Springe nei ynhâld

Ranch

Ut Wikipedy
In ranch yn Wyoming.

In ranch (útspr.: [ræ:nʧ], likernôch: "rêntsj"; meartal: ranches, útspr: ['rænʧɪz], likernôch: "rên-tsjiz") is in pleats foar feehâlderij, yn 't bysûnder foar fetweiderij. Histoarysk giet it dêrby om kij of soms skiep of hynders. Tsjintwurdich kin it ek gean om wapitys, Amerikaanske bizons, alpaka's, of sels strúsfûgels. "Ranch" is in Ingelske beneaming, dy't benammen yn gebrûk is foar bedriuwen yn 'e westlike Feriene Steaten, westlik Kanada en noardlik Meksiko. Yn oare dielen fan 'e Angelsaksyske wrâld wurde der oare termen foar brûkt, lykas farm yn it Feriene Keninkryk en de eastlike helte fan Noard-Amearika, en cattle station (of koartwei station) yn Austraalje.

De eigner fan in ranch is in rancher. Histoarysk, dat wol sizze yn 'e tiid fan it Wylde Westen, waard in ranch bewurke troch cowboys, dy't ûnder lieding stiene fan in foarman. As bouwurk bestiet in ranch út in (faak lossteande) huzinge mei ferskate skuorren, hokken en/of oare bygebouwen. Histoarysk wie ien fan dy bygebouwen it bunkhouse, dêr't de cowboys sliepten as se de nacht net bûtendoar by it fee trochbrochten. Njonken de gebouwen beslacht it begryp 'ranch' ek it grûngebiet fan it bedriuw, dat in oansjenlik oerflak omfetsje kin. Yn 'e westlike Feriene Steaten besteane in protte ranches út lân dat yn partikulier eigendom is, oanfolle mei hierbeweiding fan lân ûnder behear fan it Bureau of Land Management of de United States Forest Service, dat ynstellings fan 'e Amerikaanske federale oerheid binne.

As in ranch bebouber of yrrigearre lân omfiemet, kin der ek dien wurde oan bou, benammen fan nôtsoarten (lykas stynske weet of hjouwer) dy't as feefoer bedoeld binne. Fierders binne der, benammen yn it westen fan 'e Feriene Steaten, ferskate ranches dy't har op 'e toeristyske sektor rjochte hawwe: de saneamde gastranches, yn 'e sprektaal ek wol oantsjut as dude ranches. Dat binne pleatsen dy't yn bedriuw binne as feehâlderij, mar inkeld om toeristen it 'Wylde Westen' ûnderfine te litten troch in wike of sa sels as cowboy oan it wurk te gean, mei hynsteriden en feedriuwen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.