Wytsturtkjifstikelbaarch
wytsturtkjifstikelbaarch | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Hystrix indica | ||||||||||||
Kerr, 1792 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wytsturtkjifstikelbaarch (wittenskiplike namme: Hystrix indica) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae) en it skaai fan 'e echte kjifstikelbargen (Hystrix), dat foarkomt op in grut part fan it Yndiaaske subkontinint en yn dielen fan West-Aazje. Dizze soarte is nau besibbe oan 'e bekendere gewoane kjifstikelbaarch (Hystrix cristata), en waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1792, troch de Britske biolooch Robert Kerr.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytsturtkjifstikelbaarch is lânseigen op it grutste part fan it Yndiaaske subkontinint, útsein it noardeastlike diel. De eastgrins fan syn ferspriedingsgebiet rint fan 'e dielsteat Orissa al bochtsjend nei it noardnoardwesten, roert it uterste súdwesten fan Nepal oan, en rint dan by de Himalaya lâns troch it noarden fan Yndia yn Kasjmier. Ek komt er foar op Sry Lanka. Mear nei it westen ta libje wytsturtkjifstikelbargen yn hast hiel Pakistan, Afganistan, Iraan en Azerbeidzjan.
Yn Sintraal-Aazje komme se foar yn 'e flakkere dielen fan Tadzjikistan, Kirgyzje en súdlik Oezbekistan. Ek libje se yn it uterste súdeasten fan Kazachstan en yn in grut diel fan Turkmenistan, útsein it woastinige binnenlân. Yn it Midden-Easten binne wytsturtkjifstikelbargen lânseigen yn it gebiet fan 'e Fruchtbere Healmoanne fan Irak, súdeastlik Turkije, Syrje, Libanon, Israel, Palestina en Jordaanje. Ek libje se by de kust fan 'e Perzyske Golf lâns, yn Koeweit en eastlik Saûdy-Araabje. Isolearre populaasje besteane oan 'e kust fan 'e Reade See yn it westen fan Saûdy-Araabje, yn súdwestlik Jemen en oan 'e súdlike en westlike kusten fan Lyts-Aazje.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytsturtkjifstikelbaarch is in grut kjifdier, dat trochinoar in totale lichemslingte hat fan sa'n 90 sm, en in gewicht fan 14½ kg. Hy is oerdutsen mei boarstelich brún hier, en hat op 'e rêch lange stikels, dy't op 'e sturt koarter en hol binne. De eagen en earen binne lyts, en de poaten binne breed mei lange klauwen, dy't bedoeld binne om mei te graven.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wytsturtkjifstikelbargen binne bisten dy't har oan in protte ferskillende biotopen oanpasse kinne, lykas tropysk reinwâld, tuskenbeiden leafwâld, berchtmen, iepen gerslân en steppen. As se har bedrige fiele, rattelje se mei de holle stikels op har sturt, en as dat de oanfaller net ôfskrikt, dan sette se har rêchstikels op en dogge se beklingse útfallen wêrby't se besykje de oanfaller mei har stikels te stekken. Dat is sa'n effektive ferdigening, dat de measte konfrontaasjes tusken wytsturtkjifstikelbargen en rôfdieren einigje mei de dea of slimme ferwûning fan it rôfdier. Yn Yndia is fêststeld dat in soad minske-itende tigers en loaihoarsen ta har dieetkar brocht binne om't se net mear goed jeie kinne fanwegen ferwûnings dy't se oprûn hawwe yn konfrontaasjes mei wytsturtkjifstikelbargen.
De wytsturtkjifstikelbaarch is in nachtdier, dat libbet yn ûndergrûnske hoalen en benammen foar 't ljocht komt om te foerazjearjen. Op it menu steane benammen plantaardige saken, lykas fruchten, nôt en plantewoartels, wat dit bist net botte populêr makket by lânbouwers. Fierders gnauje wytsturtkjifstikelbargen gauris op âlde bonken om, nei alle gedachten om't se ferlet hawwe fan kalsium. De wyfkes produsearje ien nêst fan 1-4 jongen it jier. Oer de libbensferwachting fan dit bist is net folle bekend.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytsturtkjifstikelbaarch hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Echte kjifstikelbaarch
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan