Springe nei ynhâld

Olympyske Simmerspullen 2020

Ut Wikipedy
XXXIIe Olympiade
holden yn Tokio (Japan)
jier 2020 (2021)
data 21 july-8 augustus 2021
organisator IOC
dielnimmende lannen 205 (+ Flechtlingeteam)
dielnimmende atleten 11.090
eveneminten 339 yn 33 sporten
iepeningsseremoanje 23 july 2021
slutingsseremoanje 8 augustus 2021
edysjes
foarige Rio de Janeiro 2016
folgjende Parys 2024
Temaside  Sport

De Olympyske Simmerspullen fan 2020 (Japansk: 2020年夏季オリンピック, transliteraasje: Nisen Nijū-nen Kaki Orinpikku), offisjeel bekend as de Spullen fan de XXXII Olympiade, wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint yn 'e tradysje fan 'e Olympyske Spullen, dat yn 'e simmer fan 2021 holden waard yn 'e Japanske haadstêd Tokio. It wie de earste edysje fan 'e Spullen ea dy't útsteld waard en in jier letter plakfûn as de bedoeling wie. Reden dêrfoar wie de koroanapandemy. Hoewol't dizze edysje fan 'e Simmerspullen formeel fan 23 july oant 8 augustus rûn, setten guon groepswedstriden al op 21 july úteinset, twa dagen foar de iepeningsseremoanje. Oan 'e Spullen diene 11.090 sporters mei út 205 ûnderskate lannen en territoaria. It evenemint omfieme fierders 339 ûnderdielen yn 33 ferskillende sporten. Nije sporten dy't op dizze edysje fan 'e Olympyske Spullen yntrodusearre waarden, wiene 3×3 basketbal en fytskrossen frije styl, wylst yn in stikmannich besteande sporten mingde eveneminten foar manlju en froulju tafoege waarden en by it baanhurdfytsen de keppelkoers foar manlju reyntrodusearre waard en in selde evenemint foar froulju tafoege waard. Dêropta wiene der fiif sporten spesifyk foar dizze iene edysje fan 'e Olympyske Simmerspullen op it programma set. Nei de Olympyske Simmerspullen waarden yn Tokio ek de Paralympyske Simmerspullen organisearre.

By de útornearring fan 'e gaststêd foar de Olympyske Simmerspullen 2020 naam Tokio it op tsjin in stikmannich oare gadingmakkers. De wichtichsten dêrfan wiene Istanbûl, yn Turkije, en Madrid, yn Spanje. By de ferkiezing behellen dy beide stêden in dield twadde plak. Dêrom wie der in runoff nedich, wêrby't Madrid ôffoel. By de einstimming wûn Tokio it fan Istanbûl mei 60 tsjin 36 stimmen.

Organisaasje en swierrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn ferhâlding ta de problematyske oanrin nei de foargeande Olympyske Simmerspullen, dy fan 2016, yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro, gie it mei de tariedings foar de Spullen yn Tokio dat it slydjage. De útbraak fan 'e wrâldwide koroanapandemy, yn desimber 2019, jage de boel lykwols yn 'e bulten. Al rillegau ûntstie der twifel oft de spullen yn 'e simmer fan 2020 wol holden wurde koene. It Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) en it regear fan Japan holden noch in skoft út dat it evenemint trochgean soe. Noed oer it wolwêzen fan 'e sporters en oare belutsenen en eangst foar de fierdere fersprieding fan koroana ûnder de Japanske befolking wylst der oant teminsten desimber 2020 gjin effektyf faksên tsjin 'e sykte beskiber komme soe, makken útstel fan 'e Olympyske Spullen lykwols ûnûntkomber.

De Olympyske ringen by nacht op in ponton yn 'e Baai fan Tokio.

Op 30 maart 2020 makke it IOC yn in mienskiplike ferklearring mei it Organisearjend Komitee foar de Olympyske en Paralympyske Spullen yn Tokio (TOCOG) bekend dat de Olympyske Simmerspullen fan 2020 in jier útsteld wurde soene, oant 23 july 2021. Dat wie in unikum yn 'e skiednis fan 'e Olympyske Spullen, mei't eardere edysjes soms oergien wiene omreden fan negative ynfloeden fan bûtenôf (spesifyk de Earste Wrâldoarloch en de Twadde Wrâldoarloch), mar noch nea útsteld wiene oant in lettere datum. De hoop bestie dat yn 'e simmer fan 2021 it koroanafirus betwongen wêze soe. Dat wie sa net, mar fanwegen de beskikberens fan in effektyf faksên tsjin it firus (en om finansjele redens) waard doe besletten de Spullen net fierder út te stellen, ek al fûn der tagelyk mei de Olympyske Simmerspullen in nije koroana-útbraak plak yn Japan. Yn dat lân bestie tsjin dy tiid sadwaande net folle animo mear foar it hâlden fan it evenemint, mar kontraktuele ferplichtings en druk fan it IOC twongen de Japanske autoriteiten om yn 2021 dochs troch te setten.

Hoewol't de Olympyske atleten en har ûnderstypjende stêf yn Tokio yn in 'bubbel' libben en dus alhiel gjin kontakt hiene (of alteast hearden te hawwen) mei de pleatslike befolking, waarden der ûnder harren geandewei de Spullen dochs noch 458 gefallen fan besmetting mei it koroanafirus fêststeld. Sokke sporters en stêfleden waarden fuortendaliks tsien dagen yn karantêne set en dêrnei nei hûs stjoerd, en koene dus fierder net oan 'e Spullen dielnimme.

De folgjende sporten makken diel út fan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020, mei it tal ûnderdielen tusken heakjes. (Offisjeel wiene der 33 sporten, mar dy telling is frijwat ûndúdlik om't dy neffens sportbûn rekkene is. Sa foarmje alle wettersporten yn dy optyk ien sport.) Der wiene twa nije sporten: 3×3 basketbal en fytskrossen frije styl. Dêrnjonken wiene der fiif sporten spesifyk en allinne foar dizze iene edysje fan 'e Olympyske Simmerspullen op it programma set: honkbal, karate, skateboarden, sportklimmen en surfen.


N.B.: Foar alle tiden en data jildt de Japanske Standerttiid (UTC+9)
IS iepeningsseremoanje groeps- en kwalifikaasjewedstriden 1 finales ÔS ôfslutingsseremoanje
july/augustus 2021 21
woa.
22
tong.
23
freed
24
sneon
25
snein
26
moan.
27
tii.
28
woa.
29
tong.
30
freed
31
sneon
1
snein
2
moan.
3
tii.
4
woa.
5
tong.
6
freed
7
sneon
8
snein
finales
seremoanjes IS ÔS
Atletyk 1 3 4 5 6 5 8 8 7 1 48
Baanhurdfytsen 1 2 1 2 2 1 3 12
Badminton 1 1 1 2 5
Basketbal Klassyk 1 1 4
3×3 2
berchfytsen 1 1 2
Bôgesjitten 1 1 1 1 1 5
Boksen 2 1 1 1 4 4 13
dykhurdfytsen 1 1 2 4
Follybal 1 1 2
Fuotbal 1 1 2
fytskrossen 2 2 4
Gewichtheffen 1 2 1 2 1 2 1 2 1 1 14
Gymnastyk Rytmysk 1 1 18
Trampolyne 1 1
Turnjen 1 1 1 1 4 3 3
Golf 1 1 2
Hânbal 1 1 2
Hynstesport 1 1 2 1 1 6
Hockey 1 1 2
Honkbal 1 1
Hurdsilen 2 2 4 2 10
Iepenwetterswimme 1 1 2
Judo 2 2 2 2 2 2 2 1 15
Kanofarren slalom 1 1 1 1 16
sprint 4 4 4
Karate 3 3 2 8
Keunstdûken 1 1 1 1 1 1 1 1 8
Moderne fiifkamp 1 1 2
Roeien 6 4 4 14
Rugby 1 1 2
Skateboarden 1 1 1 1 4
Skermjen 2 2 2 1 1 1 1 1 1 12
Softbal 1 1
Sportklimmen 1 1 2
Strânfollybal 1 1 2
Sjitsport 2 2 2 2 2 1 2 2 15
Surfen 2 2
Swimmen 4 4 4 5 5 4 4 5 35
Syngroanswimmen 1 1 2
Taekwondo 2 2 2 2 8
Tafeltennis 1 1 1 1 1 5
Tennis 1 1 3 5
Triatlon 1 1 1 3
Wetterpolo 1 1 2
Wrakseljen 3 3 3 3 3 3 18
totaal tal finales 11 18 21 22 23 17 21 21 25 20 26 17 27 23 34 13 339
tal finales dien 11 29 50 72 95 112 133 154 179 199 225 242 269 292 326 339
july/augustus 2021 21
woa.
22
tong.
23
freed
24
sneon
25
snein
26
moan.
27
tii.
28
woa.
29
tong.
30
freed
31
sneon
1
snein
2
moan.
3
tii.
4
woa.
5
tong.
6
freed
7
sneon
8
snein
finales


Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dielnimmende lannen oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020, mei it tal yndividuële sporters oanjûn.


*) Om't Ruslân fanwegen syn wegering om op strukturele wize doping oan te pakken noch altyd fan dielname útsletten wie troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC), diene de Russyske sporters oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020 mei as neutrale dielnimmers ûnder de flagge fan it Russysk Olympysk Komitee.

Boerkina Faso, San Marino en Turkmenistan behellen op 'e Olympyske Simmerspullen 2020 harren earste Olympyske medaljes ea. Bermuda, de Filipinen en Katar behellen har earste Olympyske gouden medaljes.

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 39 41 33 113
2 Sina Flagge fan de folksrepublyk Sina CHN 38 32 18 88
3 Japan (Gastlân) Flagge fan Japan JPN 27 14 17 58
4 Feriene Keninkryk Flagge fan Grut-Brittanje GBR 22 21 22 65
5 Russysk team  ROC 20 28 23 71
6 Austraalje Flagge fan Austraalje AUS 17 7 22 46
7 Nederlân Flagge fan Nederlân NED 10 12 14 36
8 Frankryk Flagge fan Frankryk FRA 10 12 11 33
9 Dútslân Flagge fan Dútslân GER 10 11 16 37
10 Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 10 10 20 40
11 Kanada Flagge fan Kanada CAN 7 6 11 24
12 Brazylje Flagge fan Brazylje BRA 7 6 8 21
13 Nij-Seelân Flagge fan Nij-Seelân NZL 7 6 7 20
14 Kuba Flagge fan Kuba CUB 7 3 5 15
15 Hongarije Flagge fan Hongarije HUN 6 7 7 20
16 Súd-Koreä Flagge fan Súd-Korea KOR 6 4 10 20
17 Poalen Flagge fan Poalen POL 4 5 5 14
18 Tsjechje Flagge fan Tsjechje CZE 4 4 3 11
19 Kenia Flagge fan Kenya KEN 4 4 2 10
20 Noarwegen Flagge fan Noarwegen NOR 4 2 2 8
21 Jamaika Flagge fan Jamaika JAM 4 1 4 9
22 Spanje Flagge fan Spanje ESP 3 8 6 17
23 Sweden Flagge fan Sweden SWE 3 6 0 9
24 Switserlân Flagge fan Switserlân   SUI 3 4 6 13
25 Denemark Flagge fan Denemark DEN 3 4 4 11
26 Kroaasje Flagge fan Kroaasje CRO 3 3 2 8
27 Iraan Flagge fan Iran IRI 3 2 2 7
28 Servje Flagge fan Servje SRB 3 1 5 9
29 Belgje Flagge fan Belgje BEL 3 1 3 7
30 Bulgarije Flagge fan Bulgarije BUL 3 1 2 6
31 Sloveenje Flagge fan Sloveenje SLO 3 1 1 5
32 Oezbekistan Flagge fan Oezbekistan UZB 3 0 2 5
33 Georgje Flagge fan Geörgje GEO 2 5 1 8
34 Sineesk Taipei Flagge fan Sineesk Taipei TPE 2 4 6 12
35 Turkije Flagge fan Turkije TUR 2 2 9 13
36 Grikelân Flagge fan Grikelân GRE 2 1 1 4
Uganda Flagge fan Uganda UGA 2 1 1 4
38 Ekwador Flagge fan Ekwador ECU 2 1 0 3
39 Ierlân Flagge fan Ierlân IRL 2 0 2 4
Israel Flagge fan Israel  ISR 2 0 2 4
41 Katar Flagge fan Katar QAT 2 0 1 3
42 Bahama's Flagge fan de Bahama's BAH 2 0 0 2
Kosovo Flagge fan Brazylje KOS 2 0 0 2
44 Oekraïne Flagge fan Oekraïne UKR 1 6 12 19
45 Wyt-Ruslân Flagge fan Wyt-Ruslân BLR 1 3 3 7
46 Fenezuëla Flagge fan Fenezuëla VEN 1 3 0 4
Roemeenje Flagge fan Roemeenje ROU 1 3 0 4
48 Yndia Flagge fan Yndia  IND 1 2 4 7
49 Hongkong Flagge fan Hongkong HKG 1 2 3 6
50 Filipinen Flagge fan de Filipinen PHI 1 2 1 4
Slowakije Flagge fan Slowakije SVK 1 2 1 4
52 Súd-Afrika Flagge fan Súd-Afrika RSA 1 2 0 3
53 Eastenryk Flagge fan Eastenryk AUT 1 1 5 7
54 Egypte Flagge fan Egypte EGY 1 1 4 6
55 Yndoneezje Flagge fan Yndoneezje INA 1 1 3 5
56 Etioopje Flagge fan Etioopje ETH 1 1 2 4
Portegal Flagge fan Portegal POR 1 1 2 4
58 Tuneezje Flagge fan Tuneezje TUN 1 1 0 2
59 Estlân Flagge fan Estlân EST 1 0 1 2
Fidzjy Flagge fan Fidzjy  FIJ 1 0 1 2
Letlân Flagge fan Letlân LAT 1 0 1 2
Tailân Flagge fan Tailân THA 1 0 1 2
63 Bermuda Flagge fan Bermûda  BER 1 0 0 1
Marokko Flagge fan Marokko MAR 1 0 0 1
Porto Riko Flagge fan Puerto Riko PUR 1 0 0 1
66 Kolombia Flagge fan Kolombia COL 0 4 1 5
67 Azerbeidzjan Flagge fan Azerbeidzjan AZE 0 3 4 7
68 Dominikaanske Republyk Flagge fan de Dominikaanske Republyk DOM 0 3 2 5
69 Armeenje Flagge fan Armeenje ARM 0 2 2 4
70 Kirgyzje Flagge fan Kirgyzje KGZ 0 2 1 3
71 Mongoalje Flagge fan Mongoalje MGL 0 1 3 4
72 Argentynje Flagge fan Argentynje ARG 0 1 2 3
San Marino Flagge fan San Marino SMR 0 1 2 3
74 Jordaanje Flagge fan Jordaanje JOR 0 1 1 2
Maleizje Flagge fan Maleizje MAS 0 1 1 2
Nigearia Flagge fan Nigearia NGR 0 1 1 2
77 Bachrein Flagge fan De Barein  BRN 0 1 0 1
Litouwen Flagge fan Litouwen LTU 0 1 0 1
Namybje Flagge fan Namybje NAM 0 1 0 1
Noard-Masedoanje Flagge fan Noard-Masedoanje MKD 0 1 0 1
Saûdy-Araabje Flagge fan Saûdy-Araabje KSA 0 1 0 1
Turkmenistan Flagge fan Turkmenistan TKM 0 1 0 1
83 Kazachstan Flagge fan Kazakstan KAZ 0 0 8 8
84 Meksiko Flagge fan Meksiko MEX 0 0 4 4
85 Finlân Flagge fan Finlân FIN 0 0 2 2
86 Botswana Flagge fan Botswana  BOT 0 0 1 1
Boerkina Faso Flagge fan Bûrkina Faso  BUR 0 0 1 1
Gana Flagge fan Gana  GHA 0 0 1 1
Grenada Flagge fan Grenada  GRN 0 0 1 1
Ivoarkust Flagge fan Ivoarkust  CIV 0 0 1 1
Koeweit Flagge fan Koeweit KUW 0 0 1 1
Moldaavje Flagge fan Moldaavje MDA 0 0 1 1
Syrje Flagge fan Syrje SYR 0 0 1 1

Fryske medaljes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
medalje namme út sport ûnderdiel datum
sulver Ymkje Clevering (en 3 oaren) Haulerwyk roeien fjouwer sûnder 28 july
brûns Marit Bouwmeester Warten hurdsilen laser radiaal (froulju) 1 augustus

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje


Olympyske Simmerspullen 2020

Atletyk | Baanhurdfytsen | Badminton | Basketbal | Berchfytsen | Bôgesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Fytskrossen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Golf | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Honkbal | Hurdsilen | Judo | Karate | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Rugby | Syngroanswimmen | Sjitsport | Skateboarden | Skermjen | Softbal | Sportklimmen | Strânfollybal | Surfen | Swimmen | Teakwondo | Tafeltennis | Tennis | Triatlon | Wetterpolo | Wrakseljen

· · Berjocht bewurkje