Springe nei ynhâld

Walk the Line (film)

Ut Wikipedy
Walk the Line
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur James Mangold
produsint James Keach
Cathy Konrad
senario Gill Dennis
James Mangold
basearre op Man in Black en
Cash: The Autobiography
    beide fan Johnny Cash
kamerarezjy Phedon Papamichael
muzyk T Bone Burnett
filmstudio Fox 2000 Pictures
Konrad Pictures
Tree Line Film
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Joaquin Phoenix
Reese Witherspoon
byrollen Ginnifer Goodwin
Robert Patrick
Shelby Lynne
Dan John Miller
Larry Bagby
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 18 novimber 2005
foarm langspylfilm
sjenre biografyske romantyske film
taal Ingelsk
spyltiid 136 minuten
budget en resultaten
budget $28 miljoen
opbringst $186,8 miljoen
prizen 1 × Oscar
3 × Golden Globe
1 × Grammy Award
2 × BAFTA
2 × Satellite Award
1 × SAG Award

Walk the Line is in Amerikaansk-Dútske biografyske romantyske dramafilm út 2005 ûnder rezjy fan James Mangold, mei yn 'e haadrollen Joaquin Phoenix en Reese Witherspoon. De titel betsjut letterlik: "Rin op 'e Line", wat frij fertaald delkomt op: "Bliuw op it Rjochte Paad". It is it libbensferhaal fan 'e ferneamde countrymuzikant Johnny Cash, basearre op syn beide autobiografyen. De plot fan 'e film folget Cash yn 'e earste helte fan syn libben, oant 1968, en lit sjen hoe't er trochbriek as sjonger en wraksele mei in ferslaving oan drugs. In sintraal plak yn 'e film wurdt ynnommen troch Cash syn ûnlijige relaasje mei sjongster June Carter, de leafde fan syn libben, dy't er lykwols pas mette doe't se allebeide al mei oaren troud wiene. Walk the Line waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Walk the Line wûn de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje. Reese Witherspoon wûn foar har rol as June Carter de Oscar, Golden Globe, BAFTA, Satellite Award en Screen Actors Guild Award foar bêste aktrise, wylst Joaquin Phoenix de Golden Globe foar bêste akteur binnenhelle foar syn fertolking fan 'e rol fan Johnny Cash.

De film set útein mei in ramtferhaal. Yn 1968 wachtet in entûsjast publyk fan finzenen yn 'e Steatsfinzenis Folsom yn Kalifornje ûngeduldich op 'e opkomst op it poadium fan 'e ferneamde countrysjonger Johnny Cash. Underwilens sit Cash yn 'e romte efter it tydlike poadium, dat it wurkplak fan it tichthûs is. Dêr wurdt er ôflaat troch in tafelseage, dy't syn prakkesaasjes werombringt nei syn bernetiid.

Yn 1944 groeit in tolvejierrige Johnny op yn earmoedige omstannichheden op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Arkansas, by it doarp Dyess. Syn âldere broer Jack, mei wa't er twa jier skeelt, is syn bêste freon. Harren âldelju Ray en Carrie hawwe in lytse katoenplantaazje dêr't de húshâlding him mar kwealk mei bedrippe kin, temear om't Ray, dy't syn wiif en bern dan wol net fysyk, mar wol deeglik geastlik mishannelet, in grut part fan it ynkommen dertroch bringt mei drinken. Johnny, dy't op dy leeftyd bekendstiet as J.R., is tige muzikaal oanlein, in eigenskip dy't er fan syn mem hat. Syn heit hat lykwols hielendal neat mei muzyk en besiket him ôf te learen wat er as flauwe kul sjocht, om't er him neffens Ray better talizze kin op hurd bodzjen. Johnny grypt lykwols eltse kâns dy't er kriget oan om nei country- en gospelmuzyk op 'e radio te harkjen. Hy is benammen in grut fan fan Mother Maybelle and the Carter Sisters, in groep besteande út Maybelle Carter en har dochters Helen, Anita en de tsienjierrige June.

Op in dei, as Ray Cash wer ris yn 'e kroech sit te drinken, nimt Jack in putsje oan op in houtseagerij om wat by te fertsjinjen troch in lading tmmerhout troch in tafelseage te heljen. It is de bedoeling dat Johnny him helpe sil, mar dy ferfeelt him dêr sà, dat Jack him fuortstjoert om te angelfiskjen, en ûnthjit dat er by him komme sil sadree't er it seachwurk klear hat. Dat, Johnny giet sûnder euvelmoed te fiskjen, mar Jack komt net opdaagjen. Uteinlik, as er op hûs oan giet, komt er syn lulke heit Ray tsjin, dy't om him siket. Johnny wurdt meinommen nei it pleatslike sikehûs, dêr't Jack nei in needlottich ûngemak mei de tafelseage yn it stjerren leit. Ray jout Johnny de skuld fan Jack syn dea en byt him ta dat de duvel him "de ferkearde soan ôfnommen" hat.

Seis jier letter, yn 1950, ferlit Johnny mei achttjin jier foar it earst syn âldershûs om yn militêre tsjinst te gean. Hy komt by de Amerikaanske Loftmacht te tsjinjen en wurdt op in fleanbasis yn Landsberg am Lech stasjonearre, yn West-Dútslân. Hy hat it dêr tige min nei it sin. Yn 1952 skaft er syn earste gitaar oan en begjint er, om soelaas te finen, yn syn frije tiid ferskes te skriuwen, wêrûnder Folsom Prison Blues. Nei't er yn 1954 út 'e tsjinst komt, keart Johnny werom nei de Feriene Steaten, dêr't er mei syn freondinne Vivian Liberto trout. It jonge pear set him nei wenjen yn Memphis (Tennessee), dêr't Johnny in baan oannimt as (ûnsúksesfol) kolporteur. Yn syn frije tiid spilet er gospelmuzyk mei twa freonen, de monteurs Luther Perkins en Marshall Grant. Al rillegau krije hy en Vivian in lyts famke en net folle letter is der in twadde bern op kommendeweis.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Fanwegen syn wurk komt Johnny oeral yn Memphis, en sadwaande wit er fan it bestean ôf fan in opnamestudio, dêr't aspirearjende muzikanten tsjin betelling in grammofoanplaatsje opnimme litte kinne. As Vivian him ûnder de noas wriuwt dat er net genôch fertsjinnet om 'e hier foar harren behindige appartemintsje op te bringen en dat der in útsettingsbefel tsjin harren útfurdige is, beslút Johnny einlings en te'n lêsten de grutte sprong te weagjen. Hy set mei Luther en Marshall nei de opnamestudio ta, dêr't er de útbater, muzykprodusint Sam Phillips, dy't ek eigner is fan platemaatskippij Sun Records, wit te bepraten om harren daliks audysje dwaan te litten. De gospelmuzyk dêr't se mei oankomme, fynt Phillips mar neat, dat hy jout Johnny te ferstean dat er opsokkebalje moat as er neat betters wit. Ut klearebare wanhope sjongt Johnny dan Folsom Prison Blues. Dat is in liet dêr't Phillips wol belangstelling foar hat, dat Johnny en syn maten krije in platekontrakt.

It earste liet dat fan harren útbrocht wurdt, Cry! Cry! Cry!, wurdt in grutte hit, dat net folle letter geane Johnny-en-dy op toernee as Johnny Cash en The Tennessee Two (letter Johnny Cash en The Tennessee Three). Se dogge mei oan in jûnfoljend programma mei oare opkommende muzikanten en reizgje fan gefolgen yn in toerkarafaan mei û.o. Elvis Presley, Jerry Lee Lewis en Carl Perkins. Ek June Carter is fan 'e partij, en sadwaande komt Johnny mei har yn 'e kunde. As jonkje dat by de radio omhong, wied er al fereale rekke op har stim, en no't er har yn it echt moetet, is er smoar. Sy hat ek gefoelens foar him, mar hy is troud en sy hat krekt in aaklike skieding efter de rêch, dat as er har op in jûn besiket te tútsjen, wiist se him op mylde wize ôf. Se wurde freonen, mar Johnny langet nei mear. Underwilens rekket Johnny ferslave oan alkohol en troch tadwaan fan Elvis Presley ek oan drugs. Thús kin er eins gjin wurd kwyt oer syn wurk, want Vivian hat neat mei muzyk en wol it oer oare dingen hawwe. Harren houlik wurdt hieltyd ûngelokkiger.

Yn 1962, as er June fjouwer jier net sjoen hat, moetet Johnny har wer by útrikking fan 'e American Music Awards. June har twadde houlik rint dan op syn ein en se hat ferlet fan in ynkommen. Johnny syn stjer is almar fierder riisd, dat hy biedt har oan om mei him op toernee te gean as syn wurknimster. As se dan in pear dagen frij hawwe moat om't ien fan har dochterkes siik is, betellet er har gewoan troch. Dat is in oanbod dat se net ôfslaan kin. Dat June giet mei Johnny en The Tennessee Three op toernee en dat wurdt in grut súkses. Efter de skermen binne der lykwols oanboazjende spannings. Johnny is noch altyd smoarfereale op June, en Vivian, dy't ek net gek is, merkt dat. Se begjint June beskôgjen as de reden foar it feit dat it mei har houlik yn 'e nederklits rekket, en dêr hat se foar in part gelyk oan.

Nei in optreden yn Las Vegas freget Johnny oan June oft se noch eefkes in nachtmûtske nimme sille, en sy nûget him út yn har hotelkeamer. Se reitsje mei-inoar op bêd, mar de oare moarns hat June der spyt fan dat se mei him sliept hat as se opmerkt hoe't Johnny in hantsjefol pillen efteroer slacht. Johnny is der hielendal stikken fan as er neitiid wer ôfwiisd wurdt troch June, dat hy siket ûntwyk yn drank en yn noch folle mear drugs. By it optreden fan dy jûns hâldt en draacht er him nuver en ûnfoarsisber, en úteinlik falt er derhinne op it poadium. June, Luther en Marhsall stopje him op bêd en sizze de rest fan it toernee ôf. Ear't se op hûs oan giet, trochsiket June de hotelkeamer fan Johnny en spielt al syn drugs troch it húske. Dat makket dat Johnny 'twongen' is om yn Meksiko nije drugs te keapjen. As er weromkomt yn 'e Feriene Steaten, wurdt er op 'e lofthaven yn El Paso opwachte troch de pleatslike narkotikabrigade, dy't syn bagaazje trochsiket. De plysje ferwachtet heroïne oan te treffen, mar it blykt allinne om pillen te gean, dêr't Johnny in doktersresept foar produsearje kin. Fan gefolgen ferbliuwt er mar ien nacht yn 'e sel. Underwilens komt June thús, dêr't se it liet Ring of Fire skriuwt om utering te jaan oan har gefoelens oer it feit dat Johnny almar fierder weisakket yn syn ferslaving.

Johnny syn houlik mei Vivian spat útinoar as er thús grutte foto's ophingje wol fan syn optredens, dêr't June prominint op stiet. Nei in heechoprinnende rûzje nimt Vivian de bern mei en lûkt by har âldelju yn. Sy en Johnny skiede, wêrnei't hy yn 1966 nei Nashville ferhuzet, dêr't June ek wennet. Hy keapet in grutte filla yn in bosk oan 'e igge fan in marke by Hendersonville, in foarstêd fan Nashville. Dêr nûget Johnny yn novimber fan dat jier June en har âlden en syn eigen âldelju út foar de fiering fan Thanksgiving. Syn heit Ray kin lykwols mar net ophâlde mei Johnny del te heljen, en nei al dy jierren hat Johnny dêr sa njonkelytsen skjin syn nocht fan. Under ynfloed fan alkohol en drugs siket Johnny ûnder iten de konfrontaasje mei syn heit op, sadat de dei útrint op in bittere famyljerûzje.

Nei't Ray en Carrie ôfset binne, fiteret Maybelle Carter har dochter oan om Johnny te helpen. June antwurdet dat se dêr net oan begjinne kin, mar har mem wiist har derop dat se der jierren lyn al oan begûn is. Dat, June besiket it noch in kear. Se trochsiket it hiele hûs en goait alle drugs en drank fuort. Sy en har âlden lûke tydlik by Johnny yn, en as syn drugsdealer delkomt mei syn gebrûklike levering, jaget Ezra Carter de man fuort ûnder bedriging mei in jachtgewear. Sa wurdt Johnny twongen om ôf te kicken. Neitiid begjinne hy en June foarsichtich oan in relaasje, mar al hoe't er har ek freget en smeekt en biddelet, se slacht syn houliksoansiken ôf.

