Blokkade (militêre strategy)
In blokkade is yn 'e kontekst fan oarlochfiering en kriichskunde it aktyf (d.w.s. sa nedich mei geweld) foarkommen dat in lân of krite hannel driuwe kin mei de bûtenwrâld of dêrwei befoarriede wurde kin. Soks ferskilt fan in embargo en fan sanksjes, mei't dat wetlike barriêres binne, wylst in blokkade in fysike barriêre is. In blokkade ferskilt fan in belegering of belis, mei't in belegering tsjin in stêd of fêsting rjochte is, wylst in blokkade him rjochtet op in (folle) grutter gebiet. It doel fan in blokkade is faak, mar net altyd, om it blokkearre gebiet te feroverjen. In blokkade kin folslein wêze, wêrby't alles tsjinholden wurdt, mar it kin ek selektyf wêze, as bgl. wapens tsjinkeard wurde, mar iten of medisinen net. De juridyske rjochtmjittigens fan blokkades is twifelich en wurdt troch guon lannen wol en troch oaren net erkend.
Histoarysk wiene de measte blokkades maritime blokkades, mei't in blokkade op lân folle dreger te hanthavenjen is. Ien fan 'e bekendste foarbylden fan in maritime blokkade wie it Anakondaplan, dat yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) ynset waard troch de Feriene Steaten tsjin 'e separatistyske Konfederearre Steaten. Dêrby waard de hiele kust fan it Amerikaanske Suden, fan 'e rivier de Potomac by Washington D.C. oant de mûning fan 'e Rio Grande oan 'e grins fan Meksiko, ôfsletten troch de marine fan it Noarden. Om't de ekonomy fan it Suden fierhinne ôfhinklik wie fan 'e eksport fan katoen, waard it gebiet dêrtroch stadichoan ekonomysk smoard (dêrfandinne de ferwizing nei de wjirchslang anakonda).
De bekendste blokkade op lân wie de Blokkade fan Berlyn, dy't plakfûn fan juny 1948 oant maaie 1949 yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch. Dêrby waard de Westerske eksklave West-Berlyn troch de Sovjet-Uny en syn bûnsgenoaten fan 'e bûtenwrâld ôfsletten mei de bedoeling om it Westen te twingen en draach West-Berlyn oer oan it Eastblok. De Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Frankryk stelden lykwols in loftbrêge yn om 'e stêd troch de loft te befoarriedzjen. Om't de Sovjet-Uny net ree wie en lit it op in oarloch mei it Westen oankomme, koene de Westerske fleantugen net delsketten wurde. De lânblokkade hie sadwaande gjin sin mear en waard úteinlik opheft.
In moderner foarbyld fan in lânblokkade is Armeenje, in troch lân omsletten steat yn 'e Kaukasus, dy't anno 2022 al mear as tritich jier mei it buorlân Azerbeidzjan ferwikkele is yn in leech-yntinsive oarloch om 'e krite Nagorno-Karabach. Azerbeidzjan en syn bûnsgenoat Turkije grinzgje yn it easten en westen oan Armeenje. Om't sy it lân blokkearje, kin Armeenje inkeld hannel driuwe troch de loft of fia de buorlannen Georgje en (yn mindere mjitte) Iraan. Dêrtroch wurdt de ekonomyske ûntjouwing fan it lân slim beheind.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |