaalsône.
- 10 desimber - Yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm wurde foar it earst de Nobelprizen útrikt, dy't ynsteld binne troch en ferneamd wurde nei de yndustrieel Alfred Nobel.
- 15 jannewaris - Abdûlazyz ibn Saûd, de lieder fan it ferballe Hûs fan Saûd, feroveret de stêd Ar-Riaad, yn it hert fan it Arabysk Skiereilân, dat de âlde sit fan syn famylje is. Dizze Slach om Ar-Riaad is it begjin fan 'e Trêde Saûdyske Steat, dy't úteinlik útgroeie sil ta Saûdy-Araabje.
- 30 jannewaris - Yn Londen slút it Feriene Keninkryk foar fiif jier in militêr bûnsgenoatskip mei Japan.
- 1 febrewaris - Yn Sina ferbiedt it Keizerlik Hôf it ynbinen fan fuotten fan froulju.
- 18 febrewaris - De Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt kundiget anty-trustwetjouwing oan tsjin 'e koartby foarme Northern Securities Company, in kombinaasje fan spoarweimaatskippijen dy't it monopoalje op spoarferkear yn 'e noardlike Feriene Steaten yn 'e hannen hat.
- 7 maart - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch lije de Britten in fernederjende nederlaach yn 'e Slach by Tweebosch tsjin generaal Koos de la Rey mei syn troepen fan 'e Súdafrikaanske Republyk. Behalven de Britske 68 deaden en 121 ferwûnen, wurde ek goed 200 Britske militêren kriichsfinzen nommen. Under harren is Lord Methuen, de iennichste Britske generaal dy't yn 'e hiele oarloch finzen nommen wurdt.
- 13 maart - Yn Russysk-Poalen wurde op lêst fan 'e Russyske oerheid ferskate gymnasia sletten as de learlingen dêre wegerje en sjong in lofliet op 'e tsaar.
- 1 april - Yn Lúksemboarch docht gruthartoch Adolf om sûnensredens ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan, Willem IV.
- 5 april - Under in ynterlân yn Glasgow, tusken de fuotbalteams fan Ingelân en Skotlân, stoart ien fan 'e tribunes yn. Dêrby komme 25 minsken om. De beide alvetallen spylje troch om in algehiele panyk ûnder de taskôgers foar te kommen.
- 14 april - Yn Belgje ropt de sosjalistyske Belgyske Wurkljupartij (BWP) in algemiene staking út om it regear ûnder druk te setten en fier it algemien kiesrjocht yn. Yn reäksje op 'e oprop lizze sa'n 300.000 arbeiders it wurk del.
- 18 april - By in konfontaasje mei stakende arbeiders yn Leuven iepenet de Belgyske Rykswacht it fjoer op 'e demonstranten. Der falle by dit Bloedbad fan Leuven 6 deaden en 14 ferwûnen.
- 8 maaie - By in útbarsting fan 'e Pelée, in fulkaan op it Frânske Karibyske eilân Martinyk, wurdt de stêd Saint-Pierre ferwuostge. Der komme likernôch 30.000 minsken om.
- 20 maaie - Kuba wurdt ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten, dy't it eilân sûnt de ein fan 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch bestjoerd hawwe. Hjirmei komt in ein oan 'e Earste Besetting fan Kuba.
- 31 maaie - De lieders fan 'e Boeren út 'e Súdafrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat jouwe harren oer oan 'e Britten. Dêrmei komt in formele ein oan 'e Twadde Boere-oarloch. De Súdafrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat reitsje foargoed harren ûnôfhinklikheid kwyt en wurde omfoarme ta de Transvaalkoloanje en de Oranjerivierkoloanje, dy't yn 1910 mei de beide Britske koloanjes Natal en de Kaapkoloanje opgean sille yn Súd-Afrika.
- 1 juny - It regear fan Austraalje begjint mei it opstellen fan rasistyske wetjouwing dy't ymmigraasje nei Austraalje troch net-blanken ûnmooglik meitsje moat.
- 28 juny - De Triple Alliânsje, it militêr bûnsgenoatskip tusken Dútslân, Eastenryk-Hongarije en Itaalje, wurdt foar tolve jier ferlinge.
- 2 july - De Filipynsk-Amerikaanske Oarloch einiget mei de ûnderdrukking troch it Amerikaanske Leger fan alle ferset tsjin 'e Amerikaanske koloniale oerhearsking yn 'e noardlike Filipinen. Yn it suden giet de Moro-opstân noch troch oant 1913.
- 4 july - By dekreet beëiniget presidint Theodore Roosevelt it Amerikaanske militêr bestjoer fan 'e Filipinen. It gebiet, dat yn 'e praktyk in Amerikaanske koloanje wurden is, komt no folslein ûnder boargerlik gesach te stean.
- 10 july - By de Rolling Mill-mynramp, yn Johnstown, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, komme 112 mynwurkers om.
- 9 augustus - Yn 'e Britske haadstêd Londen fynt de formele kroaningsseremoanje plak fan 'e nije kening Edwert VII fan it Feriene Keninkryk, dy't yn 1901 syn mem Fiktoaria opfolge is.
- 13 oktober - Troch mei yngripen fan it leger te driigjen, forsearret de Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt nei in al moannen duorjende staking in kompromis tusken mynwurkers en mynboumagnaten.
- 2 novimber - Sily en Argentynje slute ûnder bemiddeling fan 'e Britske kening Edwert VII in ferdrach wêryn't it ferrin fan harren grins op Fjoerlân, oan 'e súdpunt fan Súd-Amearika, fêstlein wurdt. De heech oprûne spannings oer it grinsskeel hawwe de beide lannen op in hier nei mei-inoar yn oarloch brocht.
- 15 novimber - De Belgyske kening Leopold II komt mei de skrik frij as de Italjaanske anargist Gennaro Rubino yn Brussel in moardoanslach op him docht as er nei de routsjinst foar syn koartby ferstoarne frou Marije Hindrika fan 'e katedraal weromkeart nei it paleis.
- 9 desimber - De Fenezolaanske Krisis brekt út as de marines fan it Feriene Keninkryk, Dútslân en Itaalje de havens fan Fenezuëla blokkearje om't de Fenezolaanske presidint Cipriano Castro wegeret en fergoedzje de skea dy't oare lannen lit hawwe ûnder de Fenezolaanske Boargeroarloch. Guon oare Jeropeeske lannen stypje de blokkade, wylst de Feriene Steaten en Argentynje fjouwerkant oan 'e Fenezolaanske kant steane.
- 10 desimber - De Nederlânske wittenskippers Hendrik Antoon Lorentz en Pieter Zeeman ûntfange tegearre de Nobelpriis foar de Natuerkunde.
- 22 jannewaris - It Kolombiaanske parlemint wegeret en ratifisearje it Hay-Herránferdrach, dat de pacht troch de Feriene Steaten regelet fan in stripe lân yn 'e Kolombiaanske provinsje Panama, dêr't it Panamakanaal oanlein wurde moat.
- 19 febrewaris - De Fenezolaanske Krisis wurdt beëinige mei in ûnder swiere druk fan 'e Feriene Steaten berikt kompromis tusken Fenezuëla oan 'e iene kant en it Feriene Keninkryk, Dútslân en Itaalje oan 'e oare kant.
- 23 febrewaris - Kuba en de Feriene Steaten slute in ferdrach dat de pacht troch de Feriene Steaten regelet fan in gebiet oan 'e mûning fan 'e Guantánamobaai, oan 'e súdeastkust fan it lân. De Feriene Steaten wolle dêr in marinebasis oanlizze.
- 5 maart - Dútslân slút mei it Osmaanske Ryk in ferdrach dat it lân it rjocht jout om 'e saneamde Bagdadspoarline oan te lizzen, in spoar fan 'e Dútske haadstêd Berlyn nei Bagdad yn it Mesopotamyske diel fan it Osmaanske Ryk.
- 20 april - Yn 'e stêd Kisjinev, yn it suden fan Ruslân (no Chişinău, de haadstêd fan Moldaavje), fynt in antysemityske pogrom plak, wêrby't teminsten 45 Joaden om hals brocht wurde en mear as 400 ferwûne reitsje.
- 11 juny - By in bloedige steatsgreep yn it Keninkryk Servje wurde kening Aleksander I, út it Hûs Obrenović, en syn rûnom hate frou Draga Mašin, fermoarde.
- 15 juny - Yn it Keninkryk Servje wurdt Peter I, út it Hûs Karađorđević, kening yn it plak fan 'e fjouwer dagen lyn by in steatsgreep fermoarde Aleksander I út it rivalisearjende Hûs Obrenović.
- 16 juny - De Noarske ûntdekkingsreizger Roald Amundsen set mei it skip de SS Gjøa ôf nei it Arktysk Gebiet, om dêr te sykjen nei de Noardwestlike Trochfeart tusken Noard-Amearika en it poaliis.
- 25 juny - Yn Parys promovearret de Poalsk-Frânske natuerkundige Maria Curie-Skłodowska, better bekend as Marie Curie, cum laude op in proefskrift oer radioaktiviteit.
- 1 july - Yn 'e Frânske haadstêd Parys giet de earste edysje fan 'e Tour de France fan start.
- 20 july - Yn Masedoanje, in diel fan it Osmaanske Ryk, brekt ûnder de etnysk Masedoanyske befolking de Opstân fan Ilinden út.
- 10 augustus - By de Brân yn de Paryske Metro komme 84 minsken om.
- 23 augustus - Op it 6e Sionistysk Kongres, holden yn it Switserske Basel, presintearret Theodor Herzl syn plan om in Joadske steat te stiftsjen yn Palestina.
- 16 septimber - Yn Eastenryk-Hongarije ûntstiet in politike krisis as it Keninkryk Hongarije de hakken yn it sân set en wegeret mei te wurkjen oan it plan fan it Keizerryk Eastenryk foar de oprjochting fan in feriene Eastenryksk-Hongaarsk leger.
- 22 oktober - Nei in jierrenlang skeel slute de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk in oerienkomst oer de ferrin fan 'e grins tusken de Amerikaanske steat Alaska en de oangrinzgjende dielen fan Kanada. Dêrby hawwe de Feriene Steaten op frijwol alle ûnderdielen harren sin krigen en binne de Kanadeeske beswieren dêrtsjin fierhinne oan kant reage.
- 3 novimber - Yn 'e Kolombiaanske provinsje Panama brekt in revolúsje út, dy't fierhinne oanstifte is troch de Feriene Steaten, yn reäksje op 'e wegering fan Kolombia om in stripe lân yn Panama oan 'e Amerikanen te ferpachtsjen dêr't it Panamakanaal groeven wurde moat. By dizze Panameeske Revolúsje wurdt de ûnôfhinklikheid fan Panama útroppen en gripe al hiel gau Amerikaanske marineskippen en mariniers yn om de Amerikaanske belangen yn Panama "te beskermjen". It resultaat is dat Panama in soarte fan Amerikaanske fazalsteat wurdt, wylst Kolombia mei lege hannen stiet.
- 17 novimber - Bolivia ferkeapet foar in bedrach ter wearde fan £2 miljoen Acre, in diel fan it Amazônegebiet, oan Brazylje.
- 18 novimber - It regear fan it koartby ûnôfhinklik wurden Panama slút in ferdrach mei de Feriene Steaten, wêryn't de Amerikanen alle rjochten ferliend wurde dy't nedich binne foar de oanlis fan it Panamakanaal. De Panamakanaalsône, in stripe lân fan 10 myl breed, wurdt "oant yn ivichheid" oan 'e Feriene Steaten ferpachte foar in bedrach fan $10 miljoen yn ien kear en in jierlikse betelling fan $250.000.
- 6 desimber - Mei de oerjefte fan 'e lêste Atjeeske fersetslieders oan 'e Nederlânske generaal J.B. van Heutsz komt in ein oan 'e Atjee-oarloch op Sumatra.
- 10 desimber - By de Brân yn it Iroquois Theater yn Chicago komme 600 minsken om.
- 11 desimber - It Britske regear stjoert út Britsk-Ynje de Tibet-ekspedysje oer de Himalaya nei Tibet ta, om dat lân ta iepenstelling foar hannel te twingen.
- 17 desimber - Op it strân by Kitty Hawk, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina, meitsje de Bruorren Wright de earste flecht mei in fleanmasine.
- 12 jannewaris - Yn 'e koloanje Dútsk-Súdwest-Afrika komme de Herearo yn opstân. De Herearo-Opstân wurdt laat troch haadman Samuel Maharero. De ûnmeilydsume Dútske ûnderdrukking fan dizze opstân en fan dy fan 'e Nama liedt ta de Namibyske Genoside.
- 7 febrewaris - By de Grutte Brân fan Baltimore, yn 'e Amerikaanske stêd Baltimore, komme mar 5 minsken om. Mar der wurde yn 30 oeren 1.500 gebouwen yn 'e jiske lein, mei as gefolch dat 35.000 minsken wurkleas wurde.
- 8 febrewaris - Japan ferklearret de oarloch oan Ruslân en falt de Russyske marine yn Sina oan yn 'e Slach by Port Arthur. Dit is it begjin fan 'e Russysk-Japanske Oarloch, dy't draait om rivalisearjende koloniale ambysjes fan 'e beide lannen yn Mantsjoerije en Koreä.
- 23 febrewaris - Nei't it Keizerryk Koreä yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch troch Japanske troepen beset is, twingt Japan it Koreaanske regear in ferdrach op dat fan Koreä yn 'e praktyk in Japansk protektoraat makket sûnder wiere selsstannichheid.
- 14 maart - Op fersyk fan 'e gûverneur fan Dútsk-Súdwest-Afrika, Theodor Leutwein, stjoert it Dútske regear militêre fersterkings nei dy koloanje om 'e Herearo-Opstân te ûnderdrukken.
- 8 april - It Feriene Keninkryk en Frankryk slute de saneamde Entente Cordiale ("Hoflike Oerienkomst"), dy't û.m. in militêr bûnsgenoatskip omfiemet dat rjochte is tsjin Dútslân. Dit ferdrach makket in ein oan goed tûzen jier rivaliteit mei om de safolle tiid oarloch tusken de beide lannen.
- 1 maaie - Yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch ferslane de Japanners de Russen yn 'e Slach oan de Yalu oan 'e grins fan Koreä mei Mantsjoerije.
- 4 maaie - De Feriene Steaten nimme formeel de Panamakanaalsône yn besit.
- 15 juny - By de Brân op 'e SS General Slocum komme op 'e East River yn New York-Stêd 1.021 minsken om.
- 16 juny - By in oanslach wurdt Nikolaj Bobrikov, de Russyske gûverneur-generaal fan it Gruthartochdom Finlân, fermoarde troch de Finske ealman en nasjonalist Eugen Schauman.
- 28 juny - It Deenske passazjiersskip de SS Norge rint oan 'e grûn en sinkt deunby Rockall, in rotseilantsje yn 'e Atlantyske Oseaan. Dêrby komme 635 minsken om, wêrûnder 225 Noarske emigranten.
- 3 july - It regear fan it Feriene Keninkryk publisearret in rapport dat in ferneatigjend oardiel útsprekt oer it skrikbewâld dat út namme fan 'e Belgyske kening Leopold II fierd wurdt yn 'e Kongofrijsteat, dy't syn priveekoloanje is.
- 28 july - Yn Moskou wurdt de Russyske minister fan Binnenlânske Saken, Vjatsjeslav Plehve, by in bomoanslach op syn koets fermoarde.
- 28 july - Yn Kolombia, dat noch altyd yn ûnstjoer ferkeart nei it fernederjende ferlies fan 'e provinsje Panama, yn 1903, fêstiget generaal Rafael Reyes in diktatuer.
- 10 augustus - Yn 'e Slach yn de Giele See, dy't útfochten wurdt yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch, foarkomt de Japanske Keizerlike Marine in útbraak fan 'e Russyske float fan it Fiere Easten út 'e Sineeske haven fan Port Arthur.
- 11-12 augustus - Yn it ramt fan 'e Herearo-Opstân ferslacht de Dútske generaal Lothar von Trotha yn Dútsk-Súdwest-Afrika de Herearo ûnder haadman Samuel Maharero yn 'e Slach by Waterberg. Neitiid driuwe de Dútsers de oerlibjende Herearo-krigers mei froulju en bern de woastyn yn. Dit is it begjin fan 'e Namibyske Genoside troch de Dútsers op 'e lânseigen Herearo en Nama.
- 24 augustus - It Feriene Keninkryk driget mei aktive stipe oan Japan yn 'e Russysk-Japanske Oarloch as Dútslân net ophâldt mei wapenleverânsjes oan Ruslân.
- 7 septimber - As gefolch fan 'e Britske Tibet-ekspedysje slút it Feriene Keninkryk in hannelsferdrach mei Tibet.
- 20 oktober - Sily en Bolivia slute it Ferdrach fan Frede en Freonskip wêrmei't nei in fearnsiuw einlings formeel in ein komt oan 'e Salpeteroarloch fan 1879-1884. Bolivia jout syn oanspraken op 'e kuststripe fan noardlik Sily op, dy't de Silenen yn dy oarloch feroveren en anneksearren.
- 21 oktober - De Eastseefloat fan Ruslân, ûnderweis fan 'e Eastsee nei it Fiere Easten om it yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch op te nimmen tsjin 'e Japanners, iepenet op 'e Noardsee it fjoer op in fyftichtal Britske fiskersskippen dy't troch de Russyske bemannings oansjoen wurde foar Japanske torpedoboatjagers. By it tweintich minuten duorjende bombardemint wurdt ien fiskersboat ta sinken brocht en fergiet mei man en mûs, wylst op in oarenien twa leden fan 'e bemanning omkomme. It Britske regear yn Londen is sawol ferbjustere as poerrazen oer dit Doggerbankynsidint, en slút it Suëzkanaal foar de Russyske float, sadat dy hielendal om Kaap de Goede Hoop hinne farre moat om it Fiere Easten te berikken.
- 28 novimber - Yn Dútsk-Súdwest-Afrika wurde de opstannige Nama (foarhinne yn 'e regel Hottentotten neamd) yn 'e Slach by Warmbad troch de Dútsers ferslein.
- 29 novimber - Demonstraasjes tsjin 'e Russysk-Japanske Oarloch yn frijwol alle grutte Russyske universiteitsstêden wurde troch de plysje en de kozakken ûnmeilydsum de kop yn drukt.
- 6 desimber - De Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt komt yn in taspraak foar it Amerikaanske Kongres mei in fariant op 'e Monroe-doktrine út 1824: de Feriene Steaten behâlde harrensels it rjocht foar om militêr yn te gripen yn elts lân op it Westlik Healrûn as dêr Amerikaanske belangen yn 'e knipe driigje te kommen. Dit útgongspunt fan bûtenlânsk belied komt bekend te stean as de Roosevelt Corollary.
- 2 jannewaris - Yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch komt der in ein oan it hast njoggen moannen duorjend Belis fan Port Arthur. Generaal Anatoly Stessel, de kommandant fan it garnizoen fan 'e Russyske marinebasis Port Arthur, op it Liaodong-skiereilân yn 'e Sineeske regio Mantsjoerije, jout him mei syn mannen oer oan 'e Japanners.
- 9 jannewaris - Bloedige Snein yn Ruslân: by in massale demonstraasje fan ûnwapene boargers ûnder oanfiering fan 'e otterdokse preester Georgij Gapon komme tusken de 143 en 234 minsken om as it leger it fjoer op 'e mannichte iepenet.
- 17 febrewaris - Yn Moskou wurdt by in oanslach aartshartoch Sergej Aleksandrovitsj fan Ruslân, in omke fan 'e tsaar en de gûverneur-generaal fan 'e provinsje Moskou, fermoarde.
- 20 febrewaris-10 maart - Yn 'e Slach om Mukden ferslane de Japanners yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch it Russyske Leger fan Mantsjoerije. De Russen ferlieze 90.000 man en harren weromtocht rint út op in ûnorganisearre flecht, mar de Japanners fersaakje om dit Russyske leger folslein út te skeakeljen.
- 31 maart - De Earste Marokkaanske Krisis, ek wol bekend as de Tangerkrisis, brekt út as de Dútske keizer Willem II yn 'e Marokkaanske stêd Tanger oan lân giet, in moeting hat mei fertsjintwurdigers fan sultan Abdelazyz fan Marokko, en ferklearret dat er de soevereiniteit fan it Sultanaat Marokko stipet. Dêrmei daget er iepentlik Frankryk út, dat Marokko beskôget as ûnderdiel fan 'e eigen ynfloedssfear.
- 25 maaie - Yn 'e Russyske stêd Ivanovo-Voznjesensk brekt in grutte staking út dêr't sa'n 70.000 tekstylarbeiders oan meidogge. Hja protestearje û.m. tsjin harren 14-oerige wurkdei.
- 27-28 maaie - Yn 'e Slach by Tsushima wurdt de Russyske Eastseefloat, dy't hielendal om Kaap de Goede Hoop hinne fearn is om it Fiere Easten te berikken, yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch ferpletterjend ferslein troch de Japanners. De Russen ferlieze 8 slachskippen, in ferskaat oan lytsere marineskippen en mear as 5.000 man.
- 7 juny - It Noarske parlemint, it Storting, stimt unanym foar de opheffing fan 'e Uny mei Sweden: Noarwegen wurdt ûnôfhinklik.
- 8 juny - De Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt biedt Ruslân en Japan bemiddeling oan om ta beëiniging fan 'e Russysk-Japanske Oarloch te kommen.
- 15 juny - Yn ferbân mei de oanboazjende spannings mei Dútslân yn it ramt fan 'e Earste Marokkaanske Krisis lûkt Frankryk alle militêre ferloffen yn.
- 22 juny - Yn it ramt fan 'e Earste Marokkaanske Krisis driget Dútslân mei it sluten fan in anty-Frânsk militêr bûnsgenoatskip mei it Sultanaat Marokko.
- 27 juny - Under de matroazen fan 'e Russyske pânserkruser de Potemkin, dat diel útmakket fan 'e Swarte-Seefloat, brekt yn 'e haven fan Odessa in rebûlje út.
- 1 july - De opstannige Russyske matroazen fan 'e pânserkruser de Potemkin sykje beskûl yn Roemeenje.
- 7-31 july - Yn it ramt fan Russysk-Japanske Oarloch fiert it Japanske leger de Ynvaazje fan Sachalin út, wêrby't de súdlike helte fan it grutte Sibearyske eilân Sachalin op 'e Russen ferovere wurdt.
- 25 july - By in topmoeting op in eilân yn 'e Eastsee foar de kust fan it gruthartochdom Finlân slute de Dútske keizer Willem II en de Russyske tsaar Nikolaas II in militêr bûnsgenoatskip, it Pakt fan Björkö.
- 12 augustus - It Feriene Keninkryk en Japan ferlingje harren militêre bûnsgenoatskip fan 1902 foar in perioade fan tsien jier.
- 13 augustus - By in referindum befêstiget de Noarske befolking it beslút fan it Noarske parlemint, it Storting, om 'e Uny mei Sweden te beëinigjen.
- 19 augustus - Om 'e maatskiplike ûnrêst yn Ruslân del te bêdzjen, stiet tsaar Nikolaas II de oprjochting fan in parlemint, de Dûma, ta.
- 5 septimber - De Russysk-Japanske Oarloch einiget yn in klinkende oerwinning foar Japan. De beide lannen slute ûnder Amerikaanske bemiddeling it Ferdrach fan Portsmouth.
- 16 oktober - De ûnderkening fan Britsk-Ynje, Lord Curzon, spjaltet de provinsje Bingalen, dy't mei 85 miljoen ynwenners noch amper bestjoerber is, op yn 'e nije provinsjes West-Bingalen en East-Bingalen. Under de befolking fan it gebiet is dêr in protte wjerstân tsjin.
- 30 oktober - Tsaar Nikolaas II fan Ruslân lit syn Manifest fan 17 Oktober (neffens de yn Ruslân jildige Juliaanske Kalinder) útgean. Dêryn jout er Ruslân de grûnbegjinsels fan boargerlike frijheid.
- 31 oktober - It einrapport fan 'e Ynternasjonale Undersykskommisje oangeande de Kongo wurdt presintearre. Dêryn wurde de tekoartkommings en misbrûken oan 'e kaak steld fan it bestjoer fan 'e Kongofrijsteat, de Afrikaanske priveekoloanje fan 'e Belgyske kening Leopold II.
- 10 novimber - Op 'e Russyske marinebasis Kronsjtadt, yn 'e Finske Golf, brekt in rebûlje út mank de matroazen.
- 18 novimber - It parlemint fan Noarwegen, it Storting, kiest de Deenske prins Karel fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg út as de nije Noarske kening. Hy sil op 'e troan komme ûnder de namme fan Haakon VII.
- 4 desimber - It parlemint fan it Gruthartochdom Finlân annulearret de russifikaasjewetten, dy't û.m. it gebrûk fan 'e Russyske taal yn it iepenbier ferplichte stelle.
- 9 desimber - Yn Frankryk wurdt de skieding tusken tsjerke en steat ynfierd.
- 21 desimber - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch brekt in algemiene staking út ûnder arbeiders, dy't al rillegau oerslacht nei Moskou en oare stêden. As de oerheid reägearret mei it oppakken fan 'e lieders fan 'e arbeiders, ûnder wa Leon Trotski, feroaret de staking yn in wapene opstân, dy't de Russyske Revolúsje fan 1905 neamd wurdt.
- 26 desimber - Yn Dútslân wurdt it Von Schlieffenplan iepenbier. Dat is in oanfalsplan opsteld troch fjildmaarskalk Alfred von Schlieffen foar it gefal fan in grutte Jeropeeske oarloch wêrby't Dútslân op twa fronten fjochtsje moat, tsjin Ruslân yn it easten en tsjin Frankryk yn it westen. Yn ferbân mei de lange mobilisaasjetiid fan it ûnbidich grutte Russyske Ryk is it Von Schlieffen syn doel om sa fluch mooglik, mei in saneamde Blitzkrieg, de Frânsen te ferslaan, sadat de Dútsers de hannen frij hawwe tsjin 'e tiid dat Ruslân klear is om oan te fallen.
- 1 jannewaris - De Russyske Revolúsje fan 1905 wurdt beëinige as de Moskovyske Sovjet beslút de striid op te jaan.
- 16 jannewaris-7 april - De Konferinsje fan Algeciras begjint om de spande ferhâlding tusken Dútslân en Frankryk yn it ramt fan 'e Earste Marokkaanske Krisis op te lossen.
- 22 jannewaris - De SS Valencia fart by Vancouvereilân, oan de westkust fan Kanada op in rif en sinkt. Dêrby komme 136 minsken om.
- 2 febrewaris - Yn 'e ensyklyk Vehementer Nos fart paus Pius X ferheftich út tsjin 'e skieding tusken tsjerke en steat dy't ein 1905 yn Frankryk ynfierd is.
- 10 maart - By de mynramp fan Courrières, yn Frankryk, komme by in ûndergrûnske brân 1.100 mynwurkers om it libben.
- 7 april - By in útbarsting fan 'e Fesuvius, in fulkaan yn Itaalje, wurdt in soad skea oanrjochte yn 'e stêd Napels.
- 7 april - As op 'e Konferinsje fan Algeciras bliken docht dat fan de 13 dielnimmende lannen inkeld Eastenryk-Hongarije oan 'e Dútske kant stiet, rint de Earste Marokkaanske Krisis mei in skamper ôf. De Dútsers bine yn en geane akkoart mei it Ferdrach fan Algeciras, dat gesichtsferlies foar harren foarkomt.
- 12 april - Yn it ramt fan de Earste Saûdysk-Rasjidyske Oarloch tusken de emiraten fan 'e Nêzjd en Djebel Sjammar, yn it binnenlân fan it Arabysk Skiereilân, fynt de Slach by Râdat Mûhanna plak, wêryn't Abdûlazyz ibn Mûtyb, de emir fan Djebel Sjammar, komt te sneuveljen.
- 18 april - By de swiere ierdbeving fan San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, falle mear as 3.000 deaden en wurdt de hiele stêd San Francisco suver mei de grûn lyk makke.
- 10 maaie - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch iepenet tsaar Nikolaas II de Dûma, it earste parlemint fan Ruslân.
- 15 maaie - De Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt lijt in politike nederlaach as er twongen wurdt in kompromis te sluten mei it machtige spoarweikartel yn syn lân oer de beheining fan 'e macht fan dat kartel.
- 31 maaie - Yn 'e Spaanske haadstêd Madrid komme by in oanslach op kening Alfûns XIII in tsiental soldaten en boargers om. De monarch sels, en syn nije breid, de Britske prinsesse Eugenia fan Battenberg, komme mei de skrik frij.
- 3 juny - Kening Leopold II fan Belgje makket bekend dat er eventueel ree is en draach de soevereiniteit fan 'e Kongofrijsteat, syn priveekoloanje yn Afrika, oer oan Belgje, salang't it Belgyske regear dan mar syn soevereiniteit yn it saneamde Kroandomein oan de eastkant fan 'e Leopoldmar erkent. Mei't it Kroandomein yn dat gefal in steat binnen de steat komme soe te foarmjen, is dy opstelling foar it Belgyske regear ûnakseptabel.
- 22 juny - Haakon VII wurdt kroane ta de earste kening fan in selsstannich Noarwegen sûnt 1362.
- 26 juny - Yn Frankryk wurdt foar it earst de Grand Prix fan Le Mans ferriden.
- 30 juny - Nei't mistannen yn 'e itensferwurkjende yndustry yn 'e Feriene Steaten oan it ljocht kommen binne, nimt it Amerikaanske Kongres op oankringen fan presidint Theodore Roosevelt twa wetten oan (op it mêd fan iten, resp. medisinen) dy't tafersjoch op en regeljouwing foar dy sektor ynstelle.
- 12 july - Nei in lijenswei fan tolve jier wurdt de falske, út antysemityske redens fan spionaazje foar Dútslân beskuldige Joadske Frânske legerkaptein Alfred Dreyfus einlings en te'n lêsten troch it Hôf fan Kassaasje yn Parys frijsprutsen en rehabilitearre. Boppedat wurdt him it Légion d'Honneur takend.
- 21 july - Yn Ruslân wurde de earste Dûma ûntbûn troch minister fan Binnenlânske Saken Pjotr Stolypin, as blykt dat de leden fan it parlemint net de jaknikkers binne dy't it regear ferwachte hie, mar har wier mei it regearingsbelied bemuoie wolle.
- 25 augustus - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch ûntkomt minister fan Binnenlânske Saken Pjotr Stolypin oan 'e dea as der in bomoanslach op him dien wurdt. Dêrby komme 27 oare persoanen om it libben, wylst de dochter fan 'e minister foar it libben skeind rekket.
- 18 septimber - By wettersneed yn Hongkong, feroarsake troch in tyfoan, komme likernôch 10.000 minsken om.
- septimber - Yn Súd-Afrika ropt Mahatma Gandhi, in jonge abbekaat dy't him ûntjûn hat ta de wichtichste foaroanman fan 'e Britsk-Yndyske mienskip yn dat lân, syn folgelingen op ta pasifistysk ferset tsjin 'e diskriminearjende maatregels fan it regear.
- 29 septimber - De Feriene Steaten dogge in ynfal op Kuba om in oan krêft winnende opstân tsjin it rezjym fan presidint Tomás Estrada Palma te ûnderdrukken. Dit is it begjin fan 'e Twadde Besetting fan Kuba, dy't oant 1909 duorje sil.
- 11 oktober - It gemeentebestjoer fan de Amerikaanske stêd San Francisco ferklearret alle skoallen sletten foar Aziatyske bern.
- 25 oktober - De ambassadeur fan Japan yn 'e Feriene Steaten protestearret yn Washington, D.C. fûleindich tsjin 'e diskriminearjende maatregel fan it gemeentebestjoer fan San Francisco, dat Aziatyske bern earder dizze moanne de tagong ta alle skoallen yn dy stêd ûntsein hat.
- 14 novimber - De Dútske rykskânselier Bernhard von Bülow warskôget yn in taspraak foar de Ryksdei yn Berlyn foar it gefaar dat Dútslân troch fijannen besingele en isolearre wurdt. Dêrmei wiist er op 'e Entente Cordiale tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk en de bannen tusken dy beide lannen en Ruslân.