No't er wer tiid hat foar sokke dingen, ynstee fan dat er de heale dei foar pampus leit fan 'e drank en drugs, ûntdekt Johnny dat in grut diel fan syn fanmail komt fan lju dy't fêstsitte yn finzenissen. Hy stelt foar om op toernee te gean by tichthuzen yn 'e hiele Feriene Steaten lâns, te begjinnen mei de Steatsfinzenis Folsom, dêr't syn liet Folsom Prison Blues oer giet. De platebazen by syn label Columbia Records binne dêr gjin foarstanner fan. Se hâlde út dat it meastepart fan 'e lju dy't de platen fan Johnny keapet, bestiet út fromme kristenen, dy't net wolle dat er moardners en ferkrêfters yn 'e finzenis bliid makket. Johnny antwurdet dat it dan ek gjin kristenen binne en set syn idee troch. Hy beslút sels om in live-album op te nimmen yn Folsom, mei as titel At Folsom Prison.

Werom yn 1968 yn 'e Steatsfinzenis Folsom komt Johnny Cash wer ta himsels fan syn koarte fersinking yn gedachten oer syn eigen libbensskiednis. Hy en June geane it poadium op en hâlde harren earste optreden yn in tichthûs, en it album dat se dêr opnimme wurdt in grut súkses. Se geane op toernee by finzenissen en oare gelegenheden lâns. By in optreden yn London (Ontario) ûnderbrekt Johnny in opfiering fan it duët Jackson troch te sizzen dat er net fierder sjonge kin ear't June taseit om mei him te trouwen. It publyk hâldt de siken yn. June wifket, mar Johnny praat foar de mikrofoan op har yn oant se einlings en te'n lêsten tawurd jout. Se omearmje en tútsje inoar en it publyk barst út yn jûchhei. Troch syn houlik mei June en it feit dat er fan 'e drugs en de drank ôf is, wurdt Johnny in hiele nije minske. Hy is in bettere heit foar syn bern en in goede styfheit foar June harres. Hy leit it skeel mei syn eigen heit Ray by.

Mei teksten dy't foarôfgeande oan 'e ôftiteling yn byld ferskine, wurdt ferteld dat Johnny en June tegearre in soan krigen, John Carter Cash, en inoar 36 jier lang trou bleaune, yn goede en minne tiden. Yn 2003 kaam June mei 73 jier te ferstjerren; fjouwer moanne letter folge Johnny har mei 71 jier yn 'e dea.

Joaquin Phoenix.
Reese Witherspoon.
haadrollen
personaazje              akteur/aktrise
Johnny Cash Joaquin Phoenix
June Carter Reese Witherspoon


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Vivian Cash Ginnifer Goodwin
Ray Cash Robert Patrick
Carrie Rivers Cash Shelby Lynne
Luther Perkins Dan John Miller
Marshall Grant Larry Bagby
Sam Phillips Dallas Roberts
Jerry Lee Lewis Waylon Payne
Elvis Presley Tyler Hilton
Maybelle Carter Sandra Ellis Lafferty
Ezra Carter Dan Beene
de jonge Johnny Cash Ridge Canipe
de jonge Jack Cash Lucas Till
Carlene Carter Victoria Hester
Reba Cash McGhee Monteith
Waylon Jennings Shooter Jennings
W.S. "Fluke" Holland Clay Steakley
Roy Orbison Johnathan Rice
Carl Perkins Johnny Holiday

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De produksje fan 'e film Walk the Line giet úteinlik tebek op in ôflevering fan 'e westernsearje Dr. Quinn, Medicine Woman, út 1993, dêr't Johnny Cash in gastrol yn hie. Hy en syn frou June Carter rekken befreone mei aktrise Jane Seymour, de haadrolspylster fan 'e searje, en har doetiidske man James Keach, dy't de rezjy fierde oer de oanbelangjende ôflevering. Inkele jierren letter frege Cash oan Keach om in film oer syn libben te meitsjen. Yn tarieding dêrfoar hold Keach yn 1997 ferskate fraachpetearen mei Cash en de frou. Gill Dennis skreau op basis dêrfan in senario, dat foar in part ek basearre wie op 'e beide autobiografyen dy't Cash skreaun hie: Man in Black: His Own Story in His Own Words (1975) en Cash: The Autobiography (1997).

