Springe nei ynhâld

Benjamin Harrison

Ut Wikipedy
Benjamin Harrison yn 1897
Harrison syn hantekening

Benjamin Harrison (North Bend (Ohio), 20 augustus 1833Indianapolis (Indiana), 13 maart 1901) wie de 23e presidint fan de Feriene Steaten (1889-1893). Hy wie in pakesizzer fan presidint William Henry Harrison.

Harrison studearre rjochten yn Cincinnati en waard abbekaat yn Indianapolis yn 1854. Yn 1856 trede er ta ta de krekt oprjochte Republikeinske Partij. Yn de Amerikaanske Boargeroarloch tsjinne Harrison fan 1862 oant 1865 yn it 70ste Indiana Rezjimint en brocht it fan luitenant ta brigadegeneraal. Hy hearde ta de troepen ûnder generaal William T. Sherman, dy't yn septimber 1864 de stêd Atlanta ynnommen. Nei de kriich pakte Harrison syn abbekatepraktyk wer op. Fan 1881 oant 1887 fertsjintwurdige er syn steat yn de Amerikaanske Senaat.

By de presidintsferkiezingen fan 1888 waard Harrison keazen as presidint. Hoewol't er ner safolle stimmen helle as syn tsjinstanner, de sittende presidint Grover Cleveland, wist er mear kiesmannen oan him te binen (233 tsjin 168). Harrison waard ynhuldige 4 maart 1889 en is noch altyd de iennige presidint dy't Indiana as thússteat hie. Syn presidintskip hat fral wichtich west fanwege de ekonomyske wetjouwing dy't doe ynfierd is. Yn syn amtstermyn berûn de jierbegrutting fan de nasjonale oerheid foar it earst ien miljart dollar. Teffens waarden yn dy tiid seis nije westlike steaten talitten by de Uny: Noard Dakota, Súd Dakota, Montana, Washington, Idaho en Wyoming. Harrison waard by de presidintsferkiezings yn 1892 om bar ferslein troch syn foargonger Cleveland. Hy bleau presidint oant 4 maart 1893.

Nei syn ôftreden festige Harrison him yn Indianapolis, begûn fannijs syn advokatepraktyk, joech lêzingen en skreau artikels yn kranten en tydskriften. Hy stoar op 13 maart 1901, 67 jier âld, en kaam te hôf yn Indianapolis. Syn twadde frou Mary oerlibbe him goed 46 jier en stoar op 5 jannewaris 1948 mei 89 jier.

Kabinetsleden ûnder B.Harrison

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
KABINETSLEDEN MINISTEARJE Perioade Bysûnderheden:
James G. Blaine Bûtenlânske Saken 1889 - 1892 Idem ûnder Garfield + Arthur
John W. Noble Binnenlânske Saken 1889 - 1893
Redfield Proctor Oarloch 1889 - 1891
William Windom Finânsjen 1889 - 1891 Idem ûnder Garfield + Arthur
William H.H. Miller Justysje 1889 - 1893
Jermiah M. Rusk Lânbou 1889 - 1893
Benjamin F. Tracy Marine 1888 - 1893
John Wanamaker Posterijen 1889 - 1893
Stephen B. Elkins Oarloch 1891 - 1893
Charles Foster Finânsjen 1891 - 1893
John W. Foster Bûtenlânske Saken 1892 - 1893

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan Wikepedia nl:, Benjamin Harrison
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Benjamin Harrison fan Wikimedia Commons.