- 22 novimber - Yn Ruslân kundiget premier Pjotr Stolypin in langferwachte herfoarming fan 'e lânbou oan.
- 24 desimber - De Kanadeeske natuerkundige Reginald A. Fessenden demonstrearret dat it mooglik is om it lûd fan 'e minsklike stim triedleas oer te seinen. Dit is it begjin fan it radiotiidrek.
- 14 jannewaris - By in ierdbeving yn Kingston komme op Jamaika likernôch 1.000 minsken om.
- 31 jannewaris - Yn Belgje wurdt in út ferskate politike partijen gearstalde parlemintêre kommisje oprjochte dy't ûnder lieding fan parlemintsfoarsitter Frans Schollaert ûndersyk dwaan moat nei de sitewaasje yn 'e Kongofrijsteat, de Afrikaanske priveekoloanje fan kening Leopold II fan Belgje.
- 26 febrewaris - De Koninklijke Nederlandsche Petroleum Maatschappij en de Shell Transport and Trading Company út it Feriene Keninkryk beslute ta in fúzje. It nije bedriuw sil Koninklijke Shell komme te hjitten.
- 5 maart - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch komt de twadde Dûma gear.
- 31 maart - Yn Roemeenje wurdt de boere-opstân dy't yn febrewaris begûn, ûnderdrukt troch ynset fan it leger. Dêrby komt it ta slimme oarlochsmisdieden tsjin 'e boerebefolking.
- 26 april - Yn it Keninkryk Hongarije forsearret it troch etnyske Hongaren dominearre parlemint de magyarisearring fan it ûnderwiisbestel tsjin 'e útdruklike wil fan 'e nasjonale minderheden yn.
- 1 juny - De Russyske premier Pjotr Stolypin beskuldiget de 65 sosjalistyske ôffurdigen yn 'e twadde Dûma fan "in komplot tsjin 'e tsaar".
- 3 juny - Tsaar Nikolaas II ûntbynt al nei rom in fearnsjier de twadde Dûma
- 9 juny - Yn Gûatemala wurdt presidint Manuel Estrada Cabrera by in oanslach fermoarde.
- 29 july - Op it eilân Brownsea, yn it Ingelske Dorset, hâldt Robert Baden-Powell, de oprjochter fan 'e ynternasjonale paadfinerij, it earste paadfinerskamp.
- 18 july - Frânske troepen besette de grutte stêd Kasablanka, yn it ûnôfhinklike Sultanaat Marokko, nei't dêr 8 Jeropeänen omkommen binne by in ferheftige opskuor.
- 31 augustus - It Feriene Keninkryk en it Keizerryk Ruslân slute in militêr bûnsgenoatskip, de Britsk-Russyske Konvinsje, ek bekend as it Ferdrach fan Sint-Petersburch.
- 8 septimber - Yn syn ensyklyk Pascendi Domini Gregis feroardielet paus Pius X it 'modernisme' (d.w.s. de modernisearring) as "de gearfetting fan alle ketterijen".
- 25 oktober - Yn Nederlân wurdt de net-kapitalistyske koloanje Walden, yn It Goai, in inisjatyf fan skriuwer Frederik van Eeden, nei njoggen jier opheft fanwegen finansjele swierrichheden.
- 2 novimber - Yn 'e Noarske haadstêd Kristiania ûndertekenje it Feriene Keninkryk, Frankryk, Ruslân en Dútslân in ferdrach wêryn't se de territoriale yntegriteit fan Noarwegen garandearje.
- 14 novimber - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch komt de trêde Dûma foar it earst gear, dy't keazen is mei beheind kiesrjocht. Mei't de measte leden fan 'e earste en de twadde Dûma yn it tichthûs sitte of yn ballingskip jage binne, ferwachtet it regear fan tsaar Nikolaas II diskear oansjenlik minder swierrichheden by it oplizzen fan syn wil oan 'e parlemintariërs.
- 16 novimber - Oklahoma wurdt as de 46e Amerikaanske steat opnommen yn 'e Feriene Steaten.
- 28 novimber - Kening Leopold II fan Belgje ûndertekenet de Akte fan Ofstân, dêr't er ôfstân mei docht fan syn Afrikaanske priveekoloanje de Kongofrijsteat. Dat gebiet komt no ûnder bestjoer fan 'e Belgyske oerheid en sil omfoarme wurde ta de Belgyske Kongo.
- 16 desimber - De Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt wiuwt yn 'e haven fan New York de float fan 16 slachskippen en in grut tal lytsere marineskippen út dy't er yn in útwrydsk machtsfertoan in reis fan 26 moannen om 'e wrâld meitsje lit.
- 20 desimber - De Feriene Steaten, El Salvador, Gûatemala, Hondoeras, Nikaragûa en Kosta Rika slute it Ferdrach fan Washington, dat liede moat ta gruttere gearwurking fan 'e Middenamerikaanske lannen mei de Feriene Steaten.
- 26 septimber - De Britske koloanjes Nij-Seelân en Nijfûnlân krije selsbestjoer binnen it Britske Ryk.
- 13 jannewaris - De Frânske fleander Henri Farman fêstiget in Jeropeesk rekôr troch by Issy-les-Moulineaux in sirkelfoarmige flecht fan in kilometer lang te meitsjen.
- 1 febrewaris - By in oanslach wurde kening Karel I fan Portegal en syn soan, kroanprins Loadewyk Filips, yn Lissabon fermoarde.
- 4 febrewaris - De Kommisje-XVII, de Belgyske parlemintêre kommisje dy't oer de anneksaasje fan 'e Kongofrijsteat giet, skoarret syn wurk op om't der gjin oerienstimming berikt wurde kin oer it saneamde Kroandomein, it diel fan 'e koloanje dat kening Leopold II fan Belgje foar himsels hâlde wol.
- 5 maart - It Belgyske regear biedt in wetsfoarstel oer de anneksaasje fan de Kongofrijsteat oan it parlemint oan. It plan is no om ek it saneamde Kroandomein, it diel fan de koloanje dat kening Leopold II fan Belgje foar himsels hâlde wol, te anneksearjen, en de kening dêrfoar in skeafergoeding te beteljen.
- 25 maart - De Kommisje-XVII, de Belgyske parlemintêre kommisje dy't oer de anneksaasje fan 'e Kongofrijsteat giet, kart de amendearre tekst fan it anneksaasjeferdrach goed.
- 7 april - De regearings fan it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten stelle dat it belestingsysteem yn 'e Kongofrijsteat fan kening Leopold II fan Belgje, wêrby't lju dy't de belesting net opbringe kinne, twangarbeid oplein krije, in foarm fan slavernij is.