Keach gie mei it skript te suteljen by de grutte filmstudio's yn Hollywood lâns, mar dy hiene der gjin ynteresse foar. Twa jier letter, doe't der noch altyd gjin foarútgong boekt wie, behelle Keach regisseur James Mangold yn it projekt, dy't al fan it begjin ôf oan grutte belangstelling toand hie. Mangold en syn frou Cathy Konrad, dy't in yngong hiene by Sony Pictures, ûntwikkelen it senario fierder oant se yn 2001 in skript tochten te hawwen dat ferfilmber wie. Sony betanke derfoar, mar Fox 2000 Pictures, in dochterûndernimming fan 20th Century Fox, hapte ta. Mei Mangold as regisseur en Keach en Konrad as filmprodusinten sette de produksje fan Walk the Line útein. Njonken Fox 2000 Pictures wiene ek Konrad Pictures en Tree Line Film as produksjemaatskippijen by de film belutsen. Walk the Line wie dêrmei in Amerikaansk-Dútske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $28 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Phedon Papamichael, en de filmmuzyk waard fersoarge troch T Bone Burnett.

De opnamen foar Walk the Line fûnen plak yn 2004. Der waard foar it meastepart filme yn Los Angeles en Santa Clarita yn Kalifornje en yn Memphis, Nashville en Covington yn Tennessee. De sêne yn 'e opnamestudio waard filme yn 'e echte Sun Studio yn Memphis, dêr't Johnny Cash yn 1955 syn earste single opnaam. De sêne by it optreden yn London (Ontario), dêr't Cash fan June einlings tawurd kriget, waard opnommen yn The Orpheum yn Memphis. De bûtendoarbylden fan 'e Steatsfinzenis Folsom (eins yn Folsom, yn Kalifornje), waarden filme by de Steatsfinzenis fan Tennessee yn Nashville.

De sênes fan 'e jonkheid fan Johnny Cash waarden ek wier yn 'e neite fan syn iere wenplak Dyess yn Arkansas opnommen. De sênes yn en by syn filla yn Hendersonville (Tennessee) koene dêr net filme wurde om't de wente yn 2007 by in brân ferwoastge wie. Dêrom moast útwykt wurde nei in filla dy't der sterk op liek, yn Hernando (Mississippy). En de sêne yn it kasino yn Las Vegas, dêr't Cash en June foar it earst mei-inoar op bêd slagje, waarden opnommen yn Sam's Town Casino yn Tunica (Mississippy). De haadrolspilers Joaquin Phoenix en Reese Witherspoon songen alle lieten yn 'e film sels sûnder neisyngronisearre te wurden. Se learden ek fan nul ôf muzykynstruminten te bespyljen, yn it gefal fan Phoenix gitaar en foar wat Witherspoon oangie, de autoharp.

De distribúsje fan Walk the Line waard fersoarge troch 20th Century Fox, de memme-ûndernimming fan Fox 2000 Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 4 novimber 2005 op it Filmfestival fan Telluride yn Colorado. De film iepene dêrnei op 18 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 15 novimber 2005 by platemaatskippij Wind-up Records. Walk the Line waard op 28 febrewaris 2006 útbrocht op dvd yn 'e bioskoopferzje fan 136 minuten. Op 25 maart 2008 ferskynde der ek in twaskiifs extended cut fan 'e film op dvd, dy't in spyldoer hie fan 153 minuten. De letter útbrochte blu-ray fan Walk the Line befette yn ferskate Jeropeeske lannen de extended cut, mar yn Noard-Amearika de bioskoopferzje.

Fan 'e filmkritisy krige Walk the Line oer it algemien positive resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times, bygelyks, priizge Reese Witherspoon foar har fertolking fan 'e rol fan June Carter en foarsei dat se dêrmei de Oscar foar bêste aktrise winne soe (wat ek sa betearde). As fan fan Johnny Cash miende er dat it sjongen fan Joaquin Phoenix neisyngronisearre wie mei it stimlûd fan syn idoal, en doe't er út 'e ôftiteling gewaar waard dat Phoenix sels songen hie, wied er ferbjustere. Yn 'e Los Angeles Times skreau Carina Chocano dat Phoenix en Witherspoon "earsteklas wurk dogge: se sjonge […], se bespylje ynstruminten dy't nij foar harren binne, se knetterje fan humor en garisma, en se jouwe safolle seksuele hjittens ôf dat it in merakel is dat se net yn flammen útbarste."

A.O. Scott fan The New York Times hie lykwols problemen mei de aktearprestaasje fan Phoenix, dy't er "it meast oertsjûgjend [fûn] by konserten". Yn oare omstannichheden omskreau er it lykwols as "fertize yn it soarte standert psychologyske twangbuis dêr't Hollywood graach in trûblearre genius yn fêstset". Neffens Richard Corliss, dy't Walk the Line beoardiele foar it tydskrift Time, wie it grutste probleem fan 'e film dat regisseur en senarioskriuwer James Mangold en syn kollega-senarist Gill Dennis "soms it rjochte paad fan 'e ynspirasjonele biografy wat te strang folgje". Guon resinsinten brochten fierders it beswier op 't aljemint dat Walk the Line de lêste 36 jier fan it libben Cash en Carter negearre, en dat datselde gou foar Cash syn kontroversjele maatskiplik-politike opfettings.

Yn Entertainment Weekly skreau Owen Gleiberman dat Witherspoon, "dy't sels ek in aardich deuntsje meisjonge kin, Carter tige ynnimlik makket, in wiere springboarne fan waarmte en blydskip". Mar hy fûn dat sy en Phoenix sa goed oaninoar weage wiene dat de "romantyske tebekhâldendheid" fan Carter net goed út 'e ferve kaam. De Britske filmkritikus Mark Kermode hie dan wer neat oars as lof foar Witherspoon, dy't neffens him yn 'e film in dregere rol hie as Phoenix. Hy skreau: "Har ôfgryslik fleurige optredens op it poadium stykje oan ien wei troch om parody, mar trouwe dêr nea mei."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Walk the Line in heech goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 210 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Geweldich aktearwurk en autentike sjongerij fangt de emosjonele subtiliteiten fan 'e leginde dy't Johnny Cash wie mei in orizjinaliteit dy't in plezier is om nei te sjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Walk the Line in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 39 resinsjes.

Walk the Line brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $119,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $67,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $186,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $28 miljoen betsjut dat in winst fan $158,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2006 waard Walk the Line by de Oscars nominearre foar prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Joaquin Phoenix), bêste filmmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste kostúmûntwerp. Reese Witherspoon wûn foar har fertolking fan 'e rol fan June Carter de Oscar foar bêste aktrise. By de Golden Globes waard de film nominearre yn 3 kategoryen en wûn er eltse gear. It gie om 'e prizen foar bêste film (musical of komeedzje), bêste akteur (Phoenix) en bêste aktrise (Witherspoon).

Walk the Line waard ek nominearre foar 2 Screen Actors Guild Awards, wêrûnder dy foar bêste akteur (Phoenix). De film wûn 'e SAG Award foar bêste aktrise (Witherspoon). Ek wûn de film de Grammy Award foar bêste kompilaasjesoundtrackalbum foar film, tillefyzje of oare media en de Tex Ritter Film Award fan 'e Academy of Country Music Awards. Ridge Canipe, dy't yn 'e sênesekwinsje út 1944 de tolvejierrige Johnny Cash spile, wûn mei dat optreden de Young Artist Award foar bêste byrol fan in jonge akteur.

By de Satellite Awards waard Walk the Line nominearre foar prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste akteur (Phoenix) en bêste adaptearre senario. De film wûn 2 prizen, foar bêste film (musical of komeedzje) en bêste aktrise (Witherspoon). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Walk the Line nominearre yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Phoenix) en bêste filmmuzyk. De film wûn de BAFTA's foar bêste aktrise (Witherspoon) en bêste lûd. Walk the Line waard fierders nominearre foar 4 Critics' Choice Awards, in Empire Award, 2 MTV Movie Awards en 2 Teen Choice Awards. Dêrfan wûn de film de Critics' Choice Awards foar bêste aktrise (Witherspoon) en bêste soundtrack en de Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in dramafilm (Witherspoon).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.