June Carter
June Carter | ||
sjonger en/of muzikant | ||
June Carter yn 1999. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Valerie June Carter | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 23 juny 1929 | |
berteplak | Maces Spring (Firginia) | |
stoarn | 15 maaie 2003 | |
stjerplak | Nashville (Tennessee) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
sjenre | country, bluegrass, folksmuzyk, americana, gospel, rockabilly, countryfolksmuzyk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | stim, autoharp, gitaar, banjo, piano, mûlharmoanika | |
grutste hit(s) | Jackson If I Were a Carpenter | |
jierren aktyf | 1939 – 2003 | |
prizen | 5 × Grammy Award | |
offisjele webside | ||
www.junecartercash.com |
June Carter, fan 1968 ôf ek bekend as June Carter Cash, (berne as: Valerie June Carter; Maces Spring (Firginia), 23 juny 1929 – Nashville, 15 maaie 2003) wie in Amerikaansk sjongster, muzikante, lietsjeskriuwster en dûnseresse. Hja song country, folksmuzyk, gospel, americana en rockabilly en kaam út in tige muzikaal laach. Mei tsien jier trede se al op as lid fan 'e Carter Family. Carter krige bredere bekendheid troch har houlik mei countryleginde Johnny Cash. Ferskaten fan har grutste hits, lykas Jackson en If I Were a Carpenter, wiene duëtten mei him. Carter spile autoharp, gitaar, banjo, mûlharmoanika en piano en aktearre yn ferskate films en tillefyzjesearjes. Se wûn fiif Grammy Awards en waard yn 2009 ynhuldige as lid fan 'e Christian Music Hall of Fame.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en iere jierren as sjongster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]June Carter waard yn 1929 berne yn Maces Spring, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, as de dochter fan Ezra Carter, byneamd Eck, en dy syn frou Maybelle Addington. Hja wie de jongste fan trije famkes; de âldste wie Helen en de middelste wie Anita. Ezra en Maybelle wiene country- en folksmuzykartysten, en Carter begûn al yn 1939 mei har beide susters op te treden yn in ûnderstypjende rol by foarstellings fan har mem en har omke en muoike A.P. Carter en Sara Carter, dy't doe it trio de Carter Family foarmen. Yn maart 1943 foel it trio útinoar troch de skieding fan A.P. en Sara. Dêrnei begûn Maybelle, dêrta oanfitere troch Ezra, mei har trije dochters op te treden as Mother Maybelle and the Carter Sisters.
It earste optreden fan 'e nije groep wie yn 'e studio fan it radiostasjon WRNL yn Richmond (Firginia) op 1 juny 1943, doe't Carter fjirtjin jier wie. Ein 1945 krige de groep fersterking fan The Virginia Boys, besteande út Doc Addington en Carl McConnell, Maybelle har broer resp. neef. Tsjin dy tiid presintearre de doe sechtsjinjierrige Carter de optredens yn 'e mande mei Ken Allyn. Op 'e radio fersoarge hja live reklamespotsjes foar û.o. moalprodusint Red Star Flour en warehûs Thalhimers Department Store. De folgjende jierren diene Mother Maybelle and the Carter Sisters, ûnderstipe troch The Virginia Boys, optredens yn Firginia, Marylân, Delaware en Pennsylvania, mar allegearre binnen riidôfstân fan Richmond, wylst Carter en har susters oan 'e John Marshall High School de middelbere skoalle trochrûnen.
De algemiene konsensus wie dat fan 'e trije susters Anita de bêste sjongstim hie. Carter sei letter dat sy folle mear wurk hie fan it sjongen en de muzyk as har susters, mar sy ûntjoech har eigen talint: komeedzje. Yn syn autobiografy skreau Carl McConnell dat June Carter in berne komyk wie. In hichtepunt fan 'e optredens fan Mother Maybelle and the Carter Sisters wie altyd Carter har komeedzjerûtine mei it typke Aunt Polly ("Polly-muoi"). Nei't The Virginia Boys yn 1946 opholden, ferhuzen Maybelle en de susters fan WRNL nei in oar radiostasjon yn Richmond, WRVA, dêr't se in skoft lang fêste dielnimmers wiene oan it radioprogramma Old Dominion Barn Dance fan Sunshine Sue Workman. Noch wer letter joegen se har by it radiostasjon WNOX yn Knoxville (Tennessee). Dêr kamen se yn 'e kunde mei gitarist Chet Atkins, dy't harren wichtichste begelieder waard.
Yn 1949 wennen de Carters yn Springfield (Missoery), dêr't se geregeldwei optreden by it radiostasjon KWTO. Eck Carter, dy't behalven de man fan Maybelle en de heit fan 'e trije susters ek de manager fan 'e band wie, sloech withoefolle kearen in oanbod ôf fan 'e Grand Ole Opry yn Nashville (Tennessee), dat it wrâldsintrum fan 'e countrymuzyk is, om 'e famylje nei Nashville te ferhúzjen. It striidpunt wie de status fan Chet Atkins, dy't de Grand Ole Opry net op it poadium hawwe woe, wylst de Carters wegeren om sûnder him op te treden. Atkins wie nammentlik sa'n goede gitarist dat de eigen muzikanten fan 'e Grand Ole Opry bang wiene om troch him ferfongen te wurden. Uteinlik joech de lieding fan 'e Opry yn 1950 belies en waarden de Carters, Atkins ynbegrepen, diel fan it Grand Ole Opry-selskip. Yn Nashville rekken Carter en har susters befreone mei û.o. countrysjonger Hank Williams en ek mei Elvis Presley, dy't yn 'e fierte noch famylje fan harren wie. Yn 'e kûlissen mette Carter yn 1955 ek foar it earst de doe krekt begjinnende sjonger Johnny Cash. Op him rekke se al rillegau fereale en hy op har, mar om't se allebeide troud wiene, koe it ynearsten tusken harren neat wurde.
Earste beide houliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]June Carter troude op 9 july 1952 mei countrysjonger Carl Smith. Mei him krige se in dochter, Rebecca Carlene Smith, berne op 26 septimber 1955, dy't letter as countrysjongster bekendheid krige ûnder de artystenamme Carlene Carter. It houlik mei Smith rûn lykwols al yn 1956 út op in skieding. In foech jier letter, op 11 novimber 1957, wertroude Carter mei Edwin "Rip" Nix, in eardere spiler fan Amerikaansk fuotbal dy't op dat stuit plysjeman en autokoereur wie. Mei him krige se ek in dochter, Rosie Nix, berne op 13 july 1958, dy't letter as countrysjongster bekend waard ûnder har troude namme Rosie Nix Adams. It houlik fan Carter mei Nix einige yn 1966 yn in skieding.
Sjongkarriêre en houlik mei Johnny Cash
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As sjongster hie Carter tagelyk in solokarriêre en in mienskiplike karriêre as sjonggroep mei har susters en mem. As solo-artyst hie se yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren in beskate mjitte fan súkses mei fleurige countryferskes lykas Jukebox Blues, en mei de komyske hit No Swallerin’ Place. Mei har susters Helen en Anita, en mei út en troch harren mem Maybelle en muoike Sara as fersterking, begûn se yn 'e 1960-er jierren de namme Carter Family wer te brûken. Yn dyselde snuorje skreau Carter mei Merle Kilgore it liet Ring of Fire, oer har gefoelens yn ferbân mei de drugsferslaving fan har grutte leafde Johnny Cash. Se bea it ferske oan har suster Anita oan, dy't de earste wie dy't it opnaam. Yn 1963 hie Cash der sels ien fan syn grutste hits mei. Cash syn earste frou Vivian skreau letter yn har autobiografy I Walked the Line lykwols dat Cash har yn 1963 ferteld hie dat hy dejinge wie dy't Ring of Fire mei Kilgore skreaun hie. Hy soe it ferske heal op Carter har namme set hawwe om't "sy it jild wol brûke kin. En ik mei har graach lije."
Fan 1961 ôf trede Carter geregeldwei mei Cash op en út en troch die de hiele Carter Family oan syn oprtredens mei. Carter en Cash hiene grut súkses mei ferskate duëtten. It earste dêrfan wie It Ain't Me, Babe, in komposysje fan Bob Dylan, dy't yn 1964 útbrocht waard op Cash syn album Orange Blossom Special. Yn 1967 hiene se in reuseftige hit mei Jackson, wêrnei't se datselde jiers tegearre in album opnamen, Carryin’ On with Johnny Cash and June Carter. Nei't yn 1966 sawol it twadde houlik fan Carter as it earste houlik fan Cash op 'e klippen rûn wie, holpen Carter en har âldelju Maybelle en Eck yn 1967 Cash om fan syn drugsferslaving ôf te kommen. By in optreden yn London, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, op 22 febrewaris 1968, die Cash op it poadium in houliksoansiik oan Carter. Se joech him tawurd en it pear troude in wike letter, op 1 maart, yn Franklin (Kentucky). Dat wie trettjin jier nei't se foar it earst mei-inoar yn 'e kunde kommen wiene yn 'e Grand Ole Opry. Carter waard troch it houlik styfmem fan Cash syn dochters Rosanne, Kathy, Cindy en Tara. Mei Cash krige se in soan, John Carter Cash, berne op 3 maart 1970.
Ek nei harren houlik wurke Carter hiel geregeldwei beropsmjittich gear mei Cash. Foar syn tillefyzjeprogramma The Johnny Cash Show, dy't fan 1969 oant 1971 útstjoerd waard op it tillefyzjenetwurk ABC, naam se ferskate duëtten mei him op. Ek los dêrfan wurke oan hast alle ôfleverings fan dat programma mei, en dat wie net oars mei Cash syn krystspecials, dy't er fan 1976 oant en mei 1985 elts jier makke foar it tillefyzjenetwurk CBS. Nei Carryin’ On with Johnny Cash and June Carter namen Carter en Cash yn 1973 noch in album as duo op, dat Johnny Cash and His Woman kaam te hjitten. Mei har dochters wie se ek as gaststjer te hearren op Cash syn album The Junkie and the Juicehead, Minus Me, út 1974.
Hoewol't se meisong op in protte opnamen en twa albums mei Cash útbrocht, ferskynden der allinne fan June Carter mar trije solo-albums. It earste, Appalachian Pride, waard útbrocht yn 1975; it twadde, Press On, yn 1999; en it trêde Wildwood Flower, dat produsearre waard troch har soan John Carter Cash, ferskynde postúm nei har ferstjerren yn 2003. Press On waard bekroane mei in Grammy Award, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan muzyk; Wildwood Flower wûn twa Grammys. Appalachian Pride is de iennichste fan 'e trije albums dêr't Johnny Cash hielendal net oan bydroech, wylst Press On opmerklik is om't Carter dêrop har oarspronklike arranzjemint foar Ring of Fire sjongt. In lettere release fan har wurk kaam yn 2014 yn 'e foarm fan eftergrûnsang op it album Out Among the Stars, dat postúm fan Cash útbrocht waard.
Aktearjen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken har karriêre as sjongster die June Carter ek oan aktearjen. De ferneamde Hollywood-regisseur Elia Kazan wenne yn 1955 in optreden fan harres by yn 'e Grand Ole Opry yn Nashville, en werkende yn har safolle talint dat er har nei de show oanfitere om in aktearoplieding te folgjen. Sadwaande sette Carter nei New York, dêr't se foar aktrise learde oan 'e Neighborhood Playhouse School of the Theatre fan Lee Strasberg en Sanford Meisner. Se hie yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren gastroltsjes yn 'e westernsearjes Gunsmoke en The Adventures of Jim Bowie. Yn 1973 fertolke se de rol fan Marije Magdalena yn 'e bibelske film Gospel Road: A Story of Jesus, dêr't Cash ien fan 'e beide senarioskriuwers fan wie en ek de voice-over foar die.
Carter hie yn 1976 mei har man in gastrol yn in ôflevering fan 'e westernsearje Little House on the Prairie en, ek mei har man, in weromkearende rol yn inkele ôfleverings fan 'e westernsearje Dr. Quinn, Medicine Woman, út 'e 1990-er jierren. Ek yn ferskate tillefyzjefilms wie Carter oan 'e side fan Cash te sjen; sa hie se de rol fan mem James yn 'e biografyske western The Last Days of Frank and Jesse James (1986), wêryn't Cash de rol fan Frank James fertolke. Yn 'e tillefyzjefilm Murder in Coweta County, oer de wier barde moardsaak fan gernier Wilson Turner troch de rike grutgrûnbesitter John Wallace yn Georgia yn april 1948, spile Carter de rol fan froedfrou en sjenneresse Mayhayley Lancaster, wylst Cash te sjen wie as de fêsthâldende sheriff Lamar Potts. Fierders spile Carter yn 1997 de rol fan mem Dewey yn 'e film The Apostle, fan akteur/regisseur Robert Duvall, mei wa't se goed befreone wie.
Oar beuzichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Carter skreau yn 1979 in autobiografy, mei as titel Among My Klediments. Hast tsien jier letter ferskynde in twadde autobiografy, dy't From the Heart hiet.
Carter wie in langjierrich stiper fan it goede doel SOS Children's Villages. Sa finansierde hja mei har man yn 1974 troch in skinking fan $12.000 (korrizjearre foar ynflaasje $75.000 yn 2022) de bou fan in "bernedoarp" (eins in weeshûskompleks) foar de opfang fan bern yn 'e neite fan harren fakânsjehûs yn 'e omkriten fan Montego Bay op Jamaika. Neitiid besochten se geregeldwei it bernedoarp, dêr't se foar de bern gitaarspilen en songen.
Carter hie in tige grutte freonerûnte, dêr't oare countrysjongsters as Patsy Cline en Loretta Lynn diel fan útmakken, en countrysjongers as Willie Nelson en Kris Kristofferson, mar ek muzikanten út oare sjenres, lykas Roy Orbison en Elvis Presley. Hja wie fierders goed befreone mei akteur Robert Duvall. Ek de Amerikaanske presidint Jimmy Carter, dy't in fiere efterneef fan har wie, en syn frou Rosalynn, wiene Carter en har man tige goed mei befreone.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan 'e lêste putsjes fan Carter wie in rol sûnder sang of dialooch yn 'e fideoclip fan it nûmer Hurt, fan har man Johnny Cash, yn 2003. Dy waard mar inkele moannen foar har dea opnommen. Har lêste ferskining yn it iepenbier fûn plak op 7 april 2003, doe't se by de útrikking fan 'e CMT Flameworthy Music Video Awards op it tillefyzjekanaal CMT in priis yn ûntfangst naam foar har man, dy't op dat stuit te siik wie om fan hûs.
June Carter kaam op 15 maaie 2003, yn 'e âlderdom fan 73 jier, te ferstjerren yn in sikehûs yn Nashville, oan komplikaasjes nei in operaasje om ien fan har hertkleppen te ferfangen. By har dea waard hja omjûn troch har famylje. Op har begraffenis sei har styfdochter Rosanne Cash oer har: "As 'it wiif fan'-wêzen in grut bedriuw west hie, dan hie June de algemien direktrise west. It wie wat se it leafst dwaan mocht." Johnny Cash, dy't nei't syn frou him ûntfallen wie, sei dat er no inkeld noch foar syn muzyk libbe, kaam fjouwer moanne letter te ferstjerren, op 12 septimber, oan komplikaasjes by sûkersykte. Carter har jongste dochter, de doe 45-jierrige Rosie Nix Adams, rekke wer in moanne letter, op 24 oktober, dea oan koalmonoksidefergiftiging. Alle trije waarden begroeven yn 'e Hendersonville Memory Gardens, yn 'e neite fan 'e wente fan Carter en Cash yn Hendersonville (Tennessee), in foarstêd fan Nashville.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]útbrocht | titel | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|
1967 | Carryin’ On with Johnny Cash and June Carter (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. |
1973 | Johnny Cash and His Woman (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. |
1975 | Appalachian Pride | n.f.t. | n.f.t. |
1978 | Johnny & June (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. |
1999 | Press On | Grammy Award foar bêste tradisjonele folksmuzykalbum | n.f.t. |
It's All in the Family (mei de Carter Family) |
n.f.t. | n.f.t. | |
2000 | Return to the Promised Land (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. |
2003 | Wildwood Flower | Grammy Award foar bêste tradisjonele folksmuzykalbum | n.f.t. |
Louisiana Hayride (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. | |
2014 | Out Among the Stars (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | (sulver) (goud) |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]útbrocht | titel | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|
2005 | Keep on the Sunny Side: June Carter Cash – Her Life in Music | n.f.t. | n.f.t. |
Church in the Wildwood: A Treasury of Appalachian Gospel | n.f.t. | n.f.t. | |
Ring of Fire: The Best of June Carter Cash | n.f.t. | n.f.t. | |
2006 | Early June | n.f.t. | n.f.t. |
16 Biggest Hits: Johnny Cash & June Carter Cash (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. | |
June Carter and Johnny Cash: Duets (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. |
Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eigen singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | titel | prizen en nominaasjes | resultaat | album |
---|---|---|---|---|
1949 | Grandma Told Me So | n.f.t. | n.f.t. | net op album útbrocht |
1950 | Root Hog, or Die | n.f.t. | n.f.t. | |
Bashful Rascal | n.f.t. | n.f.t. | ||
1951 | Thing | n.f.t. | n.f.t. | |
Mommie's Real Peculiar | n.f.t. | n.f.t. | ||
1953 | No Swallerin’ Place | n.f.t. | n.f.t. | |
You Flopped When You Got Me Home | n.f.t. | n.f.t. | ||
1954 | Tennessee Mambo, Left Over Mambo | n.f.t. | n.f.t. | |
1955 | He Don't Love Me Anymore | n.f.t. | n.f.t. | |
1956 | Strange, Strange Woman | n.f.t. | n.f.t. | |
Baby, I Tried | n.f.t. | n.f.t. | ||
1961 | Heel | n.f.t. | n.f.t. | |
1962 | Mama Teach Me | n.f.t. | n.f.t. | |
Overalls and Dungarees | n.f.t. | n.f.t. | ||
1963 | It Pitched My Tent (On the Old Camping Ground) | n.f.t. | n.f.t. | |
1964 | Tall Lover Man | n.f.t. | n.f.t. | |
Go Away, Stranger | n.f.t. | n.f.t. | ||
It Ain't Me, Babe (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. | Orange Blossom Special | |
1965 | Everything Ain't Been Said | n.f.t. | n.f.t. | net op album útbrocht |
1967 | Jackson (mei Johnny Cash) |
Grammy Award foar bêste countrysang (duët, trio of groep) | n.f.t. | Carryin’ On with Johnny Cash and June Carter |
Long-Legged Guitar Pickin’ Man (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. | ||
1969 | If I Were a Carpenter (mei Johnny Cash) |
Grammy Award foar bêste countrysang (duët, trio of groep) | n.f.t. | Hello, I'm Johnny Cash |
1971 | A Good Man | n.f.t. | n.f.t. | net op album útbrocht |
No Need to Worry (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. | International Superstar | |
1972 | The Loving Gift (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. | Any Old Wind That Blows |
If I Had a Hammer (mei Johnny Cash) |
nom. Grammy Award foar bêste countrysang (duët, trio of groep) | n.f.t. | ||
1973 | Follow Me | n.f.t. | n.f.t. | The Gospel Road |
Allegheny (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. | Johnny Cash and His Woman | |
1975 | The Shadow of a Lady | n.f.t. | n.f.t. | Appalachian Pride |
1976 | Old Time Feeling (mei Johnny Cash) |
n.f.t. | n.f.t. | Greatest Hits, Vol. 3 |
2003 | Keep on the Sunny Side | Grammy Award foar bêste countrysang (frou) | n.f.t. | Wildwood Flower |
Gastsingles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | titel | prizen en nominaasjes | resultaat | album |
---|---|---|---|---|
1949 | Baby, It's Cold Outside (mei Homer and Jethro) | n.f.t. | n.f.t. | net útbrocht op album |
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1957 | Gunsmoke | Clarise | gastrol; ôfl. The Man Who Would Be Marshal |
1957 | The Adventures of Jim Bowie | Rachel McCullers | gastrol; ôfl. The Pearls of Talimeco en Country Girl |
1969–1970 | The Johnny Cash Show | harsels | as artyste; fêste meiwurking |
1970 | NET Playhouse | ûnbekend | gastrol; ôfl. House of Tears |
1976 | Little House on the Prairie | Mattie Hodgekiss | gastrol; ôfl. The Collection |
1976 | Johnny Cash and Friends | harsels | gastoptreden |
1978 | Thaddeus Rose and Eddie | Crystal | tillefyzjefilm |
1983 | Murder in Coweta County | Mayhayley Lancaster | tillefyzjefilm |
1984 | The Baron and the Kid | Dee Dee Stanley | tillefyzjefilm |
1986 | The Last Days of Frank and Jesse James | mem James | tillefyzjefilm |
1986 | Stagecoach | frou Pickett | tillefyzjefilm |
1993–1997 | Dr. Quinn, Medicine Woman | suster Ruth | weromkearende rol; 3 ôfl. |
films | |||
1958 | Country Music Holiday | Marietta | |
1973 | Gospel Road: A Story of Jesus | Marije Magdalena | |
1997 | The Apostle | frou Dewey sr. | |
1998 | All My Friends Are Cowboys | June |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan June Carter Cash
- (in) June Carter Cash yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Walk the Line, in biografyske film oer (de earste helte fan) it libben fan Johnny Cash. Aktrise Reese Witherspoon wûn mei har fertolking fan 'e rol fan June Carter de Oscar foar bêste aktrise.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk sjonger
- Amerikaansk lietsjeskriuwer
- Amerikaansk dûnser
- Amerikaansk muzikant
- Amerikaansk gitarist
- Amerikaansk autoharpist
- Amerikaansk banjoïst
- Amerikaansk pianist
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk country-artyst
- Amerikaansk folksmuzykartyst
- Amerikaansk rockabilly-artyst
- Amerikaansk gospelartyst
- Americana-artyst
- Amerikaansk autobiograaf
- Persoan dy't omkommen is troch komplikaasjes by in operaasje
- Persoan berne yn 1929
- Persoan stoarn yn 2003
- Johnny Cash