- 14 april - Denemark beslút ta de ynfiering fan it algemien manljus- en frouljuskiesrjocht, mar inkeld foar dat diel fan 'e befolking dat belesting betellet.
- 23 april - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurdt troch de regearings fan Dútslân, Denemark, Noarwegen, Nederlân, Belgje en it Feriene Keninkryk de saneamde Noardseekonvinsje ûndertekene, in ferdrach dat de status-quo en de frije trochfeart yn 'e Noardsee fêstleit.
- 23 april - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch wurdt troch de regearings fan Ruslân, Dútslân, Denemark en Sweden de saneamde Eastseekonvinsje ûndertekene, in ferdrach dat de status-quo en de frije trochfeart yn 'e Eastsee fêstleit.
- 23 april - It regear fan Belgje stelt dat it belestingsysteem yn 'e Kongofrijsteat, dat dêr neffens it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten foar in grut diel fan de befolking resultearret yn slavernij, mar stadichoan ôfskaft wurde kinne sil nei de anneksaasje fan it gebiet troch Belgje.
- 21 juny - Yn it Londenske Hyde Park fynt in demonstraasje foar de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht yn it Feriene Keninkryk plak, dêr't tsientûzenen minsken oan meidogge.
- 30 juny - By de rivier de Podkamennaja Tûngûska, yn Sibearje, fynt it saneamde Tûngûska-foarfal plak, wêrby't 2.000 km² bosk platslein wurdt. Men giet derfan út dat dat feroarsake wurdt troch de ynslach fan in meteoryt.
- 9 july - Yn Nederlân fúzjearje de Kristlik Histoaryske Partij (CHP) en de Fryske Kristlik-Histoaryske Kiesferienings (FCHK) ta de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU).
- 10 july - De Nederlânske natuerkundige Heike Kamerlingh Onnes ûntdekt hoe't men helium floeiber meitsje kin.
- 24 july - Under druk fan 'e binnenlânske politike en revolúsjonêre opskuor, dêr't de saneamde Jong-Turken oan kop en earen ta yn behelle binne, sjocht sultan Abdül Hamid II fan it Osmaanske Ryk himsels twongen om 'e nea fan krêft wurden grûnwet út 1876 út 'e kast te helje en yn te fieren.
- 13 augustus - Op in topmoeting yn it Eastenrykske Bad Ischl besiket de Britske kening Edwert VII om 'e nocht en oertsjûgje keizer Frâns Joazef I fan Eastenryk-Hongarije fan 'e agressive bedoelings fan Dútslân.
- 16 augustus - Yn it Osmaanske Ryk lansearje de nasjonalistyske Jong-Turken harren maatskiplik herfoarmingsprogramma.
- 20 augustus - It Belgyske parlemint kart it anneksaasjeferdrach goed wêrmei't de Kongofrijsteat, de Afrikaanske priveekoloanje fan kening Leopold II, besit fan 'e Belgyske steat wurdt. It gebiet hjit fan no ôf oan de Belgyske Kongo. De progressive liberalen en de sosjalisten stimme tsjin om't hja fine dat de frijsteat nei de befrijing fan it bewâld fan Leopold oan in ynternasjonaal orgaan tabetroud wurde moat.
- 23 augustus - Yn it Sultanaat Marokko stjit de anty-Jeropeeske Mûlay Abd al-Hafyd syn evenrediger broer Abd al-Azyz fan 'e troan.
- 30 augustus - Dútslân stegeret in Britsk foarstel ôf om 'e oarlochsfloaten fan 'e beide lannen yn te krimpen.
- 9 septimber - Ruslân leit it gebrûk fan 'e Poalske taal yn it ûnderwiis yn Russysk-Poalen fierder oan bannen.
- 1 oktober - De Amerikaanske Ford Motor Company yntrodusearret de T-Ford.
- 5 oktober - Bulgarije ropt de ûnôfhinklikheid út en snijt alle bannen mei it Osmaanske Ryk troch.
- 7 oktober - De keninkriken Servje en Montenegro slute in militêr bûnsgenoatskip dat benammen rjochte is tsjin Eastenryk-Hongarije.
- 8 oktober - De Bosnyske Krisis brekt út as Eastenryk-Hongarije de anneksaasje oankundiget fan Bosnje en Hertsegovina, twa gebieten dy't al sûnt it Ferdrach fan Berlyn fan 1878 ûnder Eastenryksk-Hongaarsk bewâld steane, mar formeel noch altyd diel útmeitsje fan it Osmaanske Ryk. Alle oare Jeropeeske grutmachten meitsje beswier tsjin 'e anneksaasje, en Servje en Montenegro, dy't sels op Bosnje en Hertsegovina longerje, dogge itselde. In skoftke balansearret Jeropa op 'e râne fan in grutte oarloch.
- 28 oktober - Yn in fraachpetear mei de Britske krante de Daily Telegraph skoffearret keizer Willem II fan Dútslân sawol Grut-Brittanje as Ruslân. In weach fan anty-Dútske gefoelens spiele oer it Feriene Keninkryk. Yn Berlyn wurdt dizze Daily Telegraph-affêre beskôge as in earsten foarbyld fan it ûnferantwurde hâlden en dragen fan 'e keizer.
- 7 novimber - Yn reäksje op 'e ferheging fan 'e ynfiertariven troch it regear fan Fenezuëla blokkearret de Nederlânske marine de Fenezolaanske havens en feroveret in diel fan 'e Fenezolaanske float.
- 15 novimber - De keizerinne-dûairiêre fan Sina, Cixi, komt te ferstjerren. Hja hat foar har dea har oerâldmuoikesizzer, de trijejierrige Pu Yi, oanwiisd as nije keizer.
- 17 desimber - Yn it Osmaanske Ryk komt foar it earst in parlemint gear, dat keazen is op basis fan de pas koartlyn ynfierde grûnwet út 1876.
- 23 desimber - Belgje en Frankryk slute in ferdrach dêr't yn fêstlein is dat de eardere ferdraggen dy't Frankryk sletten hat mei de Kongofrijsteat, fan krêft bliuwe no't dat gebiet as de Belgyske Kongo in koloanje fan Belgje wurden is.
- 28 desimber - By in ierdbeving en tsûnamy yn Itaalje wurde de eastlike kust fan Sisylje, wêrûnder de stêd Messina, en de súdkust fan Kalaabrje grutdiels ferwuostge. Der komme likernôch 150.000 minsken om.
- 2 jannewaris - De Earste Alvestêdetocht wurdt wûn troch Minne Hoekstra fan Wergea yn in tiid fan 13 oeren en 50 minuten.
- 9 jannewaris - De Britske ekspedysje op Antarktika, ûnder lieding fan Ernest Shackleton, moat mei noch 97 myl te gean fanwegen gebrek oan iten it foarnimmen opjaan om 'e Súdpoal te berikken.
- 13 febrewaris - Yn it Osmaanske Ryk twinge de Jong-Turken it ôftreden ôf fan grutfizier Mehmed Kâmil Pasja.
- 16 febrewaris - It Keninkryk Servje kundiget de mobilisaasje ôf yn ferbân mei de oanboazjende spannings mei Eastenryk-Hongarije yn it ramt fan 'e Bosnyske Krisis.
- 22 febrewaris - It Amerikaanske marine-eskader dat presidint Theodore Roosevelt op 16 desimber 1907 by wize fan machtsfertoan op in reis om 'e wrâld stjoerde, komt wer thús.
- 26 febrewaris - It Osmaanske Ryk erkent yn it ramt fan 'e Bosnyske Krisis de anneksaasje troch Eastenryk-Hongarije fan 'e Osmaanske gebietsdielen Bosnje en Hertsegovina, yn ruil foar finansjele skealeasstelling. Dútslân, Frankryk en it Feriene Keninkryk bemiddelje yn it heech oprûne konflikt tusken Eastenryk-Hongarije en it Keninkryk Servje, dat ek oanspraak makket op Bosnje en Hertsegovina.
- 31 maart - De Dútske rykskânselier Bernhard von Bülow makket yn in taspraak foar de Ryksdei dúdlik dat Dútslân oan 'e kant fan Eastenryk-Hongarije meifjochtsje sil as der yn it ramt fan 'e Bosnyske Krisis oarloch útbrekt mei Servje en/of Ruslân oer de Eastenryksk-Hongaarske anneksaasje fan Bosnje en Hertsegovina. Servje en Ruslân bine dêrop yn.
- 6 april - De Amerikaanske ûntdekkingsreizger Robert Peary berikt as earste minske de Noardpoal, yn it selskip fan Matthew Henson en fjouwer Eskimo's.
- 7-19 april - Mei de ûndertekening fan it amendearre Ferdrach fan Berlyn (1878) troch de ûnderskate Jeropeeske grutmachten wurdt de Bosnyske Krisis, dy't Jeropa op 'e râne fan in grutte oarloch brocht hat, delbêde.
- 13 april - By in militêre steatsgreep yn it Osmaanske Ryk, dy't rjochte is tsjin 'e Jong-Turken, wurdt grutfizier Hüseyin Hilmi Pasja ôfset.
- 18 april - Yn 'e Sint-Piterkatedraal yn Rome fynt de hillichferklearring fan Jeanne d'Arc plak.
- 19 april - It Osmaanske Ryk erkent de ûnôfhinklikheid fan Bulgarije.
- 24 april - By in steatsgreep yn it Osmaanske Ryk, gripe de Jong-Turken de macht werom dy't harren by de kûp fan 13 april ûntnommen wie. Harren lieder, Mahmut Şevket Pasja, lit de ferantwurdliken foar dy eardere steatsgreep daliks terjochtstelle.
- 27 april - De Osmaanske sultan Abdül Hamid II wurdt troch de Jong-Turken twongen ta abdikaasje fanwegen syn stipe oan 'e steatsgreep tsjin harren fan 13 april l.l. Hy wurdt opfolge troch syn broer Mehmed V.
- 27 april - De bûnsgenoaten fan Eastenryk-Hongarije yn 'e Triple Alliânsje, Dútslân en Itaalje, erkenne formeel de Eastenryksk-Hongaarske anneksaasje fan Bosnje en Hertsegovina.
- 1 maaie - Yn Frankryk wurdt by wet fêstlein hokker sterke drank oft him 'konjak' neame mei.
- 11 maaie - Yn Bloemfontein ûndertekenje fertsjintwurdigers fan 'e Britske Kaapkoloanje, Natal, de Transvaalkoloanje en de Oranjerivierkoloanje in ferdrach oer de oprjochting fan 'e Uny fan Súd-Afrika (mei yngong fan 1910), dy't de status fan dominion krije sil binnen it Britske Ryk.
- 27 juny - De grutmachten dy't sûnt 1898 mei-inoar it eilân Kreta, yn namme noch altyd in diel fan it Osmaanske Ryk, beset hâlde (it Feriene Keninkryk, Frankryk, Itaalje en Ruslân), begjinne mei de weromlûking fan harren troepen. Under fûleindige Osmaanske protesten nimme pleatslike Gryksk-Kretinzyske autoriteiten it bestjoer fan Kreta oer.
- 25 july - De Frânske piloat Louis Blériot stekt as earste yn in fleanmasine It Kanaal oer, troch fan Kalês nei Dover te fleanen.
- 26 july-2 augustus - In algemiene staking yn Kataloanje rint út op in arbeidersopstân yn Barseloana. Dêrby falle mear as hûndert deaden.
- 5 augustus - It Osmaanske Ryk easket fan Grikelân dat dat lân him distansjearret fan it hisen fan 'e Grykske flagge troch de befolking fan it Osmaanske eilân Kreta.
- 11 septimber - De Dútske astronoom Max Wolf werûndekt de Komeet fan Halley. Dêrmei komt foargoed fêst te stean dat dy komeet om 'e 76 jier by de Ierde weromkeart.
- 13 oktober - Nettsjinsteande protesten út 'e hiele wrâld wurdt de anargistyske foaroanman Francisco Ferrer Guardia yn Barseloana op befel fan in Spaanske militêre rjochtbank eksekutearre om't er de arbeidersopstân fan july organisearre hawwe soe.
- 26 oktober - By in oanslach yn Harbin, yn Mantsjoerije, wurdt de Japanske politikus Ito Hirobumi, dy't fjouwer kear premier fan Japan west hat en no de funksje fan residint-generaal fan Koreä beklaaid, fermoarde troch de Koreaanske nasjonalist An Jung-geun.
- 11 novimber - De Feriene Steaten geane oer ta de fêstiging fan in marinebasis op 'e Hawaï-eilannen, dy't de namme Marinestasjon Pearl Harbor krije sil.
- 16 desimber - By in steatsgreep yn Nikaragûa, dy't útfierd wurdt op oankringen en mei stipe fan 'e Feriene Steaten, wurdt presidint José Santos Zelaya ôfset.
- 17 desimber - Kening Leopold II fan Belgje komt nei in regearperioade fan 49 jier op 72-jierrige leeftyd te ferstjerren.
- 23 desimber - Albert I folget syn ferstoarne heit Leopold II op as kening fan Belgje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|