Springe nei ynhâld

Splatterfilm

Ut Wikipedy

De splatterfilm is in subsjenre fan 'e horrorfilm dat him mei opsetsin konsintrearret op it op grafyske wize yn byld bringen fan geweld, benammen it ferlies fan lichemsdielen. Sokke films litte in fassinaasje sjen foar de kwetsberens fan it minsklik lichem en foar it teätraal toanen fan it skeinen dêrfan. De namme komt fan it Ingelske splatter film of splatter movie, dat letterlik "snjitterfilm" betsjut, ferwizend nei it spatterjend delkommen fan bloed. De term waard betocht troch regisseur George A. Romero om syn horrorfilm Dawn of the Dead, út 1978, te omskriuwen. Filmkritisy ornearje lykwols yn 'e regel dat dy film hegere aspiraasjes hat (lykas sosjaal kommentaar), as foar films fan dit eksploitative subsjenre wenstich is. Splatterfilms dy't sa oerdreaun binne dat it komysk wurdt, hearre ta in eigen subsjenre, dat splatstick hjit (in gearlûking fan 'splatterfilm' en 'slapstick').

De oantsjutting 'splatterfilm' waard popularisearre troch yn it non-fiksjewurk Splatter Movies, fan John McCarty út 1981, dat as ûndertitel hie: Breaking the Last Taboo: A Critical Survey of the Wildly Demented Subgenre of the Horror Film that is Changing the Face of Film Realism Forever. Hoewol't de term 'splatterfilm' fral assosjearre wurdt mei frijwat ekstreme horrorfilms, dêr't it boek sadwaande foar it meastepart oer giet, suggerearre McCarty dat it in symptoom wie fan in bredere trend yn 'e filmyndustry. Hy behannele dêrom ek oare films wêryn't bloed rynsk floeit, lykas de swarte komeedzje Female Trouble (1974), de plysjefilm Magnum Force (1973) en de westernfilm The Long Riders (1980). In moderne oanfolling op dat listke soe perfoarst de neo-noir-aksjefilm Kill Bill: Volume 1 (2003) wêze kